Jean-Marie Le Bris
Jean-Marie Le Bris, yn it Bretonsk: Yann Vari ar Brizh, (Concarneau yn Bretanje, 1817 - Douarnenez, 1872) wie in Frânske loftfeartpionier, dy't yn desimber 1856 in sweefflecht makke.
Jean Marie Le Bris wie seeman en seekaptein dy't lykwols mear niget oan de fleanderij hie. Op syn reizen bestudearre er de flecht fan de Albatros. Hy fong in tal fan dy fûgels en bestudearre it hâlden en dragen fan harren wjukken yn de loft; sa krige er aan fan it aerodynamysk ferskynsel lift, dat er "aspiration" neamde.
Hy makke in sweeffleanmasine op grûn fan syn stúdzjes en neamde dy L'Albatros artificiel ('De keunstmjittige Albatros'). Hy makke syn earste flecht boppe it strân fan Sainte-Anne-la-Palud (Departmint Finistère). De fleanmasine waard troch in dravend hynder tsjin de wyn yn omheech brocht. Mei dat tastel helle er in hichte fan 100 m, en in ôfstân fan 200 m.
Yn 1868 boude er mei stipe fan de Frânske Marine in twadde fleanmasine, dy't er yn Brest probearre, mar dat wie gjin súkses.[1] It tastel wie benei lyk oan de earste, mar it wie lichter en hie in systeem om it gewicht te ferdielen. It wie ek de earste fleanmasine dy't fotografearre waard, troch Nadar yn 1868.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|