John Gabriel Borkman
John Gabriel Borkman | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | John Gabriel Borkman | |
auteur | Henrik Ibsen | |
taal | Noarsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1896 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | John Gabriel Borkman | |
publikaasje | 2008, Ljouwert | |
útjouwer | St.U.F.T. | |
oersetter | Jikke de Haan |
John Gabriel Borkman, mei deselde titel yn it oarspronklike Noarsk, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It wie Ibsen syn foarlêste stik, basearre op in ynsidint dêr't er earder yn syn libben by belutsen west hie, fan it besykjen ta selsmoard fan in legerofsier dy't ûnder beskuldiging fan fertsjustering kommen wie te stean. John Gabriel Borkman waard skreaun yn 1896. De Fryske oersetting, fan Jikke de Haan, ferskynde yn 2008.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarhinne oars sa foaroansteande famylje Borkman is yn 'e nederklits rekke trochdat de heer des huizes John Gabriel Borkman syn posysje as bankdirekteur misbrûkte om mei it jild fan syn kliïnten te spekulearjen. Hy waard pakt en draaide it tichthûs yn. As it toanielstik iepenet is it acht jier nei't Borkman wer op frije fuotten kommen is, en reitsje hy, syn frou, en Ella Rentheim, de twillingsuster fan syn frou, deilis oer de takomst fan syn jonge soan Erhart Borkman. Hoewol't John Gabriel Borkman it naturalisme en maatskippijkritysk kommentaar út Ibsen syn middelperioade fuortset, sprekt út it stik teffens it nije, subtilere symbolisme út syn lêste snuorje, dy't noch mear nei foarren komt út syn lêste stik, Når Vi Døde Vågner ("As Wy Deaden Untweitsje"), dat op John Gabriel Borkman folge.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Gabriel Borkman waard yn 2008 ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Dy 96 siden tellende fertaling waard útbrocht by de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.), te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |