Kastor fan Karden
Kastor fan Karden (* ûnbekend; † om 400 hinne) is in roomsk-katolike hillige.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten wie Kastor ôfkomstich út Akwitaanje en by biskop Maksimus fan Trier om te learen, dy't him ek as preester wijde. Tegearre mei in pear gesellen libbe hy as hearremyt yn Karden (Cardena) en wurke dêr om 400 hinne oan de Mûzel, dêr't yn dy tiid de befolking al foar in grut part oergien wie op it kristendom. Nei alle gedachten stifte er mei de ek út Akwitaanje ôfkomstige Potentinus en dy syn soannen Felisius en Simplisius it kleaster fan Karden, dat oant 1802 bestie. Fan it kollegiale stift op it plak fan it grêf en Kastor's missy steane hjoed-de-dei noch in pear romaanske gebouwen lykas it 'Haus Korbisch', it gebou fan de stiftshearen en de 12e iuwkse stiftstsjerke.
Oerdracht reliken oan Koblenz
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskop Weomadus fan Trier liet yn it jier 780 de reliken fan Sint-Kastor opgrave en yn de Paulinustsjerke fan Karden bysette. Dat betsutte yn dy tiid de offisjele tsjerklike erkenning fan religieuze ferearing, itjinge mei de hjoeddeiske sillichferklearring ferlikene wurde kin. Op 12 novimber 837 droech aartsbiskop Hetto fan Trier it grutste part fan de Kastor-reliken oer oan de yntusken nij boude Sint-Kastortsjerke yn Koblenz. Sûnt is de hillige de patroanhillige fan de stêd Koblenz.
Kastorskryn yn Karden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In lyts diel fan de reliken bleau efter yn Karden en waarden yn in skryn foar de ferearing fan de hillige bewarre. Foar de reliken waard yn de 15e iuw in nije houten skryn makke. Tsjin it ein fan de 18e iuw ferdwûnen de reliken, mar oan it begjin fan de 19e iuw krige Karden in diel fan de Koblenzer reliken werom, dy't sûnt yn de histoaryske skryn rêste.
Sûnt de jierren 1950 waard de houten skryn troch in izeren koai beskerme, mar dochs wist immen yn febrewaris 2017 in foarstelling fan de Mem Gods fan de skryn te stellen. Twa jier letter fûn de plysje yn Wiesbaden it reliëf by in heler werom. It die bliken dat de bekende keunstdief Stéphane Breitwieser út Frankryk it reliêf stellen hie. By in restauraasje fan de skryn krige it reliëf syn plak werom.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feestdei fan Sint-Kastor is 13 februaris.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Castor von Karden.
|