[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Umberto Nobile

Ut Wikipedy
Umberto Nobile (1926)
N1 Norge

Umberto Nobile (21 jannewaris 1885, Lauro - 30 july 1978, Rome) wie in Italiaanske fleantúchyngenieur. Nobile is bekend fanwege it feit dat hy tegearre mei Roald Amundsen de earste wie dy't troch de loft de Noardpoal berikte, mar benammen ek fanwege de troch him boude loftskippen.

De ferneamde tocht mei Amundsen nei de Noardpoal fûn plak yn 1926, tegearre mei harren Amerikaanske sponser Lincoln Ellsworth. Op 11 maaie fleagen se mei it loftskip Norge, in ûntwerp fan Nobile, fan Spitsbergen rjochting de poal. Op de noardpoal goaiden se flaggen út fan de trije naasjes, en se gongen doe fierder mei it ferkennen fan it ûnbekende gebiet tusken de poal en Alaska. Op 13 maaie kaam it skip oan yn Teller, yn Alaska. De flucht late ta wriuwingen tusken Nobile en Amundsen, omdat se beide it sukses fan de tocht opeasken.

Loftskip Italia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nobile kaam werom nei it noarden mei in oar loftskip, de Italia. De ekspedysje mei dat skip begûn op 22 maaie 1928, mar einige de oare deis yn in kres op it iis. It duorre twa wiken eart de radio-oproppen fan Nobile heart waarden, mar doe laten dy ta de earste poal-rêdingsaksje. Meiïnoar wienen 18 skippen, 22 fleanmasines en sa'n 1.500 man fan 6 lannen belutsen by de rêding fan Nobile.

Op 22 juny fûn in lytse fleanmasine mei mar frije romte foar ien persoan de loftskipbreklingen, en de oerlibbenden fan Nobiles bemanning oertsjûge Nobile dat hy as earste meigean moast. Nobile liet him yndie nei Spitsbergen bringe, om't er tocht dat er syn mannen dêr better helpe koe. Doe't de piloat werom fleach om de rest fan de bemanning te heljen, ferûngelokke dy sels. Earst yn july waard ek de bemanning fan Nobile rêden. Troch syn tiidgenoaten waard Nobile der fan beskuldige syn bemanning yn 'e steek litten te hawwen en hy moast him yn syn fierdere libben tsjin dy beskuldiging ferdigenje.

Al wie der ek wriuwing tusken de twa manlju, ek Amundsen die mei oan de syktocht. Op 18 juny gong er mei it Frânske fleantúch de Latham op 'e syk nei Nobile. Nei in pear oere waard lykwols it kontakt mei de Latham ferlern, en it fleantúch en de bemanning binne nea weromfûn.

It ferhaal fan de sa desastreus ferrûne ekspedysje fan de Italia wie de basis foar de film The Red Tent (De Reade Tinte).

Troch de ramp mei de Italia waard him syn rang fan ginneraal yn it Italiaanske leger ôfnaam. Fan 1931 ôf hâlde Nobile ta yn Ruslân dêr't er ferskate loftskippen ûntwurp. Yn 1936 gong er lykwols werom nei Itaalje dêr't er dosint waard oan de universiteit fan Napels. Yn 1939 gong er nei de Feriene Steaten, dêr't er bleau oant de fal fan Mussolini yn 1943. Dat jier kaam er werom nei Itaalje en krige er syn eardere ranger werom. Fan 1946 ôf siet er yn it Italjaanske parlemint, mar yn 1948 naam er syn wurk oan de universiteit fan Napels wer op. Dêr wenne er oant syn dea yn 1978.