Kana (Libanon)
Appearance
Kana قانا | ||
Bestjoer | ||
Lân | Libanon | |
Gûvernemint | Súd-Libanon | |
Distrikt | Tyrus | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ± 10.000 | |
Hichte | 300 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
[] |
Kana, in oare talen ek wol Qana, is in Súd-Libaneesk doarp fan sa'n 10.000 ynwenners, dat op goed tsien kilometer súdeastlik fan de kuststêd Tyrus en ek sa'n tsien kilometer benoarden de Israelyske grins leit. De befolking is foar it meastepart sjiïtysk en hat in lytse kristlike minderheid.
Neist trije plakken yn Israel, is Kana ien fan de plakken dy't oanwiisd wurde as it plak Kana yn it Nije Testamint, benammen troch Libaneeske kristenen. Kana soe ik it plak wêze kinne dêr't Jezus Kristus syn earste wûnder dwaan hawwe soe: neffens de bibel feroare Er by de Brulloft yn Kana wetter yn wyn.
It doarp waard yn 1996 (mei ek in UNIFIL-post) en 2000 troch Israelyske artillery besketten mei deade boargers fan gefolgen.
-
De apostelen op in stien. Beafeartsplak yn Kana
-
Sinnewizer yn Kana
-
Grêven fan de 28 deaden troch loftoanfallen op Kana
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |