[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Lytse Wiske

Ut Wikipedy

Lytse Wiske of Koudumer Wiske is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Lytse Wiske leit eastlik fan Hylpen. Tusken Lytse Wiske en Hylpen leit Grutte Wiske. Lytse Wiske leit eastlik fan de N359 en de Nije Feart.

Lytse Wiske wie in pleats fan it kleaster. In 'wiska' is in leech lizzend stik lân. It waard yn 1644 publyk ferkocht. De buorkerij "Op de Wische" makke diel út fan fjouwer pleatsen yn de buorskip Goorlumeburen tussen Boalserter Feart en Lollumer Feart. Dêroan grinze eartiids it lân fan de famylje Fan Beijum.
Deputearre Steaten hienen yn 1835 noch bepaald dat de eigener meibetelje moast oan it ûnderhâlden fan Paisyl. Hja hienen lykwols sels in brêge te ûnderhâlden oer de Lollumer Feart. Dêroan stie eartiids in poldermole dêr't de opfeart fan yn de Lollumer Feart útkomt. De opfeart wie tagelyk ek foar Grutte Wiske bedoeld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: