[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Termometer

Ut Wikipedy
Bimetaal termometer
Triedleaze termometer

In termometer is in mjitynstrumint dat brûkt wurdt om temperatueren te mjitten.

Der wurde meardere soarten brûkt:

  • Floeistoftermometer - dizze wurket mei in tinne glêzen buis neist in skaalferdieling. Faak wurdt kwik (kwiktermometer) of kleure alkohol brûkt, mar ek oare organyske floeistoffen. Troch de útsetting fan de floeistof stiget de kolom as de temperatuer heger wurdt.
  • De Galileo-termometer dy't wurket op basis fan de Wet fan Argimedes.
  • Termokeppel. Dizze bestiet út twa triedden fan ferskillend metaal. Op it kontaktpunt ûntstiet in elektryske spanning dy't ôfhinget fan de temperatuer.
  • Ynfraread termometers. Dizze mjit de ynfrareade strieling fan in objekt. Hoe hjitter it objekt, nammerste heger is de frekwinsje fan it útstrielde ynfraread. Sjoch ek elektromagnetyske strieling.
  • Temperatuergefoelige wjerstân. Dit is in elektryske wjerstân wêrfan de grutte ta- (positive temperatuerkoëffisjint) of ôfnimt (negative temperatuerkoëffisjint) mei de temperatuer. Troch nei itigjen de wjerstân te mjitten wurdt men de temperatuer gewaar. Dizze wurde yn elektroanyske termometers brûkt.
  • Koartstermometers mei kwik hawwe in ekstra tin stikje kapillêr oan it begjin fan de stiichbuis, wêrtroch't de kwikkolom by it wer ôfkuoljen ôfbrekt, sadat de berikte maksimale temperatuer stean bliuwt en ôflêzen wurde kin oant de termometer 'ôfslein' wurdt. It berik fan normale koartstermometers is lyts, fan 35 oant 42 °C, mar de presizens grut.
  • Bimetaaltermometers, dy't gebrûk meitsje fan de ferskillende útsettingskoëffisjinten fan twa strips metaal dy't op elkoar fêst laske of soldearre binne. As de temperatuer feroaret, lûkt it bimetaal krom. Dizzen wurde brûkt yn ienfâldige keamertermostaten.
  • Gastermometers. Dizzen wurkje op grûn fan de fariaasjes fan druk as it gas ferwaarme of ôfkuolle wurdt. As regel wurdt wetterstof, helium of stikstof brûkt. Dit binne de sekuerste en gefoelichste termometers, mar se binne lestich yn gebrûk. In gastermometer wurdt dan ek benammen brûkt om termometers fan oare typen te kalibrearjen.

Yn prinsipe kin elke fysyske mjitwearde dy't temperatuergefoelich is brûkt wurde om in termometer te meitsjen. Omdat hast alle makroskopyske effekten temperatuergefoelich binne, resultearret dit yn in konstatearring dy't troch Fokke Tuinstra, emeritus heechlearaar yn Delft formulearre waard as alles is in termometer.