[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rûben (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Ruben (russysk ikoan)'
'

Rûben (Hebriuwsk: רְאוּבֵן‎, "sjoch in soan") is neffens it bibelboek Genesis de âldste soan fan Jakob en Léa. Hy wie de aartsfaar fan de stamme fan de Rûbeniten.

Doe't Jakob fereale wie op Rachel, ien fan de dochters fan Laban, liet Laban him sân jier bodzje om mei Rachel te trouwen. Mar nei it houliksfeest ûntdiek Jakob dat er net de jongste dochter Rachel, mar de âldste dochter Léa fan Laban krige hie. Foar nochris sân jier bodzjen krige Jakob fan Laban lang om let ek Rachel. Mar om't Léa doe oer wie, soarge de Heare dat Léa fruchtber waard en hja joech berte oan Jakob's earste soan en neamde him Rûben. Léa hope dat har man no wol fan har hâlde soe.[1]

Rûben hie ris by it weetrispjen leafdeapels fûn, nei alle gedachten wurdt dêr alrún mei bedoeld, [2] en oan syn mem Léa jûn. Leafdeapels binne fruchten dy't seksuële ferlangens oproppe kinne. Léa brûkte dy apels om se yn ruil foar in nacht mei Jakob út te lienen oan Rachel, dy't noch gjin bern mei Jakob hie. Léa rekke dy nachts swier fan Issaskar.[3]

It wie Rûben dy't him fersette tsjin it plan fan syn bruorren om Joazef te fermoardzjen omreden dat Joazef der fan dreamde te hearksjen oer de oaren. Hy stelde út him yn in put efter te litten, sadat er Joazef letter werom bringe koe nei syn heit. Doe't Rûben letter werom kaam om by syn broer te sjen trof er in lege put oan, syn bruorren hiene Joazef ferkocht oan in hannelskaravaan en Rûben ferskuorde doe fan fertriet syn klean.[4] Letter konkludearre Rûben dat harren swierrichheden yn Egypte it gefolch wie fan it komplot dat syn bruorren tsjin Joazef makke hiene.[5]

Rûben feroarsake in skandaal troch syn seksuële aventoerke mei Jakob's byfrou Bilha, [6] doe't syn heit fuort wie. Nei't dat Jakob bekend waard rekke Rûben syn earstberterjocht kwyt.[7]

Rûben krige fjouwer soannen: Chanok, Pallû, Chesron en Karmy.[8] By wa't er syn soannen krige is ûnbekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genesis 29:31
  2. [https://christipedia.miraheze.org/wiki/Liefdesappels Christipedia, oproppen 31 jannewaris 2021
  3. Genesis 30:14-18
  4. Genesis 37:21-29
  5. Genesis 42:22
  6. Genesis 35:22
  7. Genesis 49:3-4
  8. Genesis 46:9