[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tatyana Ali

Ut Wikipedy
Tatyana Ali
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tatyana Marisol Ali
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 jannewaris 1979
berteplak New York (New York)
etnisiteit Afro-Panameesk
Trinidadsk-Hindoestaansk
jierren aktyf 1985 – no
prizen Young Artist Award 1991     
offisjele webside
gjint

Tatyana Ali (folút: Tatyana Marisol Ali; New York, 24 jannewaris 1979) is in Amerikaansk aktrise, model, R&B-sjongster en tillefyzjeprodusinte fan mingd Karibysk en Yndysk komôf. Hja waard bekend mei har rol fan Ashley Banks, yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje The Fresh Prince of Bel-Air, mei Will Smith. Fierders hie se in weromkearende rol yn 'e soapsearje The Young and the Restless en in haadrol yn 'e komeedzjerige Love That Girl!

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tatyana Ali waard yn 1979 yn New York berne as de âldste fan trije dochters yn it gesin fan in Panameeske mem fan Afro-Panameesk komôf en in Trinidadske heit fan Trinidadsk-Hindoestaansk komôf. Hja begûn har aktearkarriêre mei seis jier, doe't hja yn 1985 geregeldwei yn 'e Amerikaanske edysje fan Sesamstraat ferskynde. Hja studearre letter oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, yn Cambridge, yn 'e steat Massachusetts, dêr't se yn 2002 in bachelorstitel behelle yn Afro-Amerikaanske stúdzjes en bestjoerskunde.

Ali briek yn 1990 troch mei de rol fan Ashley Banks, yn 'e komeedzjesearje The Fresh Prince of Bel-Air, mei Will Smith yn 'e titelrol. Hja spile Ashley Banks seis jier lang, oant de searje yn 1996 stopset waard. Yn 1991 waard Ali dêrfoar in Young Artist Award takend. Se song yn ferskate ôfleverings fan 'e rige, wêrûnder in sterk oanpaste ferzje fan it nûmer Respect, fan Aretha Franklin.

Nei 1996 besocht se, dêrta oanfitere troch Smith, in karriêre as R&B-sjongster te begjinnen. Yn 1998 ferskynde har debútalbum Kiss the Sky, dat begjin 1999 in gouden plaat waard yn de Feriene Steaten. Ali brocht yn 1998-1999 ek trije singles út, Daydreamin', Boy, You Knock Me Out en Everytime. Fierders wurke se mei oan Smith syn nûmer Who Am I, fan it album Willennium. Hoewol't it goed gie mei har muzikale karriêre, besleat Ali om har mear ta te lizzen op aktearjen, mei't se ûntdutsen hie dat dêr har hert lei.

Ein jierren njoggentich en begjin jierren 2000 hie Ali rollen yn ferskate films, wêrûnder de skriller Kiss the Girls (1997), mei Morgan Freeman, it drama Brother (2000) en de komeedzjes Dorm Daze (2003) en Nora's Hair Salon (2004). Yn 2005 wurke hja mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Can I Live? fan Nick Cannon en Anthony Hamilton. Datselde jiers song se tegearre mei Terrence Quaites ek it liet Sunny Valentine, foar de film Rockin' Meera. Se produsearre en spile yn de websearje Buppies, en hie fan 2007 oant 2013 in weromkearende gastrol yn 'e soapsearje The Young and the Restless, as it personaazje Roxanne.

Fan 2010 oant 2012 spile Ali de haadrol (fan Tyana Jones) yn 'e searje Love That Girl! Yn 2011 waard har yn Los Angeles de Living Legacy Award takend troch de Organisaasje foar Karibysk Erfskip. Yn 2013 waard se yn 'e rol fan Maya cast, yn de komeedzjesearje Second Generation Wayans, mei Craig Wayans en Damien Dante Wayans.

Ali is tige polityk aktyf. Yn 2008 song se it liet Yes, We Can foar in projekt dat de presidintskampanje fan Barack Obama ûnderstipe. Datselde jiers reizge se it hiele lân troch as wurdfierster foar de presidintskampanje fan Obama, wêrby't se benammen studinten oanfitere om harren as kiezers registrearje te litten. Ek by de presidintskampanje fan 2012, doe't Obama werkeazen waard, wie Ali yn syn kampanje aktyf.

albums
  • 1998 – Kiss the Sky
singles

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.