[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sosjale Akademy

Ut Wikipedy

De Sosjale Akademy is de eardere namme foar in hegere beropsoplieding yn de sosjale sektor.

Sosjale akademys binne fuortkomd út de skoallen foar maatskiplik wurk. De earste skoalle foar maatskiplik wurk yn Nederlân waard oprjochte yn 1899 troch Marie Muller-Lulofs, Hélène Mercier en Arnold Kerdijk[1]. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene út dy skoallen foar maatskiplik wurk de sosjale akademys, dyt't breder fan opset wienen.

Neist de oplieding foar 'maatskiplik wurk' hiene de sosjale akademys ek stúdzjerjochtingen foar 'sosjaal kultureel wurk', 'opbouwurk', 'personielswurk' en 'bernebeskerming' of 'ynrjochtingswurk'. De teoryfoarming en de brûkte metodiken waarden diels ûntliend oan de ûntwikkelingen yn de Amearika. Op de opliedingen waarden metodiken as it social casework (yndividuele helpferliening), social groupwork (groepswurk) en community organization (mienskipsopbou) yntrodusearre[2]. Under ynfloed fan de teoryen fan Herman Milikowski (Lof der onaangepastheid), Saul Alinsky (Dat hoef je niet te nemen!) en Paulo Freire (Pedagogie van de onderdrukten) krigen metodiken as sosjale aksje, emansipaasjerjochte wurkjen en aktivearjend foarmingswurk in soad omtinken op de sosjale akademys[3][4][5].

De Fryske fêstiging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de jierren '70 wurke de Ryksuniversiteit Grins mei wat tsjinsin mei oan in universitêr eksperimint. Under lieding fan de eardere rektor magnifikus Prof. J. Snijders waard in Ljouwert begûn mei de Fryske dependance fan de Ryksuniversiteit Grins. De subfakulteit Sosjale Wittenskippen Fryslân (SSWL) iepene yn 1976 har doarren. Hjir waard yn gearwurking mei de Agogyske Akademy Fryslân (AAF) it Sosjaal Heger Underwiis foarme. Doel wie in gearwurking te foarmjen tusken HBU en universiteit, dit om in ynterdissiplinêre sosjaal wittenskiplike oanpak fan it fakgebiet 'wolwêzensfraachstikken' te foarmjen.
Fryslân hie 165 jier nei de opheffing fan Akademy yn Frjentsjer wer universitêr ûnderwiis op eigen grûngebiet.
Yn 1985 kaam der troch in soad problemen dy't der mei de struktuer wienen en troch besunigingen yn it heger ûnderwiis in ein oan dizze oplieding. De AAF gie op yn de Noardlike Hegeskoale Ljouwert. Wol wurdt noch altiten it earste jier fan de Oplieding Nederlânsk Rjocht yn Ljouwert ûnderwiisd.

Ein tweintichste iuw fusearren de sosjale akademys mei oare foarmen fan heger beropsûnderwiis ta de hjoeddeiske hegeskoallen. De opliedings dy't eartiids oan de sosjale akademys jûn waarden binne no ûnder mear te finen yn ôfdielings as Sosjaal Pedagogyske Helpferliening (SPH), Kulturele en Maatskiplike Foarming (CMV), Maatskiplik Wurk en Tsjinstferliening (MWD) en Personiel en Arbeid (P&A).

Wyls wurde op meardere hegeskoallen dy opliedings wer bondele yn saneamde akademys foar sosjale stúdzjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marie Muller Lulofs
  2. Marie Kamphuis yn: Canon Sociaal Werk Nederland
  3. Milikowski en `Lof der onaangepastheid` yn: Canon Sociaal Werk Nederland
  4. Academie de Horst yn: Canon Sociaal Werk Nederland
  5. Tydskrift foar sosjale fraachstikken, nr. 7/8, july/augustus 2007 Pietje Bell van de sociale actie