[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Skuorbot

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
It blieden fan toskfleis troch skuorbot

Skuorbot of skuorbûk (ek wol scorbuut of ascorbinesoerdefisjinsje) is de namme foar in sykte dy't it gefolch is fan in lange tiid tekoart oan fitamine C, sa't dat yn eardere iuwen by seelju op de grutte feart in protte foar kaam.

Symptomen en behanneling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Symptomen fan skuorbot binne ûnder oaren it opsetten en blieden fan it toskfleis, bliedingen yn it binnenst fan it lichem, slopte, en stive, pynlike lidden. Op 'en doer folget de dea. De behanneling is lykwols tige ienfâldich: fitamine C jaan, it wurket suver fuortendaliks.

Fitamine C is mei ferantwurdlik foar it oanmeitsjen fan kollageen. Dat is in aaiwyt dat stevichheid oan allerhanne weefsels jout. Te min fitamine C jout te min kollageen. It earste ferskynsel dêrfan is it skuorren fan de wand fan de lytse bloedfetten.

Der wurdt wol rûsd dat tusken 1500 en 1800 sa'n twa miljoen seelju stoarn binne oan de gefolgen fan skuorbot. Om 1760 hinne ûndersocht de Skotske arts William Stark it effekt fan min iten op himsels; it duorre seis moannen ear't er it mei de dea bekeapje moast.

De Britske marine-arts James Lind (1716-1794) wie ien fan de earsten dy't goed ûndersyk die nei it ferbân tusken de symptomen fan skuorbot en it iten fan sitrusfruchten. Lind syn ûndersyk, dêr't er de effektiviteit fan it fruit mei sjen liet, kin beskôge wurde as de earste randomized clinical trial. Nuver wie wol dat er neat dien hat mei de ûndersyksresultaten. Om de sykte foar te kommen waard lang om let sitroensop of it goedkeapere limoensop brûkt, wat de Ingelske mariniers de bynamme 'Limeys' besoarge. [1]

Healwei 18e iuw waard ek dúdlik dat it iten fan it goed te bewarjen soerkoal skuorbot foarkomme koe. Kaptein James Cook naam op syn reis fan 1768/71 132 liter woartelmarmelade en 45 kilo soerkoal de man mei. Op dy reis stoar net ien oan skuorbot.[2]

Earder waard ek wol in ôftreksel fan leppelblêd mei jenever brûkt.

Fatale foarmen fan skuorbot komme yn it Westen sûnt it begjin fan de 20e iuw net mear foar. De diagnoaze wurdt út en troch noch wolris steld by immen mei in tige ûnfolweardich dieet, lykas alkoholisten, psychiatryske pasjinten en âlderein.

It wurd skuorbot is in ferbastering fan it Latynske scorbus.

De stofnamme foar fitamine C is ascorbinesoer, ôflaat fan a-scorbus, wat 'net skuorbot' betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlands tijdschrift tegen de Kwakzalverij, Jaargang 118, 2007, nr. 3
  2. Bill Bryson, At home. A short history of private life 2010; s. 173


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skuorbot fan Wikimedia Commons.