Simson
Simson (Hebrieusk: שמשון) is in Bibelsk persoan. Syn ferhaal begjint mei syn berte yn it haadstik 13 en einiget mei syn spektakulêre dea yn haadstik 26 fan it bibelboek Rjochters. Tweintich jier lang soe Simson rjochter wêze fan de Israeliten.
It ferhaal neffens it Alde Testamint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it Alde Testamint waard Simson berne yn in tiid dat de Filistinen oer de Israeliten hearsken. Syn heit Manoäch wie fan de stam fan Dan en troud mei in ûnfruchtbere frou. Op in dei ferskynde in boadskipper fan God oan dizze frou, dy't har tynge die dat hja in soan krije soe. De frou krige de opdracht om gjin wyn, sterke drank en ûnrein iten mear te nimmen en ek mocht hja it hier fan har soan net ôfknippe. Simon's foarornearring wie nammentlik in nazireeër te wêzen, in oan God wijd persoan, dy't de Israeliten helpe soe om harren fan it jûk fan de Filistinen te ûntdwaan. Simson stie bekend om syn ynoarme fysike krêft en dy krêft bleau sa lang as syn hier net ôfknipt waard.
As Simson troud mei in Filistynske frou en Simson op de brulloft oan de Filistynske gasten in kryptysk riedsel jout, ûntfytmannet syn frou him it andert en jout dat troch oan de Filistinen. Simson wurdt troch it ferried sa lulk as in sage. Hy ferslacht dan tritich Filistinen en klaait har út om mei de klean de beleaning foar it andert betelje te kinnen. Terloarsteld beslút Simson dêrnei werom te gean nei syn âlders. Mar nei in skoftke giet Simson werom nei syn frou. As Simson dêr fernimt dat syn skoanheit syn frou oan in oar jûn hat, ferniet hy út wraak de rispinge fan de Filistinen troch baarnende fakkels oan de sturten fan hûnderten foksen te binen en se troch it boulân en de hôven mei fruchtbeammen te jeien. De Filistinen hearre wa't en wêrom harren dit oandien is en deadzje dêrnei Simson's skoanheit en frou.
Jimmeroan hat Simson it oan de stok mei de Filistinen. Ienris liet Simson him willich yn 'e boeiens slaan troch manlju fan syn eigen folk, dy't him dêrnei meitôgen nei de Filistinen. De Filistinen wiene optein doe't hja Simson sa helpleas seagen, mar doe't de boeiens fan him ôffoelen en Simson in kaak fan in ezel wist te bemachtigjen wie it gau dien mei de feestfreugde. Simson sloech mei de kaak mar raak om him hinne en wist in mannichte fan wol tûzen man te ferslaan. In oare kear, doe't de Filistinen yn Gaza mienden Simson ynsletten te hawwen yn harren stêd, wist Simson de doarren fan de stedspoarte út de hingsels te skuorren om se dêrnei te ferslepen nei in berch by Hebron.
Simson's ûndergong wurdt de Filistynske frou Delila. Hy kriget har leaf en hja makket misbrûk fan it fertrouen dat Simson yn har stelt. Hieltiten wer freget Delila as sy by him leit wêr't syn krêft dochs wei komt. Simson jout ynearsten gjin belies en spjeldet har wat op de mouwe. Mar Delila jout likemin belies en freget jimmeroan wer hoe't ik komt dat Simson sa sterk is. Op 't lêst jout Simson it oer en ferklapt er dat it ferlies fan syn hier ek it ferlies fan syn krêft betsjut. Delila warskôget de Filistinen en wylst Simson sliept knipt hja him syn frissels ôf. As Delila dan ropt "Simson, de Filistinen oer dy" is Simson machtleas en wurdt er oermastere. De Filistinen stekke him de eagen út en wurdt nei Gaza brocht, dêr't Simson syn libben slite moat troch lange dagen yn in trêdmûne te wurkjen.
As de Filistynske foarsten op in dij in grut offerfeest yn de timpel organisearje, liket it har in moai idee om Simson der foar it fermaak by te heljen. De bline Simson wurdt dan ophelle en kriget in plak tusken twa pylders fan de timpel. En wylst de Filistinen yn de stiiffolle timpel feestje, muzyk meitsje en de spot mei Simson driuwe, lit in slaaf Simson de pylders befiele. Dan freget Simson de Heare noch ienris syn âlde krêft werom te jaan om te stjerren mei de Filistinen. Hy giet tusken de pylders stean en triuwt mei alle krêft de pylders útinoar. De timpel ferliest syn stabilens, begjint te kreakjen en te triljen en wylst te pylders omfalle komt it dak op de feestende mannichte del. Mei de Filistinen stjert Simson.
Simson wurdt letter troch famylje út it pún weihelle. Syn lêste rêstplak kriget Simson yn it grêf fan syn heit, dat earne tusken Soara en Esjtaöl leit.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bibelboek Rjochters, haadstikken 13-16.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Samson fan Wikimedia Commons. |