[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kaartspul

Ut Wikipedy
De Kaartspilers, in skilderij fan Paul Cézanne.

In kaartspul is in spultsje wêrby't gebrûk makke wurdt fan spylkaarten as wichtichste spylmateriaal (yn tsjinstelling ta bgl. boerdspullen). Der besteane withoefolle kaartspullen dy't allegear harren eigen regels hawwe, hoewol't dy, benammen by de âldere spullen, per lân of regio ferskille kinne. Kaartspullen moatte yn it foarste plak ûnderferdield wurde yn spullen mei tradisjonele spylkaarten en spullen mei har eigen spylkaarten.

Tradisjonele kaartspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut tal kaartspullen, lykas bridge, canasta, ezeljen, freecell, hertejeien, ienentweintigjen (of blackjack), jokerjen, klaverjassen, ligen, pasjânse, pesten, poker, skutjassen en swartepiten, wurdt nammentlik spile mei saneamde 'tradisjonele' spylkaarten. Dat binne decks fan 52 kaarten, besteande út fjouwer saneamde kleuren: reade hertens en rutens en swarte skoppens en klavers. De kleuren wurde werjûn mei in stikmannich stilearre symboalen: foar hertens, foar rutens, foar skoppens, en foar klavers.

De kombinaasje fan twa swarte asen en twa swarte achten stiet sûnt de moard op Wild Bill Hickok yn it poker bekend as de 'deademanshân'.

Eltse kleur bestiet út in aas, de spylkaarten 2 oant en mei 10, in boer, in frou en in hear. De aas wurdt oanjûn mei de letter A. De kaarten boer, frou en hear wurde yn it Nederlânsk werjûn mei de letters B (boer), V (vrouw) en H (heer), yn it Ingelsk mei de letters J (jack), Q (queen) en K (king) en yn it Frânsk mei de letters V (valet), D (dame) en R (roi).

Dêrnjonken besteane der yn guon lannen eigen tradisjonele spylkaarten. Sa is der yn 'e Alpenlannen en Hongarije in deck yn gebrûk dat net út hertens, rutens, skoppens en klavers bestiet, mar út Rot (twakleurige hertens), Schellen (skillen of bellen), Eichel (ikels) en Laub of Grün (blêden). En yn Spanje en Itaalje bestiet in deck dat bestiet út copas, resp. coppe (bekers), oros, resp. denari (munten), bastos, resp. bastoni (gnodzen) en espadas, resp. spade (swurden).

Oare kaartspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaartspullen dy't eigen spylkaarten hawwe, binne û.m. alderhanne kwartetten, memory, tarot en stap op, kaartspullen dy't ôflaat binne fan boerdspullen, lykas De Kolonisten van Catan en ruilkaartspullen lykas Magic: The Gathering, Yu-Gi-Oh! en Pokémon, dy't oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw betocht en populêr wurden binne.

It is ûnbekend wannear't it earste kaartspul ûntstien is, mar rûnom wurdt oannommen dat dat yn Sina bard wêze moat, yn 'e iuwen nei de útfining fan papier oan it begjin fan 'e twadde iuw n.Kr. Ut dy tiid binne lykwols gjin spullen oerlevere, en it âldste Sineeske kaartspul datearret fan 'e santjinde iuw. Ut it Heine Easten binne fragminten fan in kaartspul bewarre bleaun dat yn 'e tolfde of trettjinde iuw spile waard troch de Mammelûken, dy't doedestiden oer Egypte hearsken. It âldste folsleine kaartspul fan 'e wrâld, dat fan omtrint 1400 datearret, is yn it besit fan it museum fan it Topkapi-paleis yn Istanbul. It is in Mammelûkspul oan 'e hân wêrfan't eardere oerlevere losse spylkaarten identifisearre wurde kinne. Dat spul hat al 52 kaarten, mei as kleuren de symboalen swurden, polostokken, bekers en munten, en as wearden 1 oant en mei 10 plus kening, ûnderkening en twadde ûnderkening.

De hertensfrou wurdt yn it Frânske kaartspul 'Judith' neamd, nei de haadpersoan fan it apokrife bibelboek Judit.

De âldste spoaren fan it kaartspul yn Jeropa datearje út 'e perioade tusken 1370 en 1400, mei ien eardere fermelding fan spylkaarten yn Itaalje yn 1299. De ierste beskriuwing fan in kaartspul waard yn 1377 opsteld troch in mûnts út Bazel. De âldste ferwizing nei kaartspullen yn 'e Nederlannen komt út 1379. Oarspronklik waarden de spylkaarten mei de hân makke, wat se ta in lúkseartikel makke dat inkeld betelber wie foar de adel. Nei de útfining fan 'e boekdrukkeunst, yn 'e fyftjinde iuw, waard it mooglik decks goedkeaper en yn gruttere oantallen te meitsjen, sadat se ek beskikber kamen foar it sljochtwei folk.

De fjouwer kleuren represintearren oarspronklik allegear in maatskiplike stân of klasse: bekers of hertens symbolisearren de geastlikheid; swurden of skoppens de adel; munten of rutens de keaplju; en gnodzen, ikels of klavers de boeren. It tradisjonele kaartspul sa't dat hjoed oan 'e dei yn it grutste part fan 'e Westerske wrâld yn gebrûk is, ûntstie omtrint 1480 yn Frankryk. Dêryn waard de earder brûkte ridder ferfongen troch de frou, en waarden ek foar it earst de symboalen , , en brûkt.

Yn 'e sechstjinde iuw ûntstie yn Frankryk de gewoante om 'e (fêste) nammen fan boeren, frouwen en hearen op 'e spylkaarten te setten; sa is de rutensboer 'Hector' (nei de Trojaanske held Hektor), de klaverboer 'Lancelot' (nei Lânselot, de ridder fan 'e Rûne Tafel), de rutensfrou 'Rachel' (nei de aartsmem Rachel) en de skoppensfrou 'Pallas' (nei de Grykske goadinne Pallas Atene). De fjouwer hearen hjitte 'Charles' (hertens), 'César' (rutens), 'David' (skoppens) en 'Alexandre' (klavers), nei Karel de Grutte, Julius Caesar, kening David, resp. Aleksander de Grutte. Decks mei spylkaarten dêr't dy nammen op werjûn binne, wurde 'Frânske kaarten' neamd. Yn 'e Angelsaksyske wrâld brûkt men yn 'e regel spylkaarten mei persoanen dy't mear stilearre werjûn wurde; sokke decks wurde 'Ingelske kaarten neamd. Op Ingelske kaarten ûntbrekke de nammen fan Frânske kaarten, mar der wurdt hjir en dêr wol nei ferwiisd. Sa wurdt de skoppenshear op Ingelske kaarten tradisjoneel ôfbylde mei in harpe, dat in symboal fan kening David is.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard it gebrûksgemak fan 'e spylkaarten fergrutte troch de koppen fan 'e persoanen dûbel (rjochtop en ûnderstboppest) wer te jaan, sadat de kaarten langer gjin boppe- en ûnderkant mear hiene en dus net mear op 'e kop holden wurde koene. Fierders waarden de wearden fan 'e kaarten ek nochris op 'e hoeken fermelden, sadat in spiler syn hân kaarten net hielendal út hoegde te fouwen om te sjen hokker kaarten oft er krigen hie. Dêropta waarden ek de hoeken fan 'e kaarten doe ôfrûne, sadat se nofliker yn 'e hân leine. Yn 1850 ferskynden yn Londen de earste spylkaarten dy't op 'e efterkant mei in motyfke beprinte wiene. De tafoeging fan 'e joker oan it kaartspul wie in Amerikaansk betinksel út 1865.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.