[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nordahl Grieg

Ut Wikipedy
Nordahl Grieg yn WW I.

Johan Nordahl Brun Grieg, (Bergen, 1 novimber 1902 – delsketten boppe Berlyn, 2 desimber 1943) wie in Noarsk dichter, skriuwer, sjoernalist en polityk aktivist.[1] Hy wie in populêr dichter, mar ek in kontroversjele persoan yn syn tiid.[2] As oertsjûge stalinist,[3] wie er foarsitter fan de Noarske politike organisaasje 'freonen fan de Sovjet-Uny' (1935–1940).

Stânbyld fan Nordahl Grieg yn Bergen

Johan Nordahl Brun Grieg wie besibbe oan de ferneamde komponist Edvard Grieg en in broer fan de publisist Harald Grieg. Grieg studearre oan de Kening Frederickuniversiteit (no de Universiteit fan Oslo). Grieg syn debút as dichter wie 1922 mei de dichtbondel Omkring Kap det gode Haab, yn 1924 folge troch Skibet gaar videre ("It skip silet fierder"). Grieg wie yn 1927 korrespondint yn China en wie dêr tsjûge fan de boargerkriich tusken de Kwomintang en de Sineeske kommunisten.[4] Itselde jier skreau er de toanielstikken En ung manns Kjaerlighet ("de leafde fan in jongkeardel") en Barabbas.[4][5]

Fan 1933 oant 1935 wenne er yn de Sovjet-Uny. He wie offysjeel útnûge om de techniken en steat fan de Sovjet film te bestúdearjen.[4] Doe't hy weromkaam yn Noarwegen, waard hy bekind as in fûleinich oanhinger fan Josef Stalin syn politiek, en waard de foarsitter fan de Freonen fan de Sovjet Uny yn it selde jier. Yn 1937, skreau hy de ferneamde ferdigening foar de Moskouske Gerjochten, wêrmei hy talryke Noarske skriuwers oanfoel die't kritiek hienen op dy gerjochten. Ek yn syn roman Ung må verden ennu være ferdigene er Stalin en de rjochtsaken. De oanhingers fan Leon Trotsky, dy't er as ferrieder beskôge, kritisearre er yn artikelen.[6]

It stik Vår ære og vår makt (1935) wie in oanfal op it útrûpeljen fan seelju troch de skipfeartyndustry. Fan 1936 oant 1937 publisearre Grieg it magazine Veien Frem, dat yn it earstoan in tal foaroansteande skriuwers wist te lûken, dy't harren tebeklutsen doe't it blêd wakker stalinistyske stânpunten ferdigene; it betsjutte de ein fan it blêd.[4] It drama Nederlaget (1937) gie oer de Kummune fan Parys.[7]

Fan 1940 ôf stride Grieg tsjin de besetting fan de Nazy's en ûntkaam er nei Ingelân op deselde boat dy't ek de keninklike famylje en de goudreserves fan Noarwegen oan board hie.[8]

Yn Grut-Brittanje tsjinne Grieg it Noarsk regear-om utens en die er mei oan patriottyske radioprogrammas.[4] Hy waard tawiisd as oarlochskorrispondint oan de Noarske striidkrêften. Op it stuit dat er stoar wie er kaptein. Hy besocht Noarske ienheden yn Ingelân en makke ferslaggen fan harren wurk. Teffens besocht er Noarske militêren op Yslân en oare fierôf lizzende posten. Sa wie er simmer 1942 in tal wiken op it Noarske eilân Jan Mayen yn de noard-Atlantyske Oseaan, dêr't er it gedicht Øya i Ishavet skreau. Lykas ek oare oarlochsferslachjouwers gie er mei op missys boppe beset Jeropa.

Yn de nacht fan 2–3 desimber 1943 wie Grieg ien fan de ferslachjouwers by in Alliearde loftoanfal op Berlyn. Hy wie tawiisd oan it 460 Squadron fan de Royal Australian Air Force (RAAF). Grieg fleach mei yn in Lancaster Mk.III (serial number LM316, squadron koade "AR-H2") mei as skipper Flying Officer A. R. Mitchell, RAAF. Oanfallen op Berlyn wiene gefaarlik om't de haadstêd swier ferdigene waard en fier fan Brittanje lei. 460 Sqn ferlear dy nacht fiif bommesmiters en ien dêrfan wie LM316. Grieg en de oare sân bemanningleden stoarten mei harren tastel del en kamen om.[9]

Nei de kriich waard Grieg in held yn Noarwegen fanwege syn ferset en it fuortsetten fan de striid yn Grut Brittanjeyn. Grieg is op it heden noch populêr yn Noarwegen, benammen syn ati-faksistyske poëzy.

Nordahl Grieg syn oarlochspoëzybondel, Friheten ("Frijheid", 1945) bliuwt behearren by de meastferkochte gedichtesamling fan Noarwegen. Hy krige yn 1957 in stânbyld yn Bergen. Yn 1990 kaam de musical Nordahl Grieg i våre hjerter ("Nordahl Grieg yn ús herten") út, skreaun fan Erling Gjelsvik mei muzyk fan Knut Skodvin. Novimber 2003 waard in betinkstien ûntfâlde by Berlyn op it plak dêr't syn Lancaster delstoarte op 2 desimmber 1943; 2010, waard de Nordahl Grieg videregående skole yn de wyk Rådal yn Bergen iepene.[10][11]

Nordahl Grieg wie in freon fan de Ingelske skriuwer Graham Greene dy't oer it libben fan Grieg en militêre karriêre skreau yn syn biografyske wurk út 1980 'Ways Of Escape'.

  • Rundt Kap det gode Håp, 1922 - Om Kaap de Goede Hope hinne
  • Skibet gaar videre, 1924 - It skip fart fierder
  • Stene i strømmen, 1925 - Stien yn 'e stream
  • Kinesiske dage, 1927 - Sineeske dei
  • En ung manns Kjærlighet, 1927 - Leafde fan in jongkeardel
  • Barabbas, 1927
  • Norge i våre hjerter, 1929 - Noarwegen yn us herten
  • Atlanterhavet, 1932 - De Atlantyk
  • De unge døde, 1932 - De jongerein is dea
  • Vår ære og vår makt, 1935 - Us eare en gloarje
  • Men imorgen, 1936 - Mar moarn
  • Nederlaget, 1937 - Ferslein
  • Til Ungdommen (Kringsatt av Fiender), 1936 - Foar de jongerein
  • Spansk sommer, 1938 - Spaanske simmer
  • Ung må verden ennu være, 1938 - Dat de wrâld jong bliuwe mei
  • Øya i Ishavet, 1942 - It eilân yn de iissee
  • Friheten, 1945 - Frijheid
  • Flagget, 1945 - De flagge
  • Håbet, 1946 - Hope

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 100-årsmarkering for Nordahl Grieg (NRK © 2010)
  2. http://www.nrk.no/programmer/tv_arkiv/drommen_om_norge/4360577.html
  3. Edvard Hoem. Til ungdommen : Nordahl Griegs liv. Gyldendal, 1989. ISBN 82-05-29946-3
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 Liukkonen, Petri, and Ari Pesonen. "Nordahl Grieg (1902–1943)". Pegasos. Books and Writers. 2008. Sjoen 9 maart 2009. http://www.kirjasto.sci.fi/ngrieg.htm
  5. Nordahl Grieg (NRK)
  6. Hoem, op. cit., s. 220
  7. Nordahl Grieg (NRK Forfatter)
  8. Nordahl Grieg (Dagbladet Forfatter)
  9. Nordahl Griegs grav funnet (NRK)
  10. Memorial stone to War Correspondent Grieg (Loss of Lancaster Lm316)
  11. Med Nordahl Grieg i Berlin (Hordaland fylkeskommune)
  • Andreassen, Jostein (1992) Nordahl Grieg pa Sørlandet: Et studieheft om forfatterskap og miljø (J. Andreassen) ISBN 978-82-91188-01-0
  • Borgen, Johan (1945) Nordahl Grieg (Oslo: Gyldendal)
  • Boyson, Emil (1961) Norsk poesi fra Henrik Wergeland til Nordahl Grieg: En antologi (Oslo: Gyldendal)
  • Gustafson, Alrik (1944) Scandinavian plays of the twentieth century (American-Scandinavian Foundation)
  • Hoem, Edvard (1989) Til ungdommen : Nordahl Griegs liv (Oslo: Gyldendal) ISBN 82-05-29946-3
  • Mjoberg, Joran ( 1947) Nordahl Grieg; Fosterlandsvannen och Revolutionaren (C. W. K. Gleerups)
  • Nag, Martin (1989) Ung ma Nordahl Grieg enna være (Solum) ISBN 978-82-560-0655-7