[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

John Wright

Ut Wikipedy
John Wright
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Wright
nasjonaliteit Britsk
berne 22 juny 1947
stoarn 7 febrewaris 2008
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Folk
Rock
sjongtaal Ingelsk

John Wright, (22 juny 19477 febrewaris 2008) wie in Ingelske folk-sjonger út Grut-Brittanje.

Lykas syn trije bruorren waard John koarsjonger by de pleatslike tsjerke fan East Didsbury, in foarstêd fan Manchester. Yn de sechtiger jierren spile er yn Manchester yn meardere rockbands. Dêrnei ferfear er nei Londen om dêr yn it leger te gean. Hy fertsjinne jild by yn de kroegen as jankfoddesjonger yn de pianobars fan it Londenske West End. Fan in opfallende funksje by de paleiswachten op hynders yn Londen (Household Cavalry) oant it weromlutsen bestean as skeper yn Northumberland en letter yn de Skotske hichten.

Mear as tweintich jier hâlde er ta yn de Borders, sa no en dan song er by pleatslike feestlikheden. Yn 1990 waard er oerhelle om in kassette op te nimmen mei acapella lietsjes – "Border Crossings"- betelle mei de opbringst fan de ferkeap fan syn hardersponny "Bandit". Hjirnei wurdt er útnûge foar ferskate festivals. Yn 1993 ferskynt syn earste album Ride the Rolling Sky. Twa fan de begeliedende muzikanten op de CD wiene Kenny Speirs en Wattie Robson, dy’t mei John de "John Wright Band" foarmen.

At er syn twadde lustrum fiert, hat er krekt syn alfte CD útbrocht Time To Learn, op papier setten troch ferskate skriuwers. Time To Learn is de tredde CD dy’t troch him ûnder syn eigen label "Twirtle Music" útbrocht wurdt. Dêrnei krijt er hieltiten mear súkses en hy treedt ek yn Nederlân op yn it ramt fan syn Europeeske toernee Friends. Letter is er ek in Amearika te hearren mei sjonger/songwriter Maurice Dickson.
Yn 2001 feroaret de oarspronklike gearstalling fan de band en toert John mei wikseljende Ingelske muzikanten. Yn 2005 wurdt yn muzykteater Vredenburg yn Utert de dûbel DVD Life opnomd mei in dokumintêre oer syn libben. Yn 2007 spile er mei yn de musical Rolling Home & John Wright going Celtic. Begjin 2008 trout er mei syn leafde Barbara, mar komt in moanne letter hommels te ferstjerren nei in oerhaal.

  • Empty Chairs (CD, 2011)
  • Long Hellos ...Short Goodbyes, ’The Tribute Concert (2DVD, 2010)
  • Long Hellos ...Short Goodbyes (2007)
  • Fries Om Utens/ Caledonia (2007)
  • Requests 1 (2007)
  • The Gypsy Life (2006)
  • Live and Life (2DVD, 2005)
  • Time to Learn (2004)
  • Song Dance (2003)
  • That's the Way Love Is (2003)
  • Dangerous Times (2002)
  • John Wright Band Live (2001)
  • A Few Short Lines (2000)
  • Language of the Heart (2000)
  • A Few Short Lines (2000)
  • Pages Turning (1999)
  • Other Roads (1997)
  • The Things We've Handed Down (1995)
  • Ride the Rolling Sky (1993)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: