Oradour-sur-Glane
Appearance
Oradour-sur-Glane | ||
Tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Departemint | Haute-Vienne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.478 (2020) | |
Oerflak | 38,16 km² | |
Befolkingsticht. | 65 ynw./km² | |
Hichte | 227 m-312 m | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+1) | |
Koördinaten | 45° 56' N 1° 01' E | |
Offisjele webside | ||
oradour-sur-glane.fr | ||
Kaart | ||
Oradour-sur-Glane is in gemeente en plak yn it departemint Haute-Vienne yn de regio Limousin yn west-sintraal Frankryk. It is it plak fan de Moardpartij fan Oradour-sur-Glane.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike doarp oan de rivier de Glane waard yn de Twadde Wrâldkriich op 10 juny 1944 ferwoastge. Op dy dei waarden 642 ynwenners, ek froulju en bern, fermoarde troch de Dútske Waffen-SS 2e SS Pânserdifyzje "Das Reich". Nei de oarloch waard it doarp tichteby de ruïnes fannijs boud, mar yn opdracht fan de doetiidske presidint Charles de Gaulle waard it oarspronklike plak bewarre as permanint monumint. It Centre de la mémoire d'Oradour-museum stiet dêr ek.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2006 | 2011 |
Ynwennertal | 1.671 | 1.759 | 1.941 | 1.998 | 2.025 | 2.188 | 2.325 |
Jier | 2020 | ||||||
Ynwennertal | 2.478 |
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kaart mei it âlde en nije doarp
-
It ferwoastge doarp
-
Haadstrjitte
-
Yngong fan de âlde haadstrjitte
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oradour-sur-Glane fan Wikimedia Commons. |