[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rekkared I

Ut Wikipedy
Bekearing fan Rekkared I, skilderij fan Muñoz Degrain
Munten fan Rekkared

Rekkared I (Latyn: Reccaredus; Goatysk: Rekkareþ; Spaansk: Recaredo; 559Toledo, 31 maaie 601) wie kening fan de Fisigoaten yn Spanje fan 586 oant 601. Hy wie in soan fan kening Leovigild.

Oars as syn heit wie syn bewâld freedsum, hoewol't er wol striderij hie mei de Franken en de Basken. In wichtich politike set fan him wie frede slute mei de Bizantinen.

Syn regear waard fierder skaaimerke troch it sykjen nei fermoedsoening mei de oermastere Romeinske befolking.

Rekkareds bekearing ta it Roomske leauwe hat fan grutte betsjutting west. Dat gie oars sa maklik net. Rekkared moast ôfrekkenje mei in tal grutte ariaanske opstannen en gearspannings.