[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tresoar

Ut Wikipedy
Foarkante fan Tresoar.

Tresoar is it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, in yn Ljouwert fêstige ynstitút, dat op 1 septimber 2002 oprjochte is.

Tresoar (2018)

Tresoar is ûntstien út trije ynstellings, trije stúdzje- en dokumintaasjesintra dy't elts in kolleksje behearden dy't yn haadsaak bestie út papier en benammen te krijen hie mei de skiednis en kultuer yn Fryslân:

Njonken dy oerienkomsten binne der ek grutte ferskillen, sawol yn kolleksjeopbou as yn dat wat der mei dien wurdt.

Tresoar is ien fan de bibleteken mei in wittenskiplike stipefunksje. As argyf hat it de funksje fan 'Regionaal Histoarysk Sintrum'. Tresoar wurket gear mei de NDC Mediagroep yn de Stichting Digitaal Archief Leeuwarder Courant (SDALC). Sûnt 24 oktober 2007 binne alle jiergongen sûnt 1752 oant no ta fan de Ljouwerter Krante digitalisearre en ta foldwaan yn in online argyf.

Tresoar is festige yn in gebou (Boterhoek 1) út 1966 fan arsjitekt Piet H. Tauber. It is sûnt 2011 in gemeentlik monumint (nr. 224).

Yn it nije ynstitút binne de trije grutte en wichtige kolleksjes dy't yn de haadsaak te meitsjen hawwe mei de letteren en de skiednis fan Fryslân gearfoege.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: