[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sambezy

Ut Wikipedy
It ôfwetteringsgebiet fan de Sambezy
De Fiktoariawetterfal leit yn de rin fan de Zambezi tusken Sambia en Simbabwe

De Sambezy is in rivier yn súdlik Afrika. De Sambezy hat in lingte fan 2660 km en in ôfwetteringsgebiet fan 1.333.000 km². De rivier ûntspringt yn it noarden fan Sambia op in hichte fan 1500 meter, streamt oer Angoala werom nei súdlik Sambia en foarmet dêr de grins mei Simbabwe fan de Fiktoariawetterfallen ôf. De rivier rint troch de Karibamar nei Mozambyk, dêr't er útmûnet yn de Yndyske Oseaan. De grutste sydrivieren fan de Sambesy binne Shirerivier en Kafuerivier.

De bewenners fan Sambia's súdprovinsje, de Tonga, leauwe dat de riviergod Nyaminjamy yn de Sambezy wennet.

De rivier fuorret twa wetterkrêftsintrales. De earste leit oan de keardaam fan Kariba eastlik fan de Karibamar dy't elektrisiteit leveret oan Sambia en Simbabwe, de twadde is de Kahora Bassa-sintrale yn Mozambyk dy't stroom oan Súd-Afrika leveret. De Fiktoariawetterfallen lûke alle jierren sa'n 1,5 miljoen toeristen. De ûnderrin fan de rivier is oant Tete befarber.

Fierders is fiskerij op de rivier oer syn hiele lingte fan belang. Lânbou is de wichtichste ekonomyske faktor yn benammen de oerstreamingsgebieten yn de delling fan de Sambezy.