[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Trasyske See

Ut Wikipedy
Trasyske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken it Grykske skiereilân
Atos en it Turkske skier-
eilân Gallipoli yn
lân Grikelân
Turkije
koördinaten 40°22′N 25°10′E
ûnderdiel fan Egeyske See

De Trasyske See (Gryksk: Θρακικό Πέλαγος, Thrakiko Pelagos; Turksk: Trakya Denizi), is it uterste noarden fan 'e Egeyske See. De Trasyske See (neamd nei de âlde lânstreek Traasje) wurdt yn it noarden begrinzge troch de Trasyske kust (sawol fan it Grykske West-Traasje as it Turkske East-Traasje); yn it westen troch de eastkust fan it skiereilân Atos, de meast eastlike fan 'e trije "fingers" fan it gruttere skiereilân Chalkidike; yn it easten troch de westkust fan it (Turkske) skiereilân Gallipoli; en yn it suden troch in tinkbyldige line dy't fan 'e útein fan Gallipoly nei de útein fan Atos rint. De Grykske eilannen Thasos en Samothraki lizze yn 'e Trasyske See, wylst it Turkske eilân Gökçeada (Gryksk: Imbros) oan 'e súdlike râne leit. De grutste havenstêden oan 'e Trasyske See binne Alexandroupolis en Kavala, beide yn Grikelân.