Karen Miller
Karen Miller | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | K.E. Mills | |
echte namme | Karen Miller | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 1961 | |
berteplak | Vancouver (Britsk-Kolumbia) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Australysk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, science fiction | |
bekendste wurk(en) |
Kingmaker, Kingbreaker Godspeaker-trilogy | |
útjouwer | Orbit Books | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
karenmiller.net |
Karen Miller (Vancouver (Britsk-Kolumbia), 1961)[1] is in Australysk skriuwster fan Kanadeesk komôf. Hja leit har benammen ta op 'e literêre sjenres fan 'e fantasy en science fiction, mar hat ek wol toanielstikken skreaun. Har bekendste wurken binne de Kingmaker, Kingbreaker-duology en de Godspeaker-trilogy. Miller makket foar guon boeken gebrûk fan it pseudonym K.E. Mills.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miller waard yn 1961 berne yn Vancouver, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Har âlden emigrearren lykwols mei har nei Austraalje doe't se noch mar in pjut fan twa jier wie. Sadwaande groeide Miller op yn Austraalje en beskôget se har as Australise. Nei't se ôfstudearre wie oan 'e Universiteit fan Technology yn Sydney, wenne se trije jier yn Ingelân ear't se weromkearde nei Austraalje.
Yn 2005 waard Miller har debútroman publisearre. Dat wie The Innocent Mage, it earste diel fan har Kingmaker, Kingbreaker-duology. The Innocent Mage waard yn Austraalje tige goed ûntfongen, en wie in finalist foar de Aurealis Award yn 'e kategory bêste fantasyroman. Itselde jiers noch kaam ek it twadde diel fan 'e duology út, dat yn Australaazje Innocence Lost as titel hie, mar letter yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Grut-Brittanje útbrocht waard as The Awakened Mage. Neitiid hat Miller noch ferskate romans skreaun dy't yn 'e wrâld fan Kingmaker, Kingbreaker spylje, wêrûnder de Fisherman's Children-duology en in prequel mei as titel A Blight of Mages.
Yn 2007 ferskynde fan Miller de roman Empress of Mijak, dy't yn Noard-Amearika en Grut-Brittanje útbrocht waard ûnder de titel Empress. Dat wie it earste diel fan har Godspeaker-trilogy, dêr't se op 'e nij grut súkses mei hie. Empress of Mijak krige in earfolle fermelding foar sawol de Aurealis Award foar bêste fantasyroman, as foar de Amerikaanske James Tiptree, Jr. Award. It twadde diel fan 'e trilogy, The Riven Kingdom, krige ek in earfolle fermelding foar de James Tiptree, Jr. Award, en wie boppedat in finalist foar de Aurealis Award fan 2008.
Miller hat ek ferskate romans en koarte ferhalen tafoege oan romansearjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde. Sa skreau se trije Star Wars-romans en twa Stargate SG-1-romans. Yn 2008 ferskynde fierders fan har hân The Accidental Sorcerer, it earste diel út har Rogue Agent-rige, dy't se útkomme liet ûnder it pseudonym K.E. Mills. Njonken har publisearre wurk hat Miller ek ferskate toanielstikken skreaun foar de pleatslike amateurtoanielferiening dêr't se lid fan is. Teffens hat se foar dy feriening guon stikken regissearre.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]N.B.: hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn stean.
Folslein eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- yn 'e wrâld fan Kingmaker, Kingbreaker
- Kingmaker, Kingbreaker-duology
- 2005 – The Innocent Mage
- 2005 – Innocence Lost (yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel The Awakened Mage)
- Fisherman's Children-duology
- 2009 – The Prodigal Mage
- 2010 – The Reluctant Mage
- prequel
- 2012 – A Blight of Mages
- Kingmaker, Kingbreaker-duology
- Godspeaker-trilogy
- 2007 – Empress of Mijak (yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel Empress)
- 2007 – The Riven Kingdom
- 2008 – Hammer of God
- Rogue Agent-rige (ûnder it pseudonym K.E. Mills)
- 2008 – The Accidental Sorcerer
- 2009 – Witches, Incorporated
- 2010 – Wizard Squared
- 2012 – Wizard Undercover
- The Tarnished Crown-rige
- 2014 – The Falcon Throne
- 2017 – Prince of Glass
Bydragen oan besteande searjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- bydragen fan Karen Miller oan 'e Star Wars-searje
- 2008 – Star Wars: The Clone Wars: Wild Space
- 2010 – Star Wars: Clone Wars Gambit: Stealth
- 2010 – Star Wars: Clone Wars Gambit: Siege
- 2012 – Roll of the Dice (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Star Wars Insider)
- bydragen fan Karen Miller oan 'e Stargate SG-1-searje
- 2006 – Stargate SG-1: Alliances
- 2006 – Medical Considerations (koart ferhaal yn Stargate Magazine)
- 2008 – Stargate SG-1: Do No Harm
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2005 | Aurealis Award | finalist | bêste fantasyroman | The Innocent Mage |
2007 | Aurealis Award | earfolle fermelding | bêste fantasyroman | Empress of Mijak |
James Tiptree, Jr. Award | earfolle fermelding | n.f.t. | Empress of Mijak | |
earfolle fermelding | n.f.t. | The Riven Kingdom | ||
2008 | Aurealis Award | finalist | bêste fantasyroman | The Riven Kingdom |
2009 | Aurealis Award | finalist | bêste fantasyroman | Witches, Incorporated |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|