[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Pinyin

Ut Wikipedy
In strjitnamme yn Peking yn ferienfâldige Sineeske karakters (boppe) en pinyin-transliteraasje (ûnder).

Pinyin, formeel Hànyǔ pīnyīn (ferienfâldige Sineesk: 汉语拼音; tradisjoneel Sineesk: 漢語拼音; útspr.: [xân.ỳ pʰín.ín], likernôch: "channú p'hynyn" of, minder gebrûklik: [xân.ỳ pʰín.jín], likernôch: "channú p'hynjyn"), is in transliteraasjesysteem dat bedoeld is om Sineesktalige nammen, wurden of hiele teksten om te letterjen fan Sineeske karakters (Hanzi) nei it Latynske alfabet. Sûnt 1958 is dit yn 'e Folksrepublyk Sina it standertsysteem foar transliteraasje, en yn 2009 waard it ek as sadanich ynfierd yn Taiwan. Pinyin waard boppedat yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fêststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sadwaande is it ynternasjonaal yn gebrûk foar ûnderwiis yn it Mandarynsk, de wichtichste fan 'e Sinityske talen. Dêrnjonken wurdt pinyin brûkt as standert foar in protte inputmetoaden om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Pinyin omfiemet ek fjouwer opsjonele diakrityske tekens dy't op 'e fokalen pleatst wurde kinne om 'e toan oan te jaan (Sineesk is in tonale taal), mar yn 'e measte teksten wurde dy toantekens út 'e transliteraasje weilitten. De namme 'Hànyǔ pīnyīn' betsjut "stavere lûden" (pīnyīn) fan "de sprutsen taal fan 'e Han-(Sinezen)" (Hànyǔ).

It Pinyin-systeem waard yn 'e 1950-er jierren gearstald troch ferskate taalkundigen út 'e Folksrepublyk Sina, yn opdracht en ûnder tafersjoch fan it regear fan dat lân. Dejinge dy't fan alle belutsenen de grutste ynfloed hie, wie Zhou Youguang, dy't gauris oantsjut wurdt as "de heit fan pinyin". Zhou wurke as bankier yn New York, mar doe't yn 1949, oan 'e ein fan 'e Sineeske Boargeroarloch, de Folksrepublyk útroppen waard, kearde er werom nei hûs om mei te helpen by de weropbou fan syn heitelân. Yn Sina klom er op ta perfester yn 'e ekonomy oan 'e universiteit fan Sjanghai. Doe't fanút it Ministearje fan Underwiis yn 1955 in Komitee foar de Herfoarming fan 'e Sineeske Skreaune Taal oprjochte waard, parte premier Zhou Enlai oan Zhou Youguang de taak ta om in nij transliteraasjesysteem foar omstavering nei it Latynske alfabet te betinken, ek al wied er gjin taalkundige.

Zhou en syn meiwurkers giene út fan 'e grûnslach dy't lein wie troch ferskate eardere transliteraasjesystemen, lykas Gwoyeu Romatzyh út 1928 en Latinxua Sin Wenz út 1931. Dêrby waarden guon eleminten (benammen de diakrityske tekens) foege út it zhuyin-systeem (ek bekend as bopomofo), dat in spesjaal fonetysk skrift is dat yn 1918 yn Sina ynfierd waard. Zhou sei dêr letter sels oer: "Ik bin net de heit fan pinyin; ik bin de soan fan pinyin. It is [it resultaat fan] in lange tradysje fan 'e ein fan 'e Qing-dynasty ôf oan hjoed de dei ta. Mar we hawwe it fraachstik op 'e nij besjoen en op 'e nij ûndersocht en [de oplossing] perfeksjonearre." Op 12 febrewaris 1956 waard de earste kladferzje fan pinyin publisearre, en op 11 febrewaris 1958 waard it yn 'e tuskentiid fierder útwurke systeem goedkard en oannommen troch it 1e Nasjonale Folkskongres.

