[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Aldewetter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oudewater)
Topografyske gemeentekaart fan Aldewetter, desimber 2016

Aldewetter (Nederlânsk en offisjeel: Oudewater) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert.

It plak krige stedsrjochten yn 1265 en is dêrmei de âldste stêd yn it Griene Hert. Aldewetter leit oan de mûning fan it rivierke de Lange Linschoten yn de Hollânske Isel. De gemeente Aldewetter bestiet neist de stêd Aldewetter de eartiidske gemeenten Hoenkoop, Snelrewaard en Willeskop. Yn 1989 binne de kearnen Papekop en Hekendorp út de ophefte gemeente Driebruggen by Aldewetter komd. Aldewetter heart sûnt 1970 by de provincie Utert, dêrfoar wie it in diel fan Súd-Hollân. De gemeente hat in oerflak fan 40,17 km², wêrfan 1 km² wetter.

De omjouwing bestiet út lintbebouwing mei in grutte rol foar feehâlderij. De measte bebouwing fan de kearn Aldewetter leit as in krânse om it histoaryske sintrum benoarden de Hollânske Isel. It diel fan de gemeente besuden dy rivier leit yn de Lopikerwaard. Aldewetter ûntstie omtrint 1100 yn in meänderbocht dêr’t Lange Linschoten gearkomt mei de Hollânske Isel. De oarsprong fan de namme Aldewetter is net bekend. It meast wierskynlik is dat it in ferbastering is fan 'âlde (uter)waarden'.

Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje