[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kasagh

Ut Wikipedy
Kasagh
De rivier by Osjakan
De rivier by Osjakan
geografy
lân flagge fan Armeenje Armeenje
ûntspringt yn de noardflank fan 'e Aragats
lokaasje boarne 40°45'N 44°6'E
mûnet út yn MedamorArasKoeraKaspyske See
lokaasje mûning 40°6'N 44°14'E
plakken Asjtarak, Aparan
sifers
lingte 89 km
ôfwetteringsgeb. 1.480 km²

De Kasagh (Armeensk: Քասաղ) is in sydrivier fan 'e Medzamor yn it west fan it hjoeddeiske Armeenje.

De boarne fan 'e rivier leit op 'e noardlike skeanten fan 'e Aragats yn 'e provinsje Armavir. De rivier streamt nei it easten yn 'e provinsje Aragazotn en bûget dan nei it súden yn 'e provinsje Armavir en mûnet lang om let yn 'e Medzamor, in lofter sydrivier fan 'e Aras.

Wetterfal.

Healwei de 89 km lange rivier leit de stêd Aparan en de Aparan-opslachmar. De rivier wetteret in gebiet fan 1480 km² ôf. In diel fan it wetter wurdt foar yrrigaasje brûkt.

Yn 'e buert fan it kleaster Hovhannavank stoart oan 'e eastlike helling fan 'e kleau in wetterfal del, dy't mei 70 m hichte de heechste wetterfal fan Armeenje is.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kassagh fan Wikimedia Commons.