Neitiid waard it transliteraasjesysteem daliks yntrodusearre op 'e legere skoallen yn 'e Folksrepublyk, as in metoade om 'e útspraak fan it Standertmandarynsk oan te learen yn gebieten dêr't de lju in oare Sinityske taal of in minderheidstaal sprieken. Ek waard it brûkt as middel om analfabetisme te bestriden, mei't it Latynske alfabet folle makliker en flugger oanleard wurde kin as Sineeske karakters. Pinyin ferfong yn it Sineeske ûnderwiis âldere transliteraasjesystemen, lykas zhuyin. Nei de yntroduksje waard it pinyin-systeem noch ferskate kearen op 'e nij besjoen, wêrby't der lytse oanpassings yn oanbrocht waarden.

Fan 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren ôf begûnen publikaasjes út 'e Westerske wrâld dy't oer it fêstelân fan Sina giene, it pinyin-systeem te brûken. It kaam dêrby yn it plak fan âldere transliteraasjestelsels, lykas Wade-Giles (yntrodusearre troch Thomas Wade yn 1859 en yngeand oanpast troch Herbert Giles yn 1892). Dat systeem wie oant 1979 tige populêr yn Ingelsktalige publikaasjes dy't bûten Sina ferskynden. De oerstap op pinyin folge op 'e normalisearring fan 'e diplomatike relaasjes tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina yn 1979. De Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fierde pinyin yn 1982 yn as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet, en de Feriene Naasjes diene itselde yn 1986.

Neitiid waard pinyin ek offisjeel akseptearre troch ferskate oare ynternasjonale organisaasjes en troch it regear fan Singapoer, dêr't de mearderheid fan 'e befolking út etnyske Sinezen bestiet en it Sineesk ien fan 'e fjouwer offisjele talen is. Yn 2009 waard pinyin ek yn Taiwan ynfierd, mar guon stêden, bedriuwen en organisaasjes, benammen yn it suden fan it lân, wiene it dêr net mei iens en wegeren om pinyin te brûken. Sadwaande is it op Taiwan noch altyd ien fan ferskate transliteraasjesystemen dy't yn gebrûk binne.

Tsjintwurdich is it oer it algemien wenst om Sineeske toponimen en persoansnammen, fral as dy fan it Sineeske fêstelân komme, yn it Latynske skrift te staverjen neffens de transliteraasje fan it pinyin-systeem. In foarbyld is de feroaring fan 'e stavering fan 'e bekende kommunistyske foaroanman en oprjochter fan 'e Folksrepublyk, dy't foarhinne Mao Tse-tung hiet (neffens it Wade-Giles-systeem), mar tsjintwurdich oer it algemien oantsjut wurdt as Mao Zedong (neffens it pinyin-systeem). Yn 'e Folksrepublyk is pinyin no ek fierwei de meast brûkte inputmetoade om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Op Taiwan wurdt dêrfoar noch it meast zhuyin (bopomofo) brûkt.

Buordsjes oan 'e muorre fan in basisskoalle yn Sina, mei dêrop in Sineesk karakter en de transliteraasje yn pinyin.

Pinyin is in staveringssysteem dat eigen fonetyske wearden takent oan 'e ûnderskate letters fan it Latynske alfabet, krekt sa't talen dat dogge dy't allinnich mar yn dat alfabet skreaun wurde. Ek tusken sokke Westerske talen besteane dêrtroch by deselde letter ferskillen yn útspraak. Sa wurdt de letter z yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk útsprutsen as de fonetyske [z] fan "raze", wylst dyselde letter yn it Dútsk en Italjaansk stiet foar de [ʦ] fan "tsiis". As men Sineesk lêst dat werjûn is yn pinyin, moat men der dus net fan útgean dat de letters dy't brûkt wurde, deselde fonetyske wearde hawwe as yn it Frysk. Fral de letters c, q, x en z hawwe yn pinyin in foar Friezen ûngebrûklike fonetyske wearde, en kinne jin dêrom flink ferrifelje.

