[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tataresont

Ut Wikipedy
Tataresont
Utsjoch oer de Tatarensont
Utsjoch oer de Tatarensont
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken Sachalin en it
   fêstelân fan Sibearje
lân Ruslân
gewest Chabarovsk
Sachalin
koördinaten 52°11′ N, 141°37′ E
ûnderdiel fan See fan Ochotsk
Japanske See
sifers
maks. lingte 632 km
maks. breedte 342 km
djipste punt 210 m
kaart
Tataresont (Ruslân)
Tataresont
De lizzing fan 'e Tataresont yn Ruslân.

De Tataresont (Russysk: Татарский Пролив, Tatarskij Proliv; Japansk: 間宮海峡, Mamiya Kaikyō; Sineesk: 韃靼海峽, Dádá Hǎixiá) is in see-ingte yn it noardwesten fan 'e Stille Oseaan, dy't it grutte eilân Sachalin skiedt fan it fêstelân fan Sibearje. Dit wetter ferbynt twa râneseeën fan 'e Stille Oseaan mei-inoar: de See fan Ochotsk yn it noarden en de Japanske See yn it suden.

As toponym ferwiist de Tataresont nei in seestrjitte, mei't "sont" (ferlykje de Sont) dêr in âld wurd foar is. It earste diel fan 'e namme liket te ferwizen nei de Tataren, in etnyske groep yn Ruslân dy't in Turkske taal sprekt. Mar fan âlds waarden alle folken yn Jeropeesk Ruslân en Sibearje dy't in Altayske (Turkske, Mongoalske of Toengoezo-Mantsjoeske) taal sprieken troch de etnyske Russen oantsjut as 'Tataren'. Yn dit gefal ferwiist de namme dêrom nei de Mantsjoes, de lânseigen befolking fan Mantsjoerije, mei't it uterste súdeasten fan Sibearje, dêr't de Tataresont leit, oant 1860 ta it Keizerryk Sina hearde ûnder de namme Bûten-Mantsjoerije.

De Tataresont is in see-ingte foar de kust fan súdeastlik Sibearje yn it Russyske Fiere Easten, dy't it grutte eilân Sachalin skiedt fan it fêstelân fan it territoarium Chabarovsk. It wetter is 632 km lang en ferbynt de Japanske See yn it suden mei de See fan Ochotsk yn it noarden. Beide seeën binne râneseeën fan 'e Stille Oseaan. It djipste punt fan 'e see-ingte leit op 210 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit de Tataresont 342 km, en op it smelste punt mar 7 km.

It smelste part hjit de Nevelskojstrjitte, nei de Russyske admiraal Gennadi Nevelskoj. Fuort noardlik dêrfan leit de Amoerbaai, dêr't de rivier de Amoer fan 'e Sibearyske kant ôf yn 'e Tataresont útmûnet. Yn 'e Russyske hydrografy wurde de Nevelskojstrjitte en de Amoerbaai net ta de Tataresont rekkene en omfettet de Tataresont inkeld it bredere, súdlike diel fan 'e see-ingte, mar dat is in ôfwiking fan 'e ynternasjonale noarm. De wichtichste havenstêden oan 'e Tataresont binne De-Kastri, Vanino en Sovjetskaja Gavan op it fêstelân, en Aleksandrovsk-Sachalinski en Nevelsk op Sachalin.

It smelste part fan 'e Tataresont foarmet al tûzenen jierren lang in rûte foar bistesoarten en foar etnyske groepen om fan it fêstelân fan Jeraazje it eilân Sachalin te berikken. Yn 'e tiid fan it Mongoalske Ryk (12061368) fierden de Mongoalen ferskate ynvaazjes fan Sachalin út, wêrby't harren legers de Tataresont oerstieken. Sûnt dy tiid makke Sina oanspraak op sawol Sachalin as it oanbuorjende fêstelân, dat de namme Bûten-Mantsjoerije krige. De earste Westerling dy't de Tataresont ferkende, wie de Frânske ûntdekkingsreizger Jean-François de Galaup, greve fan La Pérouse, dy't de see-ingte yn 1787 fierhinne yn kaart brocht en it wetter syn hjoeddeistige namme joech.

Utsjoch oer de Tataresont.

De Tataresont is in apart wetter, mei't it fan it suden ôf almar smeller en ûndjipper wurdt, sadat it mear in baai as in trochrinnende seestrjitte liket. La Pérouse besleat yn 1787, nettsjinsteande tsjûgenissen fan pleatslike bewenners dat Sachalin in eilân wie, om it net te weagjen en werom te kearen foar't syn skip oan 'e grûn rûn. Krekt-en-gelyk besleat de Ingelske ûntdekkingsreizger William Robert Broughton yn 1797 dat de Tataresont in baai wie en kearde om nei it suden. Yn 1805 doarst de Russyske ûndekkingsreizger fan etnysk Dútsk komôf Adam Johann von Krusenstern it net oan om 'e seestrjitte út it noarden wei troch te farren.

De earste moderne ûntdekkingsreizger dy't de hiele Tataresont trochfear, wie sadwaande de Japanner Rinzō Mamiya, nei wa't de see-ingte yn it Japansk ferneamd is. Syn reis bleau yn Jeropa lykwols lang ûnbekend. Sadwaande wie it de Russyske admiraal Gennadi Nevelskoj, dy't úteinlik as de earste trochfarder fan 'e Tataresont bekend kaam te stean nei't er de see-ingte yn 1848 ferkend hie. De Russen holden de trochfeart yn 't earstoan lykwols geheim en Russyske marineskippen brûkten de Tataresont ûnder de Krimoarloch (18531856) om oan in efterfolgjende Britske float te ûntkommen.

Yn 1860 twong it Keizerryk Ruslân it Keizerryk Sina by de Amoeranneksaasje om Buten-Mantsjoerije en Sachalin ôf te stean. Sûnt dy tiid is de Tataresont in Russysk binnenwetter, hoewol't it Keizerryk Japan tusken 1905 en 1945 de súdlike helte fan Sachalin yn besit hie.

Op 15 desimber 1952 kaam de Sovjet-ûnderseeboat S-117 yn it súdlike diel fan 'e Tataresont te sinken. De oarsaak fan dy skipsramp is noch altyd ûnbekend, hoewol't tocht wurdt dat it miskien it gefolch wie fan in oanfarring mei in oerflakteskip of mei in seemyn. Alle 47 opfarrenden kamen by it ynsidint om.

Yn 1956 stelde it regear fan 'e Sovjet-Uny foar om in daam oan te lizzen troch it smelste part fan 'e Tataresont. Winterdeis friest it noardlike part fan 'e see-ingte ntl. ticht, wylst it súdlike part foar de measte skippen ûnbefarber makke wurdt troch driuwiis. It idee wie dat in daam it iis en it stienkâlde wetter út 'e See fan Ochotsk tsjinkeare soe, sadat de wettertemperatuer yn it súdlike part fan 'e Tataresont omheech gean en de see-ingte befarber bliuwe soe. It plan waard lykwols om ûndúdlike redens net trochset. Mooglik strâne it yn 'e beruchte Sovjet-burokrasy. Lettere ûndersiken hawwe útwiisd dat de daam it klimaat yn 'e See fan Ochotsk en de Amoerbaai tige negatyf beynfloede hawwe soe.

Op 1 septimber 1983 rekke it Súdkoreaanske ferkearsfleantúch Korean Air Lines-flecht 007 troch technyske swierrichheden fan koers en krong by fersin it loftrom fan 'e Sovjet-Uny binnen. Op it hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch waard dat beskôge as in oarlochsdie, en it tastel waard krekt bewesten Sachalin boppe it súdlikste part fan 'e Tataresont, delsketten troch in Russyske Sûchoj Sû-15-strieljager. Alle 269 ynstittenden kamen om, ûnder wa Larry McDonald, in sittend lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. De spannings tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny rûnen dêrtroch heech op. Yn 'e ynternasjonale wetters fan 'e súdlike Tataresont fierden Amerikaanske, Súdkoreaanske en Japanske skippen in syktocht nei it delhelle ferkearsfleantúch út dy't 580 km² besloech.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.