[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Moarmerein

Ut Wikipedy
moarmerein

Jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai moarmereinen (Marmaronetta)
soarte
Marmaronetta angustirostris
Ménétries, 1832
IUCN-status: gefoelich

De moarmerein (Marmaronetta angustirostris) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De moarmerein komt foar yn Súd-Europa, it Midden-Easten en it Súdwest-Aazje.

Jerkje.

De moarmerein is in 39 oant 42 sm lange ein mei in spanwiidte fan 63 oant 70 sm. De ein is ljochtbrún mei wyteftige flekken oer it hiele bealchje en in donkere flek op 'e sydkant fan 'e kop om it each hinne. De wjukken binne lang en hawwe gjin spegel (speculum), de snaffel is lang, tin en swart. De sturt is ek lang en de poatsjes binne swart. It jerkje is te werkennen oan 'e langere fearren oan 'e ûnderkant fan syn kop, krekt as begjint dêr in toefe. It wyfke hat op 'e basis fan 'e snaffel in griene flek en gjin langere fearren efter op 'e kop.

De ein libbet yn it suden fan Europa, dielen fan it Midden-Easten en dielen fan Noard-Afrika.

Yn 'e briedtiid sitte se by en op ûndjippe, lytse dobben mei in soad begroeiing oan 'e kant en ûnderwetterplanten of op rêstige rivieren yn in fierder drûge omjouwing.

Yn Nederlân is de moarmerein in dwaalgast.

Aaien fan 'e moarmerein.

De moarmerein briedt allinne of yn lytsere groepkes yn strûken by in mar of in dobbe, somtiden ek yn dridzich gerslân. It wyfke leit yn juny of july 7 oant 12 giel- oant brúneftige aaien, dy't yn 25-27 dagen troch it wyfke útbret wurde. Jerkjes foarmje dan groepkes en ferfearje en nimme it brieden somtiden eefkes fan 'e wyfkes oer. By it driigjen fan gefaar fleant it jerkje mei in soad leven om 'e fijân hinne. As de aaien útkomme, bringt it wyfke se nei it wetter en fersoarget se oant se fleane kinne.

De moarmereinen ite planten, sied en wringeleaze wetterdierkes.

De populaasje nimt al in skoft ôf en wurdt op 10.000-42.000 yndividuën rûsd (opjefte 2023). De moarmerein hat te lijen fan biotoopferlies as gefolch fan it oanmeitsjen fan lânbougrûn. Ek brûkt de lânbou yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel in soad wetter út de gebieten dêr't de moarmerein libbet, lykas dat it gefal is mei it Nasjonaal park Doñana.

De moarmerein is yntusken al yn Syprus, Noard-Masedoanje, Kaapverdje en it grutste diel fan Turkije útstoarn.[1] De fûgels is dêrom as gefoelich op 'e Reade list fan 'e IUCN opnommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: