[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Saya Song

Ut Wikipedy
Saya Song
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Súdkoreaansk
Amerikaansk
berne 26 april 1986
berteplak Seoel (Súd-Koreä)
stoarn 4 septimber 2023
stjerplak Saginaw (Michigan)
etnisiteit Koreaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20152022
offisjele webside
Saya Song op Twitter

Saya Song, echte namme ûnbekend (Seoel, 26 april 1986Saginaw, 4 septimber 2023), wie in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile oant de beëiniging fan har karriêre yn 2022 yn frijwat films.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Song waard yn 1986 berne yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel. Se emigrearre as bern mei har âldelju nei de Feriene Steaten, dêr't se fierder opgroeide yn 'e steat Michigan. Yn 2015, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Yn 2024 omfette de opsomming fan Song har wurk yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) mear as 200 ûnderskate pornofilms, hoewol't dêr grif ek kompilaasjefideo's tusken sieten mei âld byldmateriaal dat recycle wie. As pornoaktrise wurke Song û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, New Sensations, Devil's Film en Wicked Pictures. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Metro en Girlfriends Films. En teffens wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros en Reality Kings.

Under har karriêre wurke Song gear mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, James Deen, J-Mac, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Bruce Venture en Mark Wood. Njonken har aktearwurk wie Song ek aktyf as neakenmodel en posearre se foar ferskate neakenblêden.

Saya Song kaam op 4 septimber 2023 thús yn Saginaw (Michigan) te ferstjerren yn 'e âldens fan 37 jier.[1] Hoewol't yn har stjerberjocht gjin deadsoarsaak neamd waard, skreau it tydskrift AVN, it wichtichste orgaan fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, dat ferskate freonen fan Song ferteld hiene dat de aktrise harsels tekoart dien hie.[2]

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saya Song wie mongoloïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in natuerlike cupmaat 32B.

Song hie in grut tal tatoeaazjes, wêrûnder in hibiskusblom mei in kolibry op har rjochterearm; in Amerikaanske mies en in roas op har lofterside; in ingel op har rjochterskouderblêd; twa stjerren (yn totaal fjouwer) oan wjerskanten fan har ûnderrêch; in fee op har rjochterheup; in fallende stjer op har rjochterheup; de tekst "lucky" op har ûnderbúk; it katsje fan Hello Kitty yn har nekke; in gimeara (wêzen út 'e Grykske mytology) op har lofterboppeskonk; en in ûnbeskaat ûntwerp oan 'e binnenkant fan har lofterankel. Fierders hie Song in noaspiercing (troch it noasskud) en dêropta stretchings troch beide earlellen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Redaksje, Saya Song Passes Away at 37, op: Xbiz.com, 9 septimber 2023.
  2. Warren, Peter, Saya Song Dies at Michigan Home, yn: AVN, 9 septimber 2023.