[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Virginia Woolf

Ut Wikipedy
Virginia Woolf yn 1927

Virginia Woolf, berne as Adeline Virginia Stephen (Londen, 25 jannewaris 1882Lewes (Susseks), 28 maart 1941) wie in Britske skriuwster en feministe. Tusken de Earste en de Twadde Wrâldkriich wie Woolf in wichtich persoan yn it literêre fermidden fan Londen. Sy wie lid fan de Bloomsburygroep.

Woolf wurdt beskôge as ien fan de grutste en meast fernijende Ingelske skriuwers fan de 20e iuw. Sy eksperimintearre yn har wurk mei de stream of consciousness-technyk; de ferskûle psychologyske en emoasjonele motiven fan har karakters; en de ferskate mooglikheden fan in tebroazele fertelstruktuer en gronology.

By har meast ferneamde wurk binne de romans Mrs Dalloway (1925), To the Lighthouse (1927) en Orlando: A Biography (1928), en ek it mânske essee A Room of One's Own (1929), mei dêryn it ferneamde sizzen: 'In frou moat sels jild en wenromte hawwe at sy fiksje skriuwe sil'.

  • Orlando: A Biography (1928)
  • Flush (1933)
  • Ezeltje West. Alle brieven aan Vita Sackville-West. Twa dielen, útjouwerij IJzer
  • The Common Reader (1925)
  • A Room of One's Own (1929)
  • The Second Common Reader (1933)
  • Three Guineas (1938)
  • Roger Fry: A Biography (1940)
  • The Death of the Moth and Other Essays (1942)
  • The Moment and Other Essays (1948)
  • Moments of Being
  • Modern Fiction (1919)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Virginia Woolf fan Wikimedia Commons.