[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wetsprekker

Ut Wikipedy
Thorgeir de Wetsprekker lit yn 'e Sweedske folksgearkomste te Gamla Uppsala, yn 1018, syn macht blike troch kening Olaf II fan Sweden te twingen en slút frede mei kening Olaf II fan Noarwegen.
Yllustraasje troch C. Krogh.

De wetsprekker wie in unike gerjochtlike funksje yn it Skandinaavje fan 'e Midsiuwen. Dy fûn syn grûnslach yn in mienskiplike Germaanske foarm fan mûnlinge oerlevering, dêr't wize manlju by frege waard om 'e wet op te sizzen. Mar inkeld yn Skandinaavje ûntjoech dat ferskynsel him ta in formeel amt. De beide bekendste wetsprekkers wiene de Iislânske histoarikus en skald Snorri Sturluson en Thorgeir de Wetsprekker, dy't yn 1018 yn Sweden sa machtich wie dat er kening Olaf II fan Sweden twinge koe om net allinnich frede te sluten mei syn fijân, Olaf II fan Noarwegen, mar ek om dyselde syn dochter ta frou te jaan.

Yn it Sweedsk hjit in wetsprekker in lagman, fan it Aldsweedske laghmaþer of laghman, dêr't ek it Finske laamanni fan ôflaat is. Yn Noarsk wie in wetsprekker in lagmann, yn it Deensk in lagmand, yn it Iislânsk in lögmaður of lögsögumaður en yn it Fêreusk in løgmaður. Alle foarmen betsjutte letterlik: "wetman". In ferlykbere funksje yn 'e Fryske skiednis wie de asega.

Yn Sweden hie eltse tradisjonele provinsje oarspronklik in eigen wetsprekker, dy't oansteld waard troch de (manlike) boargers fan sa'n krite. Nei't de seleksje fan wetsprekkers yn 'e sechstjinde iuw in privileezje fan 'e kening wurden wie, waarden inkeld noch eallju yn dy funksje oansteld, wat sa bleau oant 1723. Tsjin dy tiid wie it amt fan wetsprekker yn Sweden frijwol synonym wurden mei dat fan rjochter. Yn 1849 waard it hielendal ôfskaft, hoewol't de oantsjutting yn gebrûk bleau as earetitel foar provinsjale gûverneurs. Yn 1947 waard de term 'wetsprekker' (lagman, mt.: lagmän) op 'e nij ynfierd foar presidinten fan gerjochtshôven. Sûnt de Sweedske rjochtsherfoarming fan 1969 binne de foarsitters fan kantongerjochten lagmän, wylst de presidinten fan gerjochtshôven hovrättslagmän ("gerjochtshôfwetsprekkers") hjitte.

Yn Finlân, dat oant 1809 in yntegraal diel fan Sweden foarme, wie it oant dy tiid krekt-en-gelyk. Nei't it lân ûnder de Napoleontyske Oarloggen oergien wie yn Russyske hannen, waard de funksje fan wetsprekker yn 1868 ôfkaft. Yn 1993 waarden it Finske laamanni en it Sweedske lagman (it Sweedsk is in offisjele taal yn Finlân) op 'e nij ynfierd as titel foar de foarsitters fan kantongerjochten en gerjochtshôven.

Yn Noarwegen wiene wetsprekkers selsstannige riedslju dy't kundich wiene op it mêd fan 'e wet, oant kening Sverre I de funksje oan 'e ein fan 'e tolfde iuw omfoarme ta in amt dêr't de kening sels gadingmakkers foar útsocht. Yn 'e wetten dy't Magnus VI yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw ynfierde, krigen wetsprekkers de rjochten fan rjochters. Oant 1600 kamen yn Noarwegen alle wetsprekkers út 'e adel, en ornaris waarden se yn ruil foar de útoefening fan harren funksje troch de kening beliend mei lânerijen. De histoaryske foarm fan 'e wetsprekker waard yn Noarwegen yn 1797 ôfskaft, mar de namme waard yn 1887 op 'e nij ynfierd tagelyk mei de yntroduksje fan 'e sjueryrjochtspraak.

Yn Iislân waard it amt fan wetsprekker (yn it Aldiislânsk lǫgsǫgumaðr; modern Iislânske stavering: lögsögumaður) foar it earst ynfierd yn 930, doe't it Iislânske parlemint, it Alþing, oprjochte waard. De earste Iislânske wetsprekker wie Úlfljótr, dy't it amt staljoech en ek eigenhandich de hiele Iislânske wetjouwing gearstald hawwe soe. De wetsprekker wie de foarsitter fan it Alþing en waard keazen foar in termyn fan trije jier. Behalven oarder te hâlden op sittings fan it parlemint, wiene syn plichten beheind ta riejaan en it opsizzen fan 'e wetten. Dat opsizzen waard dien op it Alþing, dat inkeld simmerdeis gearkaam. Eltse simmer waard dêr in trêdepart fan 'e Iislânske wetten opsein, sadat eltse wetsprekker alle wetten ien kear opsizze moast, as er syn termyn fan trije jier útsiet. Guon diene dat net, soms troch sykte en/of ferstjerren, en soms omdat se ynkompetint wiene. Grímr Svertingsson waard ôfset doe't bliken die dat syn stim te swak wie om him by it opsizzen fan 'e wetten fersteanber te meitsjen.

Los fan syn funksje as wetopsizzer en foarsitter fan it Alþing hie de wetsprekker op Iislân formeel gjin macht. Lykwols waard er geregeldwei frege om as skiedsrjochter te fungearjen by skelen. Doe't Iislân yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw almar mear ûnder ynfloed fan Noarwegen kaam te stean, rekke de funksje fan lǫgsǫgumaðr stadichoan yn it neigean, en nei de formele Uny mei Noarwegen, yn 1264, waard it oarspronklike amt fan wetsprekker op Iislân ferfongen troch de lǫgmaðr (moderne stavering: lögmaður). Der kamen doe twa wetsprekkers op it eilân, dy't troch de kening fan Noarwegen (en letter de kening fan Denemark) oansteld waarden, oant it amt yn 1800 tagelyk mei it Alþing opheft waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.