Leusden
Leusden | |
---|---|
Sintrum fan Leusden | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Gerolf Bouwmeester (D66) |
sifers en geografy | |
haadplak | Leusden |
grutste plak | Leusden |
ynwennertal | 31.670 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 525 / km² |
oerflak | 58,89 km² |
● wêrfan lân | 58,54 km² |
● wêrfan wetter | 0,35 km² |
tal doarpen | 4 |
ferkearsieren | |
skiednis | |
oprjochte | 1969 |
oar | |
netnûmer | 0333, 0342 |
postkoade | 3830-3835, 3791-3792 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.leusden.nl |
Leusden is in plak en gemeente yn de provinsje Utert mei sa'n 31.670 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en mei in oerflak fan 62 km². As gemeente bestiet Leusden sûnt de fúzje mei de eardere gemeente Stoutenburg yn 1969 yn syn hjoeddeistige foarm.
It westlike part fan de gemeente leit op de râne fan de Utertske Heuvelrêch en wurdt foar it grutste part bedutsen mei wâld en heidelân. It eastlike part leit yn de Gelderske Fallei en is benammen lânbougrûn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Argeologyske fynsten yn 'e omkriten komme fan de iere stientiid. Op de Leusderheide waard in 50.000-30.000 jier âlde blêdspits, dy't tsjinne as in spearpunt, fûn. De earste fêste bewenning kaam fan de brûnstiid ôf. De grêfhichten dy't by Oud-Leusden fûn waarden litte dat sjen. Dêr wiene guon boeredelsettings fan likernôch 1600 f.Kr.
Yn de Romeinske tiid waard it gebiet fannijs bewenne. Om 300 n.Kr. hinne waard der in lytse wachttoer boud dêr't de fûneminten fan weromfûn waarden. Fan it begjin fan de fjirde iuw ôf liket it gebiet foar in skoft net bewnne west te hawwen. Yn de twadde helte begûn de skiednis fan it hjoeddeistige doarp, yn de buorskip Oud-Leusden oan de súdwestkant fan Amersfoart. By opgravings yn de 1980-er jierren waarden in delsetting en in grêffjild weromfûn. Yn 777 wurdt der yn in biskoplike oarkonde de namme Lisiduna, dat it hjoeddeistich Oud-Leusden is, neamd. Dat foarme it sintrum fan in gebiet dat in hannen wie fan greve Wigger, dochs dat jier troch Karel de Grutte oan de Sint-Martentsjerke yn Utert skonken waard.
Fan de achtste iuw woeks it doarp. De ekonomy fan it doarp bestie benammen út lânbou, izerproduksje en fersoarging, as sintrum fan in grut karspel. It tebekrinnen begûn nei alle gedachten yn de iere trettjinde iuw, doe't de karspel kromp en de produksje fan izer tebekrûn. It ekonomysk mulpunt fan de omkriten ferpleatste him nei it easten fan it gebiet nei it sintrum fan de hjoeddeistige gemeente.
Yn de santjinde iuw woeks de tylt fan tabak reedlik fluch, en berikte syn hichtepunt om 1700 hinne. It gebiet wie dêr, troch syn klimaat, boaiem (ierde) en goede ferbinings mei wichtige sintrums foar de hannel en bewurking fan tabak sa as Amersfoart, Nijkerk en Wageningen, tige gaadlik foar. Yn de achttjinde iuw waard der, troch de waaksende prizen, foar in part fannijs oergien op nôt. Sûnt de njoggentjinde iuw wie it waaksen fan tabak net mear fan belang.
De Dodeweg (lykwei) ferbûn it doarp Leusbroek mei de tsjerke en begraafplak yn Oud-Leusden. Dêr stiet noch hieltyd in tsjerketoer út de trettjinde of fjirtjinde iuw, dy't fan de A28 ôf te sjen is. De tsjerke, dy't der by hearde, waard yn 1827 sloopt. It mulpunt fan Leusden kaam eastliker te lizzen en de nije tsjerke, in saneamde wettersteatstsjerke, waard by de buorskip Bavoort, oan de doe nije dyk fan Amersfoart nei Arnhim, de hjeoddeistige N226, boud. Dy tsjerke wurdt hjoed-de-dei noch hieltyd brûkt yn itjinge no Leusden-Súd hjit.
Oant de njoggentjinde iuw wie Leusden in plattelânsgebiet. Yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw ûntstiene wiere wenkearnen. Yn Hamersveld wie dat benammen by it gemeentehûs en de tsjerke, en yn Leusbroek om de Doarpstjerke hinne.
De gemeente krige yn 1951 syn wapen. Yn 1969 fusearre er mei buorgemeente Stoutenburg, dêr't doe ek it doarp Achterveld ûnder foel. Dêrmei krige de gemeente syn hjoeddeistige foarm. De eardere gemeente Leusden bestie út de twa lytse doarpen Leusbroek en Hamersveld, dy't yn de 1960-er jierren en de 1970-er jierren reedlik fluch woeksen en dy waarden doe omneamd ta Leusden-Súd en Leusden-Sintrum. It wie pas yn dy snuorje dat it hjoeddeistige Leusden foar it earst op de kaart ferskynde. Nei't yn 1959 de earste grutte útwreidings kamen, begûn de gemeente stadichoan mear te waaksen. Hoewol't de provinsje beswier hie tsjin it bouwen fan wenten eastlik fan it Falleikanaal, kaam der yn 1968 in bysteld struktuerplan, dêr't fan út gien waard mei in ynwennertal om 46.000 om it jier 2000 hinne. Dy útwreidings krigen sûnt de santiger jierren hieltyd mear krityk. Pleatslike aksjegroepen seagen in urbanisaasje fan de gemeente net sitten. De gemeente luts dêrtroch syn struktuerplan yn 1973 werom, nei't de protesten nasjonaal omtinken krigen hiene. Neffens it nije bestimmingsplan soe de gemeente útgroeie ta krapoan 20.000 ynwenners yn 1985.
Ek it bouwen fan nijbouwyk de Tabaksteeg yn 2006 wie net sûnder tsjinstân. De provinsje woe dy plannen ynearsten lykwols net, dochs waard dy wyk yn it gebiet by Leusden-Súd boud. Doe't dat lang om let goedkard waard, waard ynearsten troch it gemeentebestjoer ynset op in omstriden maksimum fan 800 wenten. Nei in soad oerlizzen waarden it der 905, dêr't 30% sosjale wentebou fan is.
Leusden fierde op 8 juny 1977 syn 1200 jierrich bestean. Leusden waard yn 2017 útkeazen ta bêste wannelgemeente fan Nederlân fan it jier.
Oare kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it plak Leusden sels, bestiet de gemeente Leusden út de doarpen Achterveld, Leusden-Súd en Stoutenburg, en in tal buorskipen: Oud-Leusden, De Ruif, Den Treek, Jannendorp, Snorrenhoef, Musschendorp en Asschat.
It plak Leusden hat likernôch 29.200 ynwenners. Leusden-Súd wie ynearsten in selsstannich doarp, mar troch de bou fan de wyk Tabaksteeg, is it doarp hast folslein oan Leusden fêstwoeksen. Leusdn foldocht oan de statistyske kritearia fan in lytse stêd.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Leusden grinzget yn it noarden oan Amersfoart, dêr't er troch de A28 fan skaat wurdt, yn it easten oan Barneveld, yn it suden oan Woudenberg en yn it westen oan Seist.
Leusden leit foar in part yn de Gelderske Fallei en part op de Utertske Heuvelrêch. Dat lêste omfiemet de Leusderheide, dy't foar in grut part út militêr oefenterrein bestiet, en it lângoed Den Treek.
Oan de eastkant fan Leusden leit de Grebbelinydyk by it Falleikanaal del. Dêr binne noch bunkers fan de Twadde Wrâldkriich oer. Tekenjend foar Leusden is de KPN-telefyzjemêst oan de Lockhorsterweg dy't in hichte fan 127,4 meter hat.
Lânguod en natoergebieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de rânen fan Leusden leit lânguod mei gruttere lânhuzen dy't almeast yn gebrûk binne as kantoaren. Foarbylden binne it Stoutenburg, Den Treek-Henschoten, Leusderend, Lockhorst (dêr't tagelyk ek it Lockhorsterbosk is), De Boom en Heiligenberg.
De natoergebieten binne Bloeidaal, de Schammer, Leusderheide en Groot Zandbrink. It ekoduct Treeker Wissel ferbynt de Leusderheide mei it lângoed Den Treek-Henschoten.
Wiken en buerten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Akkerhoeve
- Alandsbeek
- Bosveld
- Claverenblad
- Groenhouten
- Hamershof (Sintrum)
- Hamersveld-Oud (foar in part sintrum)
- Hamersveld-Nieuw
- Langenbeek
- Leusden-Súd
- Munnikhove
- Noordwijck
- Rossenberg
- Rozenboom (Sintrum)
- Rozendaal
- Tabaksteeg
- 't Ruigeveld
- 't Vliet
- Valleipark
- Wetering
- Wildenburg
- Zwanenburg
Bedriuweterreinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ambachtsweg
- De Horst
- Paardenmaat
- Princenhof
- 't Ruigeveld
- 't Spieghel
- De Fliert (Achterveld)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Gemeente Leusden
Leusden | ||
---|---|---|
Doarpen: Achterveld • Leusden • Leusden-Súd • Stoutenburg | ||
Buorskippen: Asschat • Moorst • Musschendorp • Oud-Leusden • Snorrehoef | ||
· · |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
· · |