[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jan Greshoff

Ut Wikipedy
Jan Greshoff (1920)

Jan Greshoff (Nieuw Helvoet, 15 desimber 1888Kaapstêd, 19 maart 1971) wie in Nederlânsk sjoernalist en auteur waans namme fral klank krige as dichter en kritikus.


Greshoff wie fan 1908 ôf oan sjoernalist, ûnder oare by it Dagblad van Zuid-Holland en 's Gravenhage en foar it wykblêd De Hofstad. Yn 1916 kaam er op de keunstredaksje fan De Telegraaf. Fan 1920 oant 1923 wie er haadredakteur fan de Nieuwe Arnhemse Courant. Dêrnei waard er freelancer.

Lumen, in bondel ferzen basearre op in balletsenario wie Grshoff syn literêre debút. Der soene noch in protte fan folgje, lykas Aardsch en Hemelsch (1926) en Ikaros bekeerd (1938). Syn ferneamdste gedicht is "Liefdesverklaring".

Yn Afscheid van Europa (1969) sjocht Greshoff werom op syn (literêre) libben en syn protte bekende freonen, sa as in Adriaan Roland Holst, J.C. Bloem en J. Slauerhoff. De roman Kaas fan Willem Elsschot waard opdroegen oan Greshoff.

De measte boeken fan Jan Greshoff waarden útjûn trochr A.A.M. Stols. De wiidweidige briefwikseling tusken Greshoff en Stols waard yn 1990 útjûn troch it Nederlânsk Letterkundich Museum.

Greshoff wenne lange tiid yn België en yn syn hûs 'Huis De Grashof' by Kaapstêd, Súd-Afrika. Hy stoar dêre yn de âldens fan 82 jier.

Bibliografy (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1909 - Aan den verlaten vijver
  • 1910 - Door mijn open venster...
  • 1910 - Edelsmid (oer G.H. Lantman)
  • 1918 - Latijnsche lente
  • 1924 - De ceder
  • 1924 - Mengelstoffen o.h. gebied der Fransche Letterkunde
  • 1925 - Dichters in het koffyhuis (ûnder pseudonym Otto P. Reys)
  • 1925 - Sparsa
  • 1925 - Geschiedenis der Nederl. letterk. (mei J. de Vries)
  • 1926 - Aardsch en hemelsch
  • 1926 - Zeven gedichten
  • 1927 - De Wieken van den Molen
  • 1929 - Bij feestelijke gelegenheden
  • 1928 - Confetti
  • 1930 - Currente calamo
  • 1931 - Spijkers met koppen
  • 1932 - Janus Bifrons
  • 1932 - Mirliton
  • 1932 - Voetzoekers
  • 1933 - Pro domo
  • 1934 - Arthur van Schendel
  • 1936 - Critische vlugschriften
  • 1936 - Gedichten, 1907-1936
  • 1936 - Rebuten
  • 1938 - Ikaros bekeerd
  • 1938 - In alle ernst
  • 1939 - Steenen voor brood
  • 1941 - Fabrieksgeheimen
  • 1943 - Muze, mijn vriendin
  • 1944 - Catrijntje Afrika
  • 1944 - Het spel der