In lytser ferskil is dat it Standertmandarynsk, de foarm fan Sineesk dy't ornaris mei pinyin werjûn wurdt, net oer de klanken [b] (fan "bêd"), [d] (fan "dak") en [ɡ] (fan "goed") beskikt, wylst pinyin wol de letters b, d en g brûkt. Dy binne krekt as yn bgl. it Frysk yn pearen plofklanken keppele oan 'e p, t en k. Yn it Frysk en de measte oare Westerske talen is it ferskil dat de b, d en g stimhawwende plofklanken werjouwe, wylst p, t en k steane foar de stimleaze farianten fan dyselde plofklanken. Yn pinyin wurde letters fan 'e trije pearen net faninoar ûnderskaat troch stimhawwendheid en stimleazens, mar troch it al of net hawwen fan aspiraasje. Dat is it útsprekken mei in lichte h derefteroan, lykas Grinslanners faak dogge yn it bekende "Marthinithoren". Yn pinyin steane de b, d, g sadwaande foar de fonetyske [p] (fan "pet"), [t] (fan "tosk") en [k] (fan "kat"), wylst de p, t en k de aspirearre foarm fan dy fonemen werjouwe: [pʰ], [tʰ] en [kʰ]. (Dat ferskil yn útspraak komt ek yn bygelyks it Ingelsk foar, hoewol't it Ingelsk, krekt as it Frysk, dêropta ek pearen faninoar ûnderskaat op grûn fan stimhawwendheid en stimleazens.)

De letters z en c foarmje yn pinyin krekt sa'n selde pear, en wurde útsprutsen as [ʦ] (ts fan "tsiis") en [ʦʰ] (de aspirearre foarm fan ts). De z hat dêrmei yn pinyin dus deselde fonetyske wearde as yn it Dútsk en Italjaansk, en de fonetyske wearde fan 'e c hat wol wat wei fan hoe't dy letter útsprutsen wurdt yn 'e Slavyske talen dy't it Latynske alfabet brûke, lykas it Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Sloveensk en Kroätysk. Oare pearen fan ûnaspirearre en aspirearre klanken binne yn pinyin j en q, en zh en ch, dy't allegearre (alteast foar it Fryske ear) min ofte mear útsprutsen wurde as de tsj fan "tsjerke". De letters x en sh wurde min ofte mear útsprutsen as de sj fan "sjippe", wylst de h stiet foar de fonetyske [x] (ch fan "leech"), de w foar de [w] (w fan "skowe") en de y foar de [j] (j fan "jaan"). De r hat yn pinyin in wearde dy't wol wat liket op 'e Ingelske r. It liket miskien frjemd om 'e q út te sprekken as tsj en de x as sj, mar it komt wol mear foar: de q hat yn pinyin min ofte mear deselde útspraak as yn it Albaneesk, wylst de x yn pinyin min ofte mear deselde útspraak hat as yn it Portegeesk, Galisysk, Katalaansk, Baskysk en Malteesk.

Begjinklanken en einklanken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as by Westerske talen it gefal is, foarmje yn it Sineesk (en dêrom dus ek yn pinyin) net konsonanten en fokalen de grûneleminten fan 'e útspraak, mar de saneamde begjinklanken (inisjalen) en einklanken (finalen). Begjinklanken binne de konsonanten oan it begjin fan wurdlidden, wylst einklanken alle mooglike kombinaasjes binne fan letters dy't dêrop folgje. Einklanken kinne sadwaande bestean út in middenklank (mediaal) oftewol in healfokaal dy't foar de fokaal komt; in fokaal dy't de kearn fan it wurdlid foarmet; en in koda yn 'e foarm fan in ekstra fokaal of in konsonant oan 'e ein fan it wurdlid. Om in foarbyld te jaan: yn it twadde wurdlid fan 'pinyin' is y- de middenklank, -i- de kearn en -n de koda.

Begjinklanken besteane yn it Sineesk altyd út persiis ien konsonant; konsonantklusters dy't yn it Frysk hiel gewoan binne (bgl. "sprekke", "slak" of "strjitte" komme dus net foar. De einklanken einigje yn it Sineesk altyd op in fokaal of op ien fan 'e konsonanten [n] (n fan "net") of [ŋ] (ng fan "lang"). Utsûnderings op dy lêste regel binne it bysûndere oanslutende wurdlid -er en gefallen wêrby't de koda út in -r bestiet. Dat lêste is frij gewoan yn beskate Sineeske dialekten, mar komt yn it Standertmandarynsk mar komselden foar. In bekend foarbyld is de namme fan 'e stêd Harbin (ferienfâldige Sineesk: 哈尔滨; tradisjoneel Sineesk: 哈爾濱), dy't fan oarsprong net Sineesk is, mar ûntliend is oan 'e Mantsjoe-taal.

Klankynventaris

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de folchoarder oanholden dy't pinyin oernommen hat fan it eardere zhuyin-systeem: b, p, m, f, d, t, n, l, g, k, h, j, q, x, zh, ch, sh, r, z, c, s.

pinyin IPA likernôch ekwivalint
yn 'e útspr. fan it Frysk
                 foarbyld                 omskriuwing
b [p] "p" Frysk: pet de 'gewoane' p, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
p [pʰ] "p'h" Ingelsk: pit in p dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
m [m] "m" Frysk: mis de 'gewoane' m, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
f [f] "f" Frysk: fak de 'gewoane' f, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
d [t] "t" Frysk: tin de 'gewoane' t, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
t [tʰ] "t'h" Ingelsk: take in t dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
n [n] "n" Frysk: net de 'gewoane' n, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
l [l] "l" Frysk: liet de 'gewoane' l, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt, miskien wat mear foar yn 'e mûle útsprutsen, lykas yn it Nederlânsk
g [k] "k" Frysk: kaam de 'gewoane' k, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
k [kʰ] "k'h" Ingelsk: coal in k dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
h [x] "ch" Frysk: leech de 'gewoane' ch, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
j [ʨ] "tsj" Ingelsk: churchyard de stimleaze alveolo-palatale affrikaat: likernôch de tsj fan "tsjerke", mar mei it sj-part fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan
q [ʨʰ] "tsj'h" in stimleaze alveolo-palatale affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
x [ɕ] "sj" Ingelsk: push yourself de stimleaze alveolo-palatale sibilant: likernôch de sj fan "sjippe", mar fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen, mei de tonge tsjin 'e ein fan it hurde ferwulft oan
zh [ʈʂ] "tsj" Ingelsk: joke de stimleaze retroflekse affrikaat: likernôch de dzj fan "siedzje", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
ch [ʈʂʰ] "tsj'h" Amerikaansk-Ingelsk: nurture in stimleaze retroflekse affrikaat (sjoch hjirboppe) dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
sh [ʂ] "sj" Amerikaansk-Ingelsk: shoe de stimleaze retroflekse sibilant: de s fan "sin", mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
r [ɻ ~ ʐ] - Amerikaansk-Ingelsk: rude de [ɻ] (retroflekse approksimant): in Ingelske r (alveolêre approksimant) dy't útsprutsen wurdt mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel; ek útsprutsen as de [ʐ] (stimhawwende retroflekse sibilant): in z, mar útsprutsen mei de tonge werombûgd yn 'e rjochting fan 'e kiel
z [ʦ] "ts" Frysk: tsiis de 'gewoane' ts, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
c [ʦʰ] "ts'h" in ts dy't sterk aspirearre is, d.w.s. dy't folge wurdt troch in h-klank
s [s] "s" Frysk: sin de 'gewoane' s, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
w [w] "-w-", "û-" Frysk: skowe, hoanne de healfokaal w (stimhawwende labio-felêre approksimant), net te betiizjen mei de w fan "wiet", dy't net yn it Sineesk foarkomt
foarôfgeande oan in e of a wurdt dizze konsonant soms útsprutsen as in [v] (v fan "weve")
y [j]
([ɥ])
"j" Frysk: jas de 'gewoane' j, sa't dy ek yn it Frysk foarkomt
foarôfgeande oan 'e u soms útsprutsen as de [ɥ] (labio-palatale approksimant): in hiel sêfte, mei rûne lippen foarme w fan "skowe"

