[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

SGML

Ut Wikipedy

SGML, folút Standard Generalized Markup Language (Standert Generalisearre Markear Taal), is in metataal dêr't markeartalen foar it opmeitsjen fan dokuminten yn definiearre wurde kinne . SGML is ôflaad fan GML fan IBM, dat yn de 60-er jierren fan de 20e iuw ûntwikkele is troch Charles Goldfarb, Edward Mosher en Raymond Lorie (fan wa't de inisjalen fan de famyljenammen ek de ôfkoarting GML foarmje).

SGML is oarspronklik makke foar it algemien tagonklik meitsjen fan dokuminten yn grutte, lang rinnende projekten binnen bygelyks de oerheid en de fleantúchyndustry. It waard ek lang brûkt yn de grafyske sektor, mar de bewurklikens en kompleksiteit wie in obstakel foar grutskalich gebrûk op lytsskalige projekten.

SGML is in ISO standart: "ISO 8879:1986 Information processing—Text and office systems—Standard Generalized Markup Language (SGML)"

HTML en XML binne beide ûntwikkele fanút SGML. Dêr't HTML in aplikaasje is fan SGML, is XML in fersimpele plakferfanger fan SGML.