[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kanaryske dogge

Ut Wikipedy
Kanaryske dogge
algemiene ynformaasje
alt. namme dogo Canario
perro de presa Canario
Kanaryske Molosser
Kanaryske mastyf
oarsprong Spanje
   ● Kanaryske Eilannen
klassifikaasje hiem- en ferdigeningshûn
FCI-nû. #346
lichemsskaaimerken
skofthichte 56-66 sm
gewicht 39-65 kg
kleur ferskillend (sjoch tekst)

De Kanaryske dogge, ek wol bekend as de dogo Canario, de perro de presa Canario, de Kanaryske Molosser of de Kanaryske mastyf, is in grut hûneras dat ôfkomstich is fan 'e Kanaryske Eilannen en oarspronklik fokt waard om fee te beskermjen. It is in hûn fan it type Molosser, en wurdt klassifisearre as in hiem- en ferdigeningshûn. Op 'e Kanaryske Eilannen en mank fokkers fan it ras wurdt de namme faak ferkoarte ta presa Canario of koartwei presa. Kanaryske doggen wurdt gauris misbrûkt foar it hâlden fan hûnegefjochten. Dit hûneras kin gefaarlik wêze as eigners net witte hoe't se der mei omgean moatte. Dat hat yn it ferline ta ferskate deadlike oanfallen op minsken laat.

De Kanaryske dogge komt as hûneras fuort út 'e hûnen fan 'e oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, de Gûantsje. Neffens de histoarikus Agustín Millares Torres soene de hûnen in wichtige rol spile hawwe by de deaderituëlen fan 'e Gûantsje, wêrby't se bytiden mei harren eigners mummifisearre waarden. Teffens soene se soms in boarne fan farsk fleis foarme hawwe. De Kanaryske dogge foarme nei alle gedachten ek de ynspiraasje foar beskate myten út 'e natoerreligy fan 'e Gûantsje, dêr't grutte demoanyske hûnen yn foarkamen dy't tibicena's, guacancha's of irnenes neamd waarden.

De kop fan in Kanaryske dogge.

Nei de Spaanske ferovering fan de Kanaryske Eilannen, yn 'e fyftjinde iuw, is de oanwêzigens fan 'e hûnen goed dokumintearre, wêrby't de ierste ferwizing út 1501 datearret. Hja waarden holden troch bargeboeren om harren keppels te ferdigenjen tsjin troepen ferwyldere hûnen dy't op 'e eilannen omdoarmen. Tusken de sechstjinde en de achttjinde iuw wie it oan eltsenien ferbean dy't gjin feehâlder of jager wie om 'e hûnen te hâlden, fanwegen de skea dy't se oanrjochtsje koene as se ferwylderen.

Behalven foar bewekking fan 'e feekeppels waarden Kanaryske doggen op 'e eilannen ek lange tiid brûkt foar hûnegefjochten, in praktyk dy't oant yn 'e 1950-er jierren hiel gewoan wie. Sokke gefjochten waarden iepentlik organisearre en wiene publyk tagonklik, oant it frankwistyske rezjym der mids 1940-er jierren it near op lei. Neitiid rekke it mei de Kanaryske dogge yn it neigean, om't der foar de measte bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen gjin reden bestie om in hûn te hâlden as der gjin hûngefjochten mei holden wurde koene. Boppedat wiene tsjin dy tiid de ferwyldere hûnen útrûge, sadat ek de feehâlders gjin ferlet mear fan 'e bisten hiene. It is oan in hantsjefol hobbyisten en fokkers te tankjen dat de Kanaryske dogge yn 'e 1960-er en 1970-er jierren net útstoar.

Bûten Spanje wie de Kanaryske dogge lange tiid in frij ûnbekend hûneras. Yn 2000 waard yn it Amerikaanske San Francisco in man oppakt foar it hâlden fan hûnegefjochten mei syn twa Kanaryske doggen. De beide hûnen waarden doe oan 'e soargen fan syn abbekaten tafertroud, dy't gjin besef hiene hoe't se mei de bisten omgean moasten. Yn jannewaris 2001 bieten de hûnen Diane Whipple, de 33-jierrige buorfrou fan 'e abbekaten, dea yn 'e gong fan harren appartemintekompleks. Fan gefolgen, en om dwersferkearde redens, waarden Kanaryske doggen doe yn 'e Feriene Steaten ynienen populêr. Sûnt binne der noch teminsten trije minsken dearekke by oanfallen troch folbloed- of healbloed-Kanaryske doggen: yn augustus 2006 in 30-jierrige frou yn Coral Spring, yn Floarida; yn augustus 2012 in 23-jierrige frou yn Decatur, yn Georgia; en yn maaie 2013 in 79-jierrige man yn it Ingelske Liverpool. Yn Austraalje en Nij-Seelân is it ymportearjen en ferkeapjen fan Kanaryske doggen ferbean.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanaryske dogge in mânske hûn, mei in grou en spierd lichem. Rikels hawwe in skofthichte fan 58-66 sm, mei in gewicht fan 45-65 kg, wylst teven in skofthichte fan 56-64 sm en in gewicht fan 39-55 kg hawwe. De kop is massyf, fjouwerkantich en breed. De earen binne yn 'e regel kûpearre, wat oarspronklik dien waard om skansearrings foar te kommen as de hûnen mei fee omgiene, mar dat tsjintwurdich inkeld noch tsjinnet om 'e hûn in ôfskrikwekkender uterlik te jaan. Yn lannen dêr't kûpearjen ferbean is, hingje de earen deun by de sydkanten fan 'e kop lâns omleech. De rêch rint stadichoan omheech om't de efterein fan 'e Kanaryske dogge justjes heger is as de skouders.

In Kanaryske dogge.

De pels is koart en fielt wat rûch oan. Akseptabele kleuren binne witich of grizich (silver fawn), readbrún (red fawn), ljochtbêzje (fawn), dûnkerstreekt oer ljochtbrún (red brindle), dûnkerstreekt oer brún (brown brindle), dûnkerstreekt oer ljochtbêzje (fawn brindle), dûnkerstreekt oer witich of grizich (verdino) en brúnstreekt oer swart (reverse brindle). De akseptaasje fan in folslein swarte pels is omstriden ûnder de leafhawwers fan dit ras, om't dat tastien wurdt troch ferskate kynologyske ferienings, mar net troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI), dy't de gesachhawwende kynologyske organisaasje yn Jeropa is. Yn it keninklik beslút wêrmei't it ras erkend waard troch de Spaanske steat, datearjend fan 2001 (Real Decreto 558/2001), wurdt lykwols spesifyk ek it hawwen fan in swarte pels neamd.

De Kanaryske dogge is fetber foar oandwanings lykas heupdysplasy, dêr't ek oare grutte hûnerassen lêst fan hawwe. Oare krupsjes dy't nochal ris by dit ras foarkomme, binne hertproblemen, kanker, epilepsy en rude. Kanaryske doggen hawwe in libbensferwachting fan trochinoar tusken de 8 en 12 jier.

Kanaryske doggen moatte in hearrigens-trening ûndergean en ier leare om mei minsken om te gean. It binne tige goede hiemhûnen, dy't agressyf foar oare hûnen oer binne en wantrouwich foar frjemde minsken oer. Foar de eigen baas binne se lykwols tige trou. Men moat wol witte hoe't men baas oer dizze hûn bliuwe moat, want as dizze mânske hûn mient dat hy it thús foar it sizzen hat, dan kin dat in earnstich probleem opsmite.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.