Oer y en w en de apostrof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De begjinklanken y- en w- hawwe deselde útspraak as de middenklanken -i- en -u- of -ü- (sjoch ûnder). Dy middenklanken wurde soms stavere as y- en w- as der gjin konsonant oan it begjin fan it wurdlid stiet, mei as bedoeling om oan te jaan wêr't in nij wurdlid begjint. Om in foarbyld te jaan: it wurd fanguan kin opdield wurde yn 'e wurdlidden fan-guan. By it wurd fangwan binne de wurdlidden fang-wan; trochdat de middenklank -u- hjir stavere wurdt as -w-, is dúdlik wêr't it twadde wurdlid begjint. Wie de stavering fan 'e u net feroare yn w, dan hie der stien *fanguan, mei as wurdlidden *fang-uan.

Troch -i- en -u- of -ü- yn sokke gefallen te skriuwen as y en w, hoecht de apostrof inkeld noch as wurdliddeskieder ynset te wurden yn gefallen dêr't de earste letter fan in twadde wurdlid in a, e of o is: lykas om Xi'an (twa wurdlidden: [ɕi.an]) te ûnderskieden fan xian (ien wurdlid: [ɕi̯ɛn]). Boppesteande is trouwens allinnich in probleem as de diakrityske tekens foar it werjaan fan 'e toanen net tafoege binne; sa kin Xi'an ek skreaun wurde as Xīān, wêrby't de beide toantekens dúdlik oanjouwe dat it om twa wurdlidden giet, want dan wurde der twa toanen oanjûn en ien wurdlid kin mar ien toan hawwe.

De y- en w- wurde ek tafoege oan 'e fokalen i en u of ü as dy foarkomme sûnder in begjinkonsonant, sadat se skreaun wurde as yi, wu en yu (= * sûnder trema om't de y- yn dit gefal de ü ûnderskiedt fan 'e u: it wurd/wurdlid yu mei in -u (= û-klank) komt yn it Mandarynsk net foar). Oer it algemien wurde de y- en w- yn sokke gefallen as stom beskôge, mar guon Mandarynsktaligen sprekke se yn sokke wurdinisjale posysjes wol deeglik út. Yi mei dêrom útsprutsen wurde as [i] ("y") of [ji] ("jy"), wu as [u] ("û") of [wu] ("wû" mei de w fan "skowe") en yu as [y] ("ú") of [ɥy] ("wú" mei likernôch de w fan "skowe"). De namme 'pinyin' wurdt sadwaande almeast útsprutsen as "p'hynyn", mar mei ek útsprutsen wurde as "p'hynjyn".

Hjirûnder in list fan alle einklanken yn it Standertmandarynsk, útsein de measten dy't einigje (kinne) op -r. Om in einklank te finen, moatte jo:

  • de begjinklank fan in wurdlid falle litte. Begjinklanken binne konsonanten; ch-, sh- en zh- telle mei as konsonanten, mar w- en y- net.
  • de w- en y- feroarje yn u- en i-.

Foar weng, wen, wei en you, sjoch ûnder: ong, un, ui en iu. Foar u nei j, q, x, of y, sjoch ûnder ü.

