[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Slach by Loppersum

Ut Wikipedy
Slach by Loppersum
Part fan it tiidrek fan de Fryske frijheid
datum: ein 1380/begjin 1381
plak: Loppersum
útkomst: oerwinning Okko tom Brok, 90 deaden
konfliktpartijen
Abdena en Allena Tom Brok
befelhawwers
Kampo Abdena en Folkmar Allena Okko I tom Brok
sterkte
± 500 ± 500
ferliezen
90 manlju, oanfierder Kampo ûnbekend

De Slach by Loppersum wie in gewelddiedich treffen tusken de haadlingefamyljes Abdena, Allena en Tom Brok. De slach wie ein 1380 begjin 1381 [1] by Loppersum yn Eastfryslân en de útkomst dêrfan hie in tsiental jierren lange fete ta gefolch tusken de belutsen famyljes.

Eftergrûn en gefolch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De direkte oanlieding foar it konflikt wie de snelle machtsútwreiding fan de famylje Tom Brok yn Eastfryslân yn de '70 jierren fan de 14e iuw. De Abdenas út Emden fielden har hiel bot bedrige troch dizze famylje en benammen troch de ekspânsjedrift fan Okko I tom Brok dy't sûnt 1376 famyljehaad wurden wie. Okko besocht troch middel fan keap, houlikspolityk en rôvjen mear gebiet yn Emsingerlân yn besit te krijen. In oar haadlingelaach, de Allenas út Easterhusen dy't sels ek op mear macht út wiene, fielde har troch dizze polityk krektsa bedrige as de Abdenas en dizze haadlingefamyljes ferienigen har mei-elkoar. Doe't Okko hieltyd mear bûnsmaten fergarre yn de omjouwing fan Emden en fan doel wie om de stêd te bemachtigen ûntstie der iepentlike striid.

In legerke dat ûnder lieding stie fan Kampo Abdena en Folkmar Allena rekke yn de omkriten fan Loppersum yn gefjocht mei de striidmacht fan Okko tom Brok. Kampo sneuvele yn de slach en syn partij ferlear fan Okko. Goed njoggentich manlju fan Emden en Folkmar waarden deaslein of finzen nomd en in grut part fan Folkmar syn machtsbasis gie ferlern. De Abdenas en Allenas sochten help by de tsjinstanners fan de Onstas en Skieringers yn de Ommelannen en Westerlauwersk Fryslân. Okko slute him oan by de tsjinpartij, de Fetkeapers, de Onstas en de Bronkhorsten. Fan dat stuit ôf kaam yn sawat hiel Fryslân twaspjalt foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • Eggerik Beninga, Cronica der Fresen

Fuotnoat:

  1. Hajo van Lengen (1973), "Geschichte des Emsigerlandes: vom frühen 13. bis zum späten 15. Jahrhundert Teil I, siden 43-44.