[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nevski Prospekt

Ut Wikipedy
Paleisplein.

De Nevski Prospekt (Russysk: Не́вский проспе́кт ) is ien fan 'e bekendste strjitten fan Sint-Petersburch en miskien ek wol fan hiel Ruslân.

Mei de oanlis fan 'e Nevski Prospekt waard yn 1709 yn opdracht fan Peter de Grutte útein set. De strjitte waard ferneamd nei nei de hilich ferklearre grutfoarst Aleksander Nevski.

De goed fjouwer km lange strjitte is fral bekend fanwegen it grutte tal gebouwen dy't it besjen wurdich binne. De strjitte begjint by de Admiraliteit en einiget by it Aleksander Nevski-kleaster. De gebouwen binne fral yn barokke, neoklassisistyske en Jugendstil boud. Ek fanwegen de winkels, bioskopen en restaurants wurdt de Nevski Prospekt in soad besocht troch toeristen.

De Nevski Prospekt hat altiten in ynternasjonaal karakter hân. Oan 'e strjitte steane bygelyks in grut tal net-Russyske tsjerken, lykas de Nederlânsk-herfoarme tsjerke, dy't boud waard foar de Nederlânske mienskip. Alexandre Dumas neamde de Nevski Prospekt de strjitte fan religeuze tolerânsje. Ek yn 'e Russyske literatuer spile de strjitte in wichtige rol.

Likernôch healwei sit er in lytse knik yn 'e strjitte.

Ofbylden monuminten Nevski Prospekt (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nevski Prospekt fan Wikimedia Commons.