[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Slach by Boksum

Ut Wikipedy
Ets fan de slach by Boksum

De slach by Boksum, 17 jannewaris 1586, waard yn de Tachtichjierrige Oarloch útfochten tusken de Spaanske troepen en de troepen fan Willem Loadewyk.

Situaasje foarôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it ein fan 1585 wie de steedhâlder fan Fryslân Willem Loadewyk nei Seelân ôfreizge om dêr de nije opfolger fan Willem fan Oranje, de greve fan Leicester yn te heljen mei de oare hege persoanen út de oare opstannige provinsjes.
De Spanjerts dy't yn it noarden ûnder lieding stiene fan Francisco Verdugo yn Grins brûkten dat om te besykjen Fryslân ûnder kontrôle te krijen.

Trochdat alles beferzen wie wiene de omstannichheden foar in ynfal geunstich. De Spanjerts sammelen in leger fan sa'n 3.000 man en 700 ruters byinoar by it hús Nienoard by De Like. It Spaanske leger stie ûnder befel fan Johan Baptiste fan Taxis. Op 13 jannewaris foel it leger Fryslân yn, fia De Jouwer en Heech kaam it leger op 14 jannewaris by Warkum dêr't er syn kamp opsloech, dêrby waarden Warkum, Koudum, Hylpen en Molkwar plondere.
Op de 15de gie it nei it noarden ta wêrby't se by Tsjom dêr't it leger har kamp opsloech wer raar húshâlden. De tsjerke fan Tsjom waard mei in part fan de bewenners dy dêr hinne flechte wiene yn de brân stutsen.
Op de 16de besleat Taxis om werom te gean nei Grinslân. Trochdat it waar omsloech en it teiwaar like te wurden wied er benaud dat er fêst kaam te sitten yn Fryslân.

Yn Ljouwert waard ûnderwilens in legerke byinoar sammele. Willem Loadewyk hie al besocht om werom te kommen nei Fryslân, mar siet fêst yn Starum en doarde net nei Ljouwert te gean fanwege de troepen fan Taxis. It befel fan de Fryske troepen kaam yn hannen fan Steen Maltesen, in Deenske offisier dy't sûnt 1580 yn tsjinst wie fan de Fryske Steaten. Sy gongen de fijân yn de mjitte en sloegen harren kamp op de 16de jannewaris op by Easterlittens.

Op de 17de jannewaris besleat Maltesen om mei syn leger tichteby Ljouwert lizzen te gean en woe nei Boksum. Yn de betide moarnsdize, kamen se de Spaanske ruters tsjin en de Friezen sloegen rillegau yn panyk op de flecht. Ploechjes Friezen hawwe noch wol fochten mar waarden hast allegear om hals brocht. In protte Friezen flechten nei Ljouwert.
De Spanjerts hiene in maklike oerwinning, nei alle gedachten mar inkele tsientallen deaden. Oan de Fryske kant wiene sa'n 500 slachtoffers. Mar omdat it teiwaar de 17de goed trochsette, hiene de Spanjerts net folle oan dy oerwinning. Se moasten harren weromlûke nei Grinslân en moasten de bút dy't se plondere hiene stean litte om't de sliden dêr't se dy op meinamen net mear foarút kamen. Allinnich de finzenen, sa'n 300 man namen se mei.

Argeologysk ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 2016 waarden der bonken fûn ûnder de strjitte Pypsterbuorren noardlik fan Boksum, yn in kûle yn de âlde middelseedyk. Under mear readbakt ierdewurk en benammen in plasse mei in kûgelgat wize op de 16e iuw en hâlde wierskynlik ferbân mei de slach by Boksum. It is net dúdlik oft de kûle in ferdigeningsbouwurk wie, dêr't de soldaten yn sneuvele binne of in letter massagrêf dêr't se achternei troch de doarpsbewenners yn dumpt binne. Ek is it net dúdlik oan hokker kant oft de sneuvelen stiene, oft it Friezen of Spanjerts wiene.[1]

  • F.R.H. Smit, De slach by Boksum, Fryske Akademy, Ljouwert 1986.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Erwin Boers, "Macabere sporen van bloedbad bij Boksum", Leeuwarder Courant, 10 maart 2016.