Newtonpindel
Appearance
De Newtonpindel is in tastel dat de fysyske wet fan behâld fan impuls en enerzjy yllustrearet. It tastel bestiet út in tal pindels dy't op 'e rigel tsjininoar oan hingje. As in baltsje oan in útein fan in hichte loslitten wurdt, sil it werom falle tsjin de oare baltsjes oan, en sil it baltsje oan de oare ein yn beweging brocht wurde en sil like heech komme as it earder loslitten baltsje wie. En dan wer werom, en hieltiid op 'e nij. At der gjin enerzjy troch luchtwjerstân ferlêrn gean soe, dan soenen de pindels oant yn de blauwe dagen troch gean.