Tyr
Appearance
Tyr, ek Tiwaz, Tiuw, Ty, Tiis of Ziu, wie in Fryske god. Hy wie oarlochsgod en de tiisdei is nei him ferneamd.
By de âlde Friezen wie Tyr earst de haadgod, foardat er fan de troan stjitten waard troch Weda en Tonger. Yn it midsiuwske Skandinaavje is er bekend as Týr, en by guon fan de oare iere Germaanske folken as Tīwaz. Hy wie de god fan rjocht en rjochtfeardigens, en somtiids ek fan oarloch en frede. Hy wie op ’en nausten behelle yn it ding, de âlde Germaanske rjochtsgearkomste. Yn de Nederlânske deinamme "dinsdag", dy’t net besibbe is mei it Fryske tiisdei, fine wy in âlde bynamme fan him dy’t ferwiist nei it ding.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |