[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sidesturt

Ut Wikipedy
sidesturt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje pêstfûgels (Bombycillidae)
skaai echte pestfûgels (Bombycilla)
soarte
Bombycilla garrulus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De sidesturt, pestfûgel of lakfûgel (wittenskiplike namme: Bombycilla garrulus) is in moskeftige fûgel út de famylje fan de sidesturten (Bombycillidae). Der komme twa of trije ûndersoarten fan de fûgel foar, dy't fierder mar in bytsje fan inoar ferskille. De fûgel briedt yn de bjirke- en nuddelbosken op it noardlike healrûn (Skandinaavje, Ruslân, Alaska en Kanada) en komt somtiden winterdeis yn wikseljende tallen ek yn Fryslân foar.

De sidesturt wurdt likernôch 18 sintimeter grut. De fûgel hat yn de loft wol wat fan in protter mar ûnderskiedt him tichterby mei in opfallend túfke en is foar it grutste part brúnroze fan kleur mei grize, swarte, wite, reade en giele aksinten op de fleugels en sturt. Under de snavel hat de sidesturt in befke. It mantsje ferskilt net in soad fan it wyfke yn grutte en kleur. De sidesturt is in sosjale fûgel en komt meastentiids yn groepen foar. In sidesturt wurdt likernôch 13 jier en is maklik te naderjen.

Yn it Nederlânsk waard de fûgel nei de pest ferneamd om't de soart der fan fertocht waard de sykte te fersprieden. De fûgel hat de Fryske namme te tankjen oan syn giele glânzjende punten fan de sturtfearren. [1]

Aai fan de Bombycilla garrulus

De sidesturt briedt yn it hegen noarden en komt as briedfûgel net yn Fryslân en ek net yn de rest fan Nederlân foar. Winterdeis lûkt de fûgel op syk nei iten yn wikseljende oantallen somtiden nei súdliker gebieten. As de tekoarten yn it briedgebiet grut binne kinne de oantallen grut wêze. By sokke ynfaazjes binne de fûgels ek by ús yn parken yn gruttere of lytsere groepen te sjen.

De sidesturt leit yn de moannen maaie-juny fjouwer oant seis blaugrize aaikes mei swarte punten. It nêst wurdt makke fan moas en tûkjes fan nulle- en bjirkebeammen yn de hegere dielen fan beammen oan boskrânen. Fakentiden briede sidesturten tegearre mei oare pearkes yn 'e omjouwing. De aaikes wurde yn twa wiken tiid troch it wyfke útbret en nei likernôch 16 dagen ferlitte de jonge fûgels it nêst. De sidesturt siket alle jierren in nije partner.

Simmerdeis bestiet it iten fan de sidesturt út ynsekten. Nei de winter ta skeakelet de fûgel oer op beien fan bygelyks de hagebeam en de koetsjekraal. Dêrnjonken ite se ek wol apels en fruit.

Der wurdt twa of trije ûndersoarten ûnderskieden. Minder dúdlik ûnderskiedend is de B. g. central-asiae.

  • B. g. garrulus (Linnaeus, 1758), nominaatfoarm: Sidesturten fan Noard-Europa fan Noard-Sweden oant de Oeral.
  • B. g. pallidiceps (Reichenow, 1908): Sidesturten op it Amearikaanske kontinint
  • B. g. central-asiae (Poliakov, 1915): Sidesturten eastlike fan de Oeral yn it noarden fan Aazje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: