[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Northrop Grumman

Ut Wikipedy
Northrop Grumman Corporation
algemien
nasjonaliteit Feriene Steaten
sektor definsje-yndustry, loftfeart, romtefeart
haadkertier Falls Church (Virginia)
oprjochte 1994
oprjochter Jack Northrop, Leroy Grumman
fuortk. út Northrop en Grumman
sifers
omset 24,661 miljard dollar (2013)
winst 1,952 miljard dollar (2013
aktyf yn hiele wrâld
wurknimmers 68.100 (2012)[1]
offisjele webside
http://www.northropgrumman.com/
Fabrykshal fan Northrop Grumman yn Los Angeles.

De Northrop Grumman Corporation is in Amerikaansk kriichsark-, loftfeart- en romtefeartbedriuw. It bedriuw is ynskreaun by de beurs New York Stock Exchange en is part fan de beursyndeks S&P 500.

Ta de wiidst ferneamde fabrikaten kinne rekkene wurde de fleandekskippen fan de Nimitz-klasse, de ferkenningsdrone RQ-4A Global Hawk, en de F-35 Lightning II.

Yn 2001 waard Newport News Shipbuilding and Drydock Company (NNS) troch Northrop Grumman kocht. It is de grutste private skipswerf fan de Feriene Steaten en draacht hjoed-de-dei de namme Northrop Grumman Newport News (NGNN). Northrop Grumman Newport News is ien fan de twa skipswerven yn de F.S. dy't skippen bout dy't nukleêr oandreaun wurde; de oare is Electric Boat Corporation. It is ek de iennichste werf dy't by steat is en meitsje fleandekskippen fan de Nimitz-klasse. Dêrfoar hat de werf de grutste kraan fan it westlik healrûn ta syn foldwaan. NGNN sit yn Newport News, Virginia, en wurket gauris gear mei de Norfolk Naval Shipyard, in skipswerf tichtby yn Portsmouth, Virginia.

In kar:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Northrop Grumman fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) GoogleFinance