pinyin IPA foarm sûnder
foarôfgeande konsonant
útspraak
-i [ɹ̩~z̩], [ɻ~ʐ̩] komt net foar in zoemend klinkende fuortsetting fan 'e foargeande konsonant
dy konsonant kin in z, c, s, zh, ch, sh of r wêze; yn alle oare gefallen wurdt de i útsprutsen as "y"
einlûden begjinnend mei a
a [a] a a fan "bad"
ai [ai̯] ai ai fan "laitsje" (Wâldfryske útspraak)
an [an] an an fan "dan"
ang [aŋ] ang ang fan "bang"
ao [au̯] ao au fan "lau"
einlûden begjinnend mei e
e [ɤ] e it koart net-rûne healsletten efterlûd, oftewol de o fan "bok", mar útsprutsen mei sprate lippen
ei [ei̯] ei ee fan "reek", d.w.s. gjin suvere lange ee [e:], mar ien dy't op 'e ein nei in y-klank niget
en [ən] en un fan Nederlânsk dun
eng [əŋ] eng lykas 'ung', as dat in Frysk wurd wêze soe
er [aɚ̯] er ar lykas yn 'e Amerikaansk-Ingelske (roatyske) útspraak fan "bar"
einlûden begjinnend mei i (y)
i [i] yi y fan "dyk"
ia [ja] ya ja fan "jak"
ian [jɛn] ([jan]) yan as "jern"; guon Sineeske memmetaalsprekkers sprekke it út as "jan" (rymt op "dan")
iang [jaŋ] yang lykas "jang", as dat in Frysk wurd wêze soe (rymt op "lang")
iao [jau̯] yao jou fan "ik jou"
ie [je] ye je fan "jeze"
in [in] yin as "yn"
ing [iŋ] ying as yng fan "yngeand", mar sûnder de g-klank derefteroan
iong [jʊŋ] yong lykas "jûng", as dat in Frysk wurd wêze soe
iu [jou̯] you lykas yn it Nederlânske jood, d.w.s. gjin suvere lange oo [o:], mar ien dy't op 'e ein nei in û-klank niget
einlûden begjinnend mei o
ong [ʊŋ] komt net foar 'ûng' fan "ûngerêst" sûnder de g-klank derefteroan
ou [ou̯] ou oo fan "stroom" of "ho", d.w.s. gjin suvere lange oo [o:], mar ien dy't op 'e ein nei in û-klank niget
einlûden begjinnend mei u (w)
u [u] wu û fan "tûk"
ua [wa] wa oa fan "koart"
uai [wai̯] wai oai yn "boaiem"; as it Ingelske why, mar koarter
uan [wan] wan as it Ingelske one
uang [waŋ] wang as "û-ang" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
komt net foar [wəŋ] weng as "û-ung" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
uo / o [wo] wo uo fan "huodden"
ui [wei̯] wei as it Ingelske way
un [wən] wen as 'wen' yn "skriuwen"
einlûden begjinnend mei ü (yu)
u / ü [y] yu ú fan "tút"
uan / üan [ɥɛn] yuan as "ú-an" (fluch útsprutsen, sadat it ien wurdlid wurdt)
ue / üe [ɥe] yue likernôch as "û-ee" (fluch útsprutsen, sadat de û de w fan "skowe" wurdt)
un / ün [yn] yun ún fan "dún"
allinnich as ynterjeksjes
ê [ɛ] komt net foar e fan "let"
o [ɔ] komt net foar o fan "hok"
io [jɔ] yo ja fan "jas"

Opmerklik oan 'e stavering fan pinyin binne de folgjende dingen:

  • Wurdlidden dy't begjinne mei i- wurde ynstee skreaun mei y- (bgl. *ian wurdt yan). In wurdlid dat inkeld út 'e fokaal i bestiet, wurdt skreaun as yi.
  • Wurdlidden dy't begjinne mei u- wurde ynstee skreaun mei w- (bgl. *uan wurdt wan). In wurdlid dat inkeld út 'e fokaal u bestiet, wurdt skreaun as wu.
  • Wurdlidden dy't begjinne mei ü- wurde ynstee skreaun mei yu- (bgl. *üan wurdt yuan). In wurdlid dat inkeld út 'e fokaal ü bestiet, wurdt skreaun as yu.
  • De ü wurdt skreaun as u (sûnder trema) as der gjin misferstân omtrint de útspraak ûntstean kin. Dat is it gefal mei de wurdlidden ju, qu, xu en yu, dy't útsprutsen wurde mei de fonetyske wearde [y] ("ú"), om't se yn it Sineesk net foarkomme mei de fonetyske wearde [u] ("û"). De ü wurdt lykwols wol skreaun mei in trema as der in korrespondearjend wurdlid bestiet mei de fonetyske wearde [u]. Dus skriuwt men en (mei de útspraak "ú") om't lu en nu (mei de útspraak "û") ek foarkomme. Soms wurdt de ü yn sokke gefallen ferfongen troch de letter v (dy't eins net foarkomt yn pinyin), om't it bgl. op mobile tillefoanen hiel omslachtich is diakrityske tekens lykas it trema oan fokalen ta te foegjen.
  • As se foarôfgien wurde troch in konsonant, wurdt de stavering fan iou, uei en uen ferienfâldige ta iu, ui en un, ek al fertsjintwurdiget dy skriuwwize net de útspraak.
  • Krekt as yn it âldere transliteraasjesysteem zhuyin wurde de wurdlidden dy't útsprutsen wurde as *buo, *puo, *muo en *fuo skreaun as bo, po, mo en fo.
  • De apostrof (’) wurdt brûkt om 'e skieding tusken wurdlidden oan te jaan as de earste letter fan in twadde wurdlid in a, e of o is: lykas om Xi'an (twa wurdlidden: [ɕi.an]) te ûnderskieden fan xian (ien wurdlid: [ɕi̯ɛn]). (Dat is trouwens allinnich in probleem as de diakrityske tekens foar it werjaan fan 'e toanen net tafoege binne; sa kin Xi'an ek skreaun wurde as Xīān, wêrby't de beide toantekens dúdlik oanjouwe dat it om twa wurdlidden giet, want ien wurdlid kin mar ien toan hawwe.)
  • De stavering fan zh, ch en sh kin ôfkoarte wurde ta , ĉ en ŝ. Dat wurdt lykwols selden dien om't it omslachtich is om sokke konsonanten mei diakrityske tekens yn kompjûters yn te fieren.
  • Krektsa mei de ng ferkoarte wurde ta ŋ, mar ek dat wurdt selden dien fanwegen de swierrichheden mei digitale ynfier.
  • Nettsjinsteande in bewust besykjen troch de betinkers fan pinyin om 'e letters fan it Latynske alfabet lykmjittiger te brûken as de measte Westerske talen dogge, komt de letter v yn pinyin net foar, útsein yn 'e stavering fan bûtenlânske plaknammen en as it systeem brûkt wurdt foar it skriuwen fan beskate minderheidstalen yn Sina. Soms wurdt de v dêrom ynset as ôfkoarte foarm fan 'e ü, om't de v makliker ynfierber is op bgl. de mobile tillefoan as de u mei in trema. In neidiel dêrfan is dat op 'e v gjin diakrityske tekens tafoege wurde kinne om 'e toan wer te jaan.

Werjefte troch tafoeging fan diakrityske tekens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pinyin omfiemet ek in systeem fan diakrityske tekens om 'e fiif toanen fan it Mandarynsk wer te jaan. Yn Westerske publikaasjes, lykas boeken oer de skiednis fan Sina, atlassen en reisgidsen, wurde dy tekens faak fuortlitten, en ek yn Sina sjocht men se bûten it ûnderwiis net in protte. De diakrityske tekens dy't brûkt wurde, binne: de makron (ˉ) foar de hege toan; it skerpteken (ˊ) foar de opgeande toan; de karon (ˇ) foar de delgeand-opgeande of lege toan; it klamteken (ˋ) foar de delgeande toan; en foar de neutrale toan wurdt gjin diakritysk teken tafoege. De karon, dy't op 'e delgeand-opgeande toan pleatst wurdt, is in breedteken (kapke of dakje) op 'e kop, en moat net betize wurde mei de breve (˘), dy't folle rûner is.

toan a e i o u ü
1e toan of hege toan ā (Ā) ē (Ē) ī (Ī) ō (Ō) ū (Ū) ǖ (Ǖ)
2e toan of opgeande toan á (Á) é (É) í (Í) ó (Ó) ú (Ú) ǘ (Ǘ)
3e toan, delgeand-opgeande toan of lege toan ǎ (Ǎ) ě (Ě) ǐ (Ǐ) ǒ (Ǒ) ǔ (Ǔ) ǚ (Ǚ)
4e toan of delgeande toan à (À) è (È) ì (Ì) ò (Ò) ù (Ù) ǜ (Ǜ)
5e toan of neutrale toan a (A) e (E) i (I) o (O) u (U) ü (Ü)

Yn wurdboeken wurdt de neutrale toan faak oantsjut troch it oangeande wurdlid foarôfgean te litten troch in middelhege punt, lykas by •ma.

