The Allman Brothers Band
The Allman Brothers Band | ||
band | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Southern Rock, Blues | |
bestean | 1969–1976, 1978–1982 1989–2014 | |
label(s) | Atco, Capricorn, Arista, Epic, Sanctuary | |
âld-leden | Duane Allman gitaar (1969–1971) † Chuck Leavell toetsen (1972–1976) Lamar Williams bas (1972–1976) † Dan Toler gitaar (1978–1982) † Rook bas (1978–1982) David Toler drums (1980–1982) † Mike Lawler toetsen (1980–1982) Allen Woody bas (1989–1997) † Johnny Neel toetsen (1989–1990) Jack Pearson gitaar (1997–1999) | |
leden | ||
Sang & Toetsen |
Gregg Allman † | |
Gitaar | Derek Trucks | |
Gitaar | Warren Haynes | |
Bas | Oteil Burbridge | |
Perkusje | Marc Quiñones | |
Drums | Butch Trucks †, Jai Johanny Johanson |
The Allman Brothers Band wie in Amerikaanske rock- en bluesband út Georgia, dy ’t oprjochte is yn 1969 troch de bruorren Duane Allman (gitaar) en Gregg Allman(sang en oargel). De band spile in miks fan blues en rock mei lange ymprovisaasjes dy ’t oan jazz tinken dogge. Dizze muzyk wurdt ek wol Southern Rock neamd, om ’t dit fan oarsprong spile waard yn it suden fan de Feriene Steaten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin bestie The Allman Brothers Band neist de bruorren Douane en Gregg Allman út Dickey Betts (gitaar), Berry Oakley basgitaar), Butch Trucks (drums) en Jai Johanny “Jaimoe” Johanson (drums). Se hienen in hiel eigen lûd troch twa gitaren en twa drummers. De band joech in soad optredens, foardat it earste album útbrocht waard. Op dat album stienen sân lieten, wêrfan ’t it grutste part skreaun is troch Gregg Allman. It sukses kaam mei it twadde album “Idlewild South” (1970).De sân lieten op dat album binne sawat allegearre skreaun troch Gregg Allman of Dickey Betts. “Hoochie Koochie Man” is in âld bluesnumer, skreaun troch Willie Dixon.
Nei it twadde album kamen der hieltyd mear taskôgers nei harren optredens. Yn maart 1971 joegen hja in stikmannich konserten yn de Fillmore East yn New York, dêr’t in dubelalbum fan útbrocht is. Dat album “At Fillmore East” waard in grut sukses en wurdt sjoen as ien fan de bêste live- en bluesrock albums fan alle tiden. Op it album stean fjouwer âlde bluesnumers en trije dy’t de mannen sels skreaun hawwe. It langste numer “Whipping Post” duorret op dit album rom 22 minuten.
Yn oktober 1971 ferstoar Duane Allman troch in motorûngelok. Op dat stuit wie de band dwaande mei it fjirde album “Eat a Peach”, dat hja ôfmakken mei ien gitarist (Dickey Betts) en de nije pianist Chuck Leavell. In jier letter, yn novimber 1972, ferûngelokke Berry Oakley mei syn motor op sawat it selde plak as Duane Allman. Hy waard ferfong troch Lamar Williams. Yn 1973 kaam in nij album út, “Brothers and Sisters”, dat in wat oar lûd hearre liet as de eardere albums. Dicky Betts hie mear ynfloed krigen as de ienigste gitarist en spile ek wol graach wat melodieuzere countryrock. Op “Brothers and Sisters” steane de twa bekindste ferskes fan de Allman Brothers, “Ramblin’man” en it ynstrumintale “Jessica”. Dizze ferskes binne beide skreaun troch Dickey Betts, Les Dudek spilet de twadde gitaar. “Jessica” is ek bekind wurden fan de televyzje searje “Top Gear”.
Neidat it album “Win, Loose or Draw” útbrocht wie (yn 1975) foel de band útelkoar. Hja hawwe noch in pear kear besocht om op’e nij te begjinnen, mar dat slagge pas yn 1989. Doe spilen der in tal nije muzikanten mei, wylst oaren ôfheakke hienen. Yn dy gearstalling brochten hja it album “Shades of Two Worlds” (1991) út dat goed ûntfong waard, sawol by kritisy as by it publyk. De band is trochgong oant 2014, de lêste jierren mei de gitaristen Warren Haynes en Derek Trucks, in omkesizzer fan de drummer Butch Trucks. It lêste suksesfolle studioalbum fan The Allman Brothers Band wie “Hittin’the Notes” út 2003. Yn jannewaris 2017 is Butch Truks ferstoarn en letter yn dat selde jier Greg Allman.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
The Allman Brothers Band | novimber 1969 | Atco | Black Hearted Woman |
Idlewild South | septimber 1970 | Revival (Love Is Everywhere), Midnight Rider | |
Brothers and Sisters | augustus 1973 | Capricorn | Ramblin' Man, Jessica |
Win, Lose or Draw | augustus 1975 | ||
Enlightened Rogues | febrewaris 1979 | Crazy Love, Can't Take It with You | |
Reach for the Sky | augustus 1980 | Arista | |
Brothers of the Road | augustus 1981 | Straight from the Heart | |
Seven Turns | 3 july 1990 | Epic | Good Clean Fun, Seven Turns |
Shades of Two Worlds | 2 july 1991 | ||
Where It All Begins | 3 maaie 1994 | ||
Hittin' the Note | 18 maart 2003 | Sanctuary |
Live-albums (kar út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
At Fillmore East | 6 july 1971 | Capricorn | |
Eat a Peach | febrewaris 1972 | Ain't Wastin' Time No More, Melissa, One Way Out (Elmore James cover) | |
Wipe the Windows, Check the Oil, Dollar Gas | novimber 1976 | ||
An Evening with the Allman Brothers Band: First Set | 9 juny 1992 | Epic | |
An Evening with the Allman Brothers Band: 2nd Set | 9 maaie 1995 | ||
Peakin' at the Beacon | 4 novimber 2000 | ||
One Way Out | 23 maart 2004 | Sanctuary |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
Beginnings | 1973 |
The Road Goes On Forever | 1975 |
The Best of The Allman Brothers Band | 1981 |
Dreams | juny 1989 |
A Decade of Hits 1969–1979 | 22 oktober 1991 |
Hell & High Water: The Best of the Arista Years | 1994 |
Legendary Hits | 16 april 1995 |
Ramblin' Man | 15 maaie 1995 |
Mycology: An Anthology | 9 juny 1998 |
The Best Of The Allman Brothers Band Live | 1998 |
Madness Of The West | |
20th Century Masters – The Millennium Collection: The Best of the Allman Brothers Band |
25 jannewaris 2000 |
Still Rockin' | 26 septimber 2000 |
Martin Scorsese Presents the Blues: The Allman Brothers Band |
9 septimber 2003 |
Stand Back: The Anthology |
8 juny 2004 |
The Essential Allman Brothers Band: The Epic Years |
31 augustus 2004 |
Gold | 11 oktober 2005 |
Playlist Plus | 29 april 2008 |
Green Series: The Best of the Allman Brothers Band | |
Trouble No More: 50th Anniversary Collection |
28 febrewaris 2020 |
Tiidline fan bandleden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjeel webstee fan de Allman Brothers Band
- Wiidweidige ABB-dokumintaasje fan de Georgia Allman Brothers Band Association
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory The Allman Brothers Band fan Wikimedia Commons. |