Marijetsjerke (Blessum)
Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Blessum | |
adres | Buorren 2 | |
koördinaten | 53° 10' N 5° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28581 [1] | |
Webside | ||
PKN Terpoarte | ||
Kaart | ||
De Marijetsjerke of Mariatsjerke yn Blessum is in tjerkegebou fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De oarspronklik oan Marije wijde tsjerke wurdt regelmjittich brûkt troch de Protestanske gemeente Terpoarte en is in ryksmonumint. Dêrnjonken wurdt de tsjerke brûkt as kultureel sintrum fan it doarp.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op grûn fan de boustyl wurdt der fan út gien dat de Marijetsjerke fan Blessum earne yn de iergoatyske tiid ûntstien is. Dat soe dan tsjin it ein fan de 13e of it begjin fan de 14e iuw west ha. Foar de bou waarden foar in part de stiennen brûkt fan in âldere foargonger op itselde plak. Oarspronklik binne noch de noardlike muorre fan it skip en de ôfsluting fan it trijesidige koer. Swiere steunbearen hâlde dit diel fan de tsjerke op syn plak. Yn de noardlike muorre is ek in tichtmistele poarte te sjen út de earste helte fan de 16e iuw. Boppe de oarspronlike tagong is in nis, dêr't yn de katolike tiid in byld fan de patroanhillige fan de tsjerke yn stien hat.
De reade stien yn de eastlike helte fan de súdlike muorre fan it skip en it diel dêr ûnder de ruten is fan lettere datum, mooglik 17e-iuwsk. Yn de 19e iuw krige de súdlike muorre de tsjintwurdige grutte rûnbôgefinsters. De súdlike yngong ferskode yn de 19e iuw wat mear nei it westen ta.
Toer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is de yngong ta de tsjerke yn de westlike muorre fan de toer. De âlde toer hie foarhinne in sealtekôfsluting, mar yn 1879 waard de toer ommitsele en krige it de tsjintwurdich ynsnuorre spits. Yn de toer hinget in klok dy't mooglik al fuort nei it foltôgjen fan de toer ophongen waard. It oerwurk stamt út de 17e iuw.
Under de toer leit in sark fan Doka fan Ringia út 1478. De sânstiennen sark hat in râneskrift yn gotyske letters.
Fanút de toer waard yn de Twadde Wrâldkriich de iennige wei nei it doarp yn 'e rekken holden. By ûnrie koene ûnderdûkers yntiids fan ruten spylje en harren ferstopje tusken it dak en it houten ferwulft fan de tsjerke.
In grutte restauraasje fan de tsjerke fûn yn de jierren 1977-1978 plak.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur mei preekstoel en hearebanken
-
Ynterieur mei oargel
It ynterieur fan de tsjerke datearret foar it measte út de 19e iuw. De banken steane yn de rjochting fan it koer opsteld; súdlik de (iepen) banken foar de froulju en noardlik de (sletten) banken foar de manlju. Tusken de banken en it koer stiet sawol oan de súdlike as de noardlike kant in hearebank. Achter it doophek stiet yn it koer de preekstoel mei de banken foar de tsjerkeried. Oan de kûp fan de preekstoel hinget de doopskaal.
Oan de noardlike kant binne twa grutte houten buorden út 1657, mei op it iene boerd de Wet en op it oare boerd in Latynske beskriuwing fan de Slach by Boksum.
De sarken lizze ûnder de houten flier.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke stiet op in galerij ien fan de âldste oargels fan Fryslân. Der wurdt fanút gien dat it oargel mei seis registers boud is troch Willem Meynderts út Berltsum. Yde Karsten út Ljouwert boude it front. Yn de rin fan de tiid fûnen der meardere feroarings oan it ynstrumint plak. Wichtich wie in fernijing en útwreiding mei twa registers yn 1789 troch Johannes Sporeman út Frjentsjer. Oant dy tiid hie it oargel noch beskildere lûken om it piipwurk ôf te sluten. De lûken waarden ferwidere en ferfongen troch houtsnijwurk oan de kast. Albertus fan Gruisen feroare de disposysje yn 1809 en foege in oanhongen pedaal ta. De klassisistyske dekoraasje oan de balustrade stamt út dy tiid, lykas ek de houten drapery om it oargel hinne.
Nei alle gedachten brocht oan it begjin fan de 20e iuw ek it oargelbedriuw L. van Dam út Ljouwert oanpassings oan it oargel. Under advys fan Jan Jongepier waard it oargel yn 1996-1997 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert renovearre. Utgongspunt dêrby wie it herstel fan de disposysje yn 1789.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|