Dizze toanen binne yn it Mandarynske en alle oare Sinityske talen betsjuttingsûnderskiedend en dêrom essinsjeel foar de korrekte útspraak. Ferlykje de ûndersteande Mandarynske wurden en harren betsjuttings:

wurd betsjutting
"mem"
"himp"
"hynder"
"beskrobje"
ma in freegjend taheaksel

Om 'e toan fan in wurdlid wer te jaan, wurdt it korrekte diakrityske teken boppe-op de fokaal pleatst dy't de kearn fan it wurdlid foarmet, of it moat wêze dat dy fokaal ûntbrekt (sjoch de folgjende alineä). Foarbyld: by in wurdlid as kuài is k de begjinletter (inisjaal), u de middenletter (mediaal), a de kearn en i de koda. De regels foar it finen fan 'e kearn binne:

  • as der mar ien fokaal is, dan kriget dy it toanteken;
  • as der mear as ien fokaal is, en der is in a of in e, dan komt it toanteken op dy a of e (in a èn in e yn ien wurdlid komt net foar);
  • as der mear as ien fokaal is, en der is gjin a of e, mar wol in ou, dan komt it toanteken op 'e o;
  • yn alle oare gefallen mei mear as ien fokaal komt it toanteken op 'e twadde fokaal.

As de kearn útsprutsen wurdt as in sjwa ([ə], de e fan "de", yn pinyin skreaun as e of o), en der is sawol in middenletter as in koda, dan kin de kearn út it wurdlid weifalle. Yn sa'n gefal komt it faak foar dat de koda in -n of -ng is, sadat de middenletter i, u of ü as iennichste fokaal oerbliuwt. Dan kriget de middenletter it toanteken. Is lykwols de koda net in konsonant, mar in fokaal, dan kriget dý it toanteken. Dat komt foar yn wurdlidden dy't einigje op -ui (wèi wurdt dan ) en op -iu (yòu wurdt dan -iù).

Werjefte troch tafoeging fan sifers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de opkomst fan kompjûters beskikten in protte typmasines net oer makrons (bgl. ā) en karons (bgl. ǎ), al koe in karon faak wol provisoarysk oanmakke wurde troch sawol in skerpteken as in klamteken op in fokaal te setten. Dêrom waarden doedestiden oan 'e ein fan wurdlidden faak sifers tafoege mei it nûmer fan 'e toan. By it boppesteande foarbyld soe dat it folgjende taalbyld opsmite: waard skreaun as ma1; as ma2; as ma3; as ma4; en ma as ma5, ma0 of gewoan ma.

Werjefte fan it toanteken op 'e ü

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It werjaan fan it toanteken op 'e ü, dy't ommers al in diakritysk teken hat, kin problematysk wêze. As der yn pinyin in [y] ("ú"-lûd) folget op 'e begjinletters l- of n-, moat dy klank werjûn wurde as om betizing mei de [u] ("û"-klank) foar te kommen. Sa wurde bgl. de wurden lu (ferienfâldige Sineesk: 炉; tradisjoneel Sineesk: 爐; "ûne") en (ferienfâldige Sineesk: 驴; tradisjoneel Sineesk: 驢; "ezel") faninoar ûnderskaat. Dêrby komt it toanteken dan boppe op it trema: .

In praktysk probleem dat dêrút fuortfloeit, is bgl. it transliterearjen fan 'e famyljenamme 吕 (), dy't in protte foarkomt, en folle mear as ferlykbere famyljenammen sûnder trema 陆 (), 鲁 (), 卢 () en 路 (). Foarhinne diene de ûnderskate paspoartútjaande ynstânsjes yn Sina mar wat om dit probleem op te lossen. Sa waard de nammen mei en wol stavere as "LV" en "NV" of as "LU" en "NU". Sûnt 2012 hat it Sineeske Ministearje fan Iepenbiere Feilichheid lykwols dizze tizeboel oanpakt troch de standertskriuwfoarmen "LYU" en "NYU" yn te fieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.