[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jurassic Park (franchise)

Ut Wikipedy
Jurassic Park
betinker Michael Crichton
eigner Universal Pictures
Amblin Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 1990
films
langspylfilms Jurassic Park
The Lost World: Jurassic
   Park

Jurassic Park III
Jurassic World
Jurassic World: Fallen
   Kingdom

Jurassic World: Dominion
koarte films Battle at Big Rock
tillefyzje
tekenfilmsearjes Jurassic World: Camp
   Cretaceous
teäter
toanielstikken Jurassic World Live
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans Jurassic Park
The Lost World
Jurassic Park Adventures:
   Survivor

Jurassic Park Adventures:
   Prey

Jurassic Park Adventures:
   Flyers

The Evolution of Clare
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks ferskaat, sjoch hjirre
offisjele webside
www.jurassicworld.com

Jurassic Park (sûnt 2015 ek wol oantsjut as Jurassic World) is in Amerikaanske science fiction-mediafranchise fan 'e filmstudio's Universal Pictures en Amblin Entertainment. It giet, yn it koart, oer in jammerdearlik útpakkend besykjen om dinosauriërs wer ta ta libben te wekjen troch kloanen en genetyske manipulaasje. De titel kin oerset wurde as "Sjuerapark", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. Jurassic Park begûn yn 1990 mei de súksesfolle roman mei deselde namme fan Michael Crichton, dy't yn 1993 ferfilme waard, ek as Jurassic Park, troch regisseur Steven Spielberg. Dy earste film wie in daverjend kommersjeel súkses en soarge wrâldwiid foar in wiere dinosaurusraazje. In ferfolchroman waard yn 1997 ferfilme as The Lost World: Jurassic Park. Lettere ferfolchfilms, wêrfan't der anno 2023 fjouwer binne, waarden basearre op orizjinele senario's. De mediafranchise omfettet fierders soundtrackalbums, in tekenfilmsearje, ferskillende oare boeken, in ferskaat oan fideospultsjes en strips, in toanielstik en fansels karút oan merchandising. It is ien fan 'e meast opbringende franchises aller tiden.

De Wikipedy hat ek in side Jurassic Park (film).

Yn Jurassic Park wurde de wittenskippers Alan Grant (Sam Neill), Ellie Sattler (Laura Dern) en Ian Malcolm (Jeff Goldblum) rûnlaat yn it nije safarypark fan 'e rike sakeman John Hammond (Richard Attenborough). Dat leit op it fiktive Kostarikaanske eilân Isla Nublar, foar de kust fan Midden-Amearika yn 'e Stille Oseaan. Hammond hat troch kloanen en genetyske manipulaasje yn it djipste geheim tsientallen soarten dinosauriërs, dy't miljoenen jierren lyn útstoarn wiene, wer ta libben wekje litten. Hy ferwachtet mei syn park miljarden fertsjinje te kinnen, want wa wol der no gjin echte, libbene dinosauriërs sjen? De wittenskippers besauwe har oer sawol de wittenskiplike trochbraken dy't it team fan Hammond makke hat, as de freeslike naïviteit dy't oan it hiele idee te'n grûnslach leit. Al rillegau blike se gelyk te krijen. De dinosauriërs brekke út en nimme Isla Nublar oer, en de trije wittenskippers en Hammond syn jonge pakesizzers Tim (Joseph Mazzello) en Lex (Ariana Richards) komme op it evakuëarre eilân fêst te sitten en moatte sjen te oerlibjen yn in wrâld dy't ynienen in stik gefaarliker wurden is.

Jurassic Park waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario fan Michael Crichton en David Koepp op basis fan Crichton syn roman Jurassic Park, út 1990. De film gie op 9 juny 1993 yn premiêre, en brocht $1.034 miljoen op tsjin in budget fan $63 miljoen. Dêrmei wie it de meast opbringende film fan 1993 en doedestiden ek de meast opbringende film aller tiden. Jurassic Park wûn trije Oscars, fjouwer Saturn Awards, in BAFTA, in Hugo Award en trije Young Artist Awards.

The Lost World: Jurassic Park

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Lost World: Jurassic Park.

Yn The Lost World: Jurassic Park wurdt Ian Malcolm (Jeff Goldblum), fjouwer jier nei de foarfallen yn 'e earste film, troch omstannichheden twongen om him jitris mei it wurk fan John Hammond (Richard Attenborough) yn te litten. Hy stiet oan it haad fan in ûndersyksteam dat nei Isla Sorna ta stjoerd wurdt, in oar Kostarikaansk eilân, dêr't it measte tariedende wurk foar it safarypark dien is. Ienris op it eilân komt it team fan Malcolm, dêr't ek syn freondinne Sarah Harding (Julianne Moore) en syn dochter Kelly (Vanessa Lee Chester) diel fan útmeitsje, yn konflikt mei in groep jagers dy't stjoerd binne troch InGen, it eardere bedriuw fan Hammond, om dinosauriërs te fangen sadat se oerbrocht wurde kinne nei dieretunen op it fêstelân fan 'e Feriene Steaten.

The Lost World: Jurassic Park waard regissearre troch Steven Spielberg, nei in senario fan David Koepp op basis fan 'e roman The Lost World, fan Michael Crichton, út 1995. De film gie op 19 maaie 1997 yn premiêre, en brocht $618,6 miljoen op tsjin in budget fan $73 miljoen. The Lost World: Jurassic Park waard nominearre foar in Oscar, in Grammy Award en in Satellite Award.

Jurassic Park III

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jurassic Park III.

Yn Jurassic Park III rekket de soan (Trevor Morgan) fan sakeman Paul Kirby (William H. Macy) en dy syn eks-frou Amanda (Téa Leoni) fermist op Isla Sorna. It rûzjemeitsjende pear spant paleöntolooch Alan Grant (Sam Neill) foar harren karke om te helpen by de syktocht op it eilân, dêr't alderhanne libbensgefaarlike dinosauriërs los omrinne. It blykt noch helte gefaarliker te wêzen as se earst tocht hiene, as oan it ljocht komt dat ek de fleanende pteranodons út harren reuseftige foliêre útbrutsen binne.

Jurassic Park III waard regissearre troch Joe Johnston nei in senario fan Peter Buchman, Alexander Payne en Jim Taylor. It wie de earste film út 'e Jurassic Park-franchise dy't net op in besteande roman basearre waard, mar in orizjineel skript hie. De film gie op 16 july 2001 yn premiêre, en brocht $368,8 miljoen op tsjin in budget fan $93 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Jurassic World (film).

Jurassic World spilet 22 jier nei de oarspronklike film. Isla Nublar is no yn 'e hannen fan 'e Masrani Corporation fan Simon Masrani (Irrfan Khan), dy't al jierren in súksesfol safarypark mei dinosauriërs op it eilân eksploitearret. De nijste attraksje fan it park is de Indominus rex, in ûnhistoaryske dinosaurus dy't troch genetyske manipulaasje gearstald is út stikjes DNA fan ferskate echte soarten dinosauriërs. As dat bist ûntsnapt, reitsje alle wurknimmers en besikers fan it park yn gefaar. Under harren binne de jonge bruorren Zach (Nick Robinson) en Gray Mitchell (Ty Simpkins), de muoikesizzers fan Clair Dearing (Bryce Dallas Howard), dy't de bedriuwsliedster fan it park is, en ek Owen Grady (Chris Pratt), in feteraan fan 'e Amerikaanske Marine, dy't in ridel velociraptors traind hat. De lieding fan it park beslút de velociraptors yn te setten tsjin 'e Indominus rex, mar dat hat jammerdearlike gefolgen.

Jurassic World waard regissearre troch Colin Trevorrow nei in senario fan himsels, Rick Jaffa, Amanda Silver en Derek Connolly. De film gie op 29 maaie 2015 yn premiêre, en brocht $1.670,3 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen. Jurassic World wûn in Saturn Award en waard nominearre foar û.m. seis oare Saturn Awards, twa Satellite Awards en in Screen Actors Guild Award.

Jurassic World: Fallen Kingdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jurassic World: Fallen Kingdom.

Yn Jurassic World: Fallen Kingdom driget Isla Nublar trije jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film ferwoastge te wurden troch in fulkaanútbarsting. It Amerikaanske Kongres wifelet oer wat der dien wurde moat. Oan 'e iene kant tsjûget dr. Ian Malcolm (Jeff Golfblum) yn in harksitting dat men de dinosauriërs stjerre litte moat, om 'e fout goed te meitsjen dy't John Hammond in fearnsiuw lyn begien hat troch se wer ta libben te wekjen. Oan 'e oare kant hat Claire Dearing (Bryce Dallas Howard), de âld-bedriuwsliedster fan it safarypark, de Dinosaur Protection Group oprjochte, in organisaasje dy't krewearret foar de rêding fan 'e bisten. As der úteinlik in rêding ûndernommen wurdt, binne sawol Claire as Owen Grady (Chris Pratt) dêryn behelle. Mar de 'rêder' mei wa't se har ynlitten hawwe, de hierling Ken Wheatley (Ted Levine), blykt in folslein oare aginda te hawwen as sysels.

Jurassic World: Fallen Kingdom waard regissearre troch J.A. Bayona nei in senario fan Derek Connolly en Colin Trevorrow. De film gie op 21 maaie 2018 yn premiêre, en brocht $1.310,4 miljoen op tsjin in budget fan $170 oant 187 miljoen. Jurassic World: Fallen Kingdom waard nominearre foar in Saturn Award.

Jurassic World: Dominion

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jurassic World: Dominion.

Jurassic World: Dominion spilet fjouwer jier nei de foarfallen yn Fallen Kingdom. Dinosauriërs hawwe har no oer de hiele wrâld ferspraat en libje njonken oare bisten en minsken, wat ta in ekologyske ramp liedt. Owen Grady (Chris Pratt) en Claire Dearing (Bryce Dallas Howard) geane op in rêdingsmisje om harren fjirtjinjierrige pleechdochter Maisie Lockwood (Isabella Sermon) te befrijen út 'e hannen fan in groep hierlingen. Underwilens komme Ellie Sattler (Laura Dern) en Alan Grant (Sam Neill) in gearspanning op it spoar fan 'e grutte korporaasje Biosyn, in eardere rivaal fan InGen, om op skandalige wize fan 'e ûntstiene gaos te profitearjen. Se roppe de help yn fan Ian Malcolm (Jeff Goldblum) om 'e efterbakse praktiken fan it bedriuw oan it ljocht te bringen.

Jurassic World: Dominion waard regissearre troch Colin Trevorrow nei in senario fan Emily Carmichael en himsels. De film gie op 23 maaie 2022 yn premiêre, en brocht $1.003,8 miljoen op tsjin in budget fan $165 oant 185 miljoen. Jurassic World: Dominion waard nominearre foar twa Saturn Awards.

Battle at Big Rock

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Battle at Big Rock.

Battle at Big Rock is in koarte film mei in spyldoer fan 8 minuten, dy't regissearre waard troch Colin Trevorrow nei in senario fan himsels en Emily Carmichael. De film waard útbrocht op 15 septimber 2019 en spilet in jier nei de foarfallen yn Jurassic Park: Fallen Kingdom. De plot folget in húshâlding dy't giet te kampearjen yn it fiktive Nasjonaal Park Big Rock yn it noarden fan Kalifornje, sa'n 25 km fan it plak dêr't oan 'e ein fan Fallen Kingdom de dinosauriërs frijlitten waarden. Battle of Big Rock lit de earste konfrontaasje sjen tusken minske en dinosaurus op it Amerikaanske fêstelân.

Jurassic World: Camp Cretaceous

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jurassic World: Camp Cretaceous.

Jurassic World: Camp Cretaceous is in kompjûteranimearre tekenfilmsearje produsearre troch Universal Studios en Amblin Entertainment y.g.m. DreamWorks Animation en Netflix. Tillefyzjeprodusint Zack Stentz hie de deistige lieding oer it projekt. It ferhaal fynt lyktidich plak mei de foarfallen yn 'e film Jurassic Park út 1993, en folget in groep teenagers dy't op Isla Nublar oan it kampearjen binne as de dinosauriërs útbrekke. Om fan it eilân ôf komme te kinnen, moatte se leare om gear te wurkjen. Fan Jurassic World: Camp Cretaceous waarden trije seizoenen makke fan yn totaal 26 ôfleverings, dy't fan 2020 ôf op Netflix te sjen wiene.

Takomstige live action-searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is ek in live action-tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Jurassic Park-franchise yn preproduksje. Dy sil troch Amblin Television makke wurde, mei Colin Trevorrow en Steven Spielberg as produsinten. Der is noch gjin titel bekend, en likemin is (anno 2023) al dúdlik wannear't de opnamen foar de film begjinne sille.

De Wikipedy hat ek in side Jurassic Park (roman).

Jurassic Park is de oarspronklike roman dêr't de hiele mediafranchise op werom giet. It boek waard skreaun troch Michael Crichton, dy't al yn 1983 in senario betocht oer in dinosaurus dy't kloand waard fan fossyl DNA en wer ta libben wekke waard. Nei't er in tal jierren mei dat idee omboarte hie, foarme er it úteinlik om ta Jurassic Park, in roman dêr't er ferskate jierren oan wurke. Oarspronklik waard it ferhaal ferteld út it perspektyf fan in jonge jonge, mar de feedback dy't Crichton krige, wie tige negatyf, dat hy feroare de haadpersoan yn in folwoeksen man, wat folle bettere reäksjes opsmiet. Regisseur Steven Spielberg rekke noch foar de publikaasje fan 'e roman yn 1990 op 'e hichte fan it bestean fan it ferhaal, mei't it te praat kaam doe't hy en Crichton in senario besprieken dat letter de sikehûssearje ER wurde soe. Warner Bros., Columbia Pictures, 20th Century Fox en Universal Pictures brochten allegear noch foar de publikaasje in bod út op 'e filmrjochten, wêrby't Universal, mei stipe fan Spielberg syn filmstudio Amblin Entertainment, úteinlik as de winner út 'e bus kaam.

De Wikipedy hat ek in side The Lost World (roman fan Michael Crichton).

Nei it ûnbidige súkses fan 'e film Jurassic Park waard Crichton fan ferskate kanten oantrune en skriuw in ferfolchroman. Dat wegere er lykwols, oant Spielberg sels him fertelde dat er graach in ferfolchfilm regissearje woe dy't basearre wie op in twadde boek fan Crichton. Doe sette er suver daliks útein mei it boek, dat yn 1995 publisearre waard ûnder de titel The Lost World. Crichton befêstige dat er dêrfoar eleminten ûntliend hie oan 'e klassike roman mei deselde namme fan sir Arthur Conan Doyle. De produksje fan 'e ferfolchfilm The Lost World: Jurassic Park, dy't op it boek basearre wie, begûn in jier letter.

Spin-off-romans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jurassic Park Adventures-trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jurassic Park Adventures.

Jurassic Park Adventures is in trilogy fan spin-off-romans fan 'e Jurassic Park-franchise, dy't skreaun waard troch Scott Ciencin. De trilogy bestiet út Jurassic Park Adventures: Survivor en Jurassic Park Adventures: Prey, dy't beide útkamen yn 2001, en Jurassic Park Adventures: Flyers, dat yn 2002 publisearre waard.

The Evolution of Claire

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Evolution of Claire.

The Evolution of Claire is in oare spin-off-roman, bedoeld foar jongfolwoeksenen en skreaun troch Tess Sharpe. Dizze roman spilet yn 2004, mar ferskynde yn 2018 en is basearre op 'e Jurassic World-films. Haadpersoan is Claire Dearing (de lettere bedriuwsliedster), dy't yn it boek foar it earst it safarypark op Isla Nublar besiket, dêr't se in simmer lang staazjerinne sil.

De folgjende fideospultsjes binne ferskynd yn it ramt fan 'e Jurassic Park-franchise:

De folgjende soundtrackalbums binne útbrocht yn it ramt fan 'e Jurassic Park-franchise:

Fan juny 1993 oant en mei augustus 1997 publisearre de Amerikaanske útjouwerij Topps Comics stripadaptaasjes fan 'e films Jurassic Park en The Lost World: Jurassic Park, en teffens ferskate orizjinele Jurassic Park-ferhalen.

Fan juny 2010 ôf oant yn jannewaris 2012 publisearre IDW Publishing strips yn it ramt fan 'e Jurassic Park-franchise. Deselde útjouwerij bemachtige ek de rjochten op 'e Jurassic Park-strips fan it ûnderwilens opdoekte Topps Comics en joech dy strips op 'e nij út. Nije strips wiene:

Jurassic World Live is in toanielstik op basis fan 'e Jurassic Park-franchise dat yn 2019 yn Columbus (Ohio) yn premiêre gie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)