[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kristiansand

Ut Wikipedy
Kristansand
Kristiansand
Kristiansand
Wapen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Agder
Gemeente Kristiansand
Stedsyndieling 12 stedsdielen
Sifers
Oerflak 276,37 km2
dêrfan lân 260,07 km2
dêrfan wetter 16,3 km2
Ynwennertal 112.588 (2021)
Befolkingstichtens 352 inw./km
Oar
Stifting 1641
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Kaart
Kristiansand (Noarwegen)
Kristiansand
Net te betiizjen mei Kristiansund, in stêd yn 'e midden fan Noarwegen.

Kristiansand is in stêd yn Noarwegen. It is de haadstêd fan de provinsje (yn it Noarsk fylke) Agder. De stêd leit oan de kust, by de mûning fan de rivier de Otra, yn it fierste suden fan it lân.

Kristiansand is in relatyf jonge stêd, dy't yn 1641 troch de Deenske kening Kristiaan IV stifte waard. It sintrum fan de stêd, kvadraturen, wurdt skaaimerke troch in folslein rjochthoekich strjittepatroan.

As 'haadstêd fan it Suden' lûkt it plak in soad fakânsjegongers út Noarwegen. By de stêd leit in bistetún, Dyreparken, dêr't ek in attraksjepark oan keppele is. Alle jierren yn july wurdt it festival Quart holden, ien fan de grutte festivals yn Noarwegen.

Ut Kristiansand wei sette fearboaten ôf fan de rederijen Color Line en Fjord Line nei Hirtshals yn Denemark. Sûnt 2022 hat de rederij Holland Norway Lines in fearferbining opset fanút de Eemshaven yn Grinslân.

Troch Kristiansand rinne twa wichtige dyken. De E18 ferbynt de stêd mei Oslo. De E39 ferbynd Kristiansund mei Stavanger

Kristiansund leit oan de spoarline fan Oslo nei Stavanger, it stasjon leit njonken de fearhaven en is der troch in kopstasjon. It fleanfjild Kjevik leit krekt bûten de stêd Kristiansand, en hat ferbiningen mei Oslo, Bergen, Stavanger, Keappenhaven en Amsterdam.

Berne yn Kristiansand

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: