Junkers Ju 88
Junkers Ju 88 | |
---|---|
Rol | Sjoch tekst |
Makker | Junkers |
Untwerper | W.H. Evers en Alfred Gassner |
Earste flecht | 21 desimber 1936 |
Yn tsjinst | Septimber 1939 |
Ut tsjinst | 1951 (Frankryk) |
Tal makke | 14.882 (1939 - 1945) |
Brûkers | |
Fariant | Junkers Ju 188 en tsientallen ferzjes |
De Junkers Ju 88 wie in twa-motorige middelswiere bommesmiter fan de Dútske fabrikant Junkers. It tastel wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.
De Ju 88 wie in fleanmasine mei in brede tapassing. Hy waard ynset as jachtbommesmiter, nachtjager (Ju 88C), (dûk)bommesmiter, torpedobommesmiter en ferkenningsfleanmasine en tsjin de ein fan de oarloch as Mistel (fleanende bom). Tsientallen farianten hawwe der west.
Yn de Twadde Wrâldoarloch is it tastel ek as nachtjager fan de Fliegerhorst Deelen ôf ynset dêr't de 2e Gruppe Nachtjagdgeschwader stasjonearre wie en yn de 5e Gruppe Zerstörer fan Fliegerhorst Volkel ôf.
It tastel tsjinne oan alle fronten fan beset Jeropa. Der binne sa'n 15.000 eksimplaren fan boud.
Technyske feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](útsein de jachtfarianten)
- Motors: twa Junkers Jumo 211 linemotors, 1200 hk it stik
- Bewapening: oant 1650 kg bommen, fjouwer 7,92 mm mitrailleurs
- Heechste faasje: 450 km/o op 6000 m hichte
- Fleanberik: 1000 km mei normale bomlading
- Fleanplafond: 8750 m
- Bemanning: 3
-
Junkers Ju 88
-
Junkers Ju 88 A-4 fan de Finske Loftmacht
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Junkers Ju 88 fan Wikimedia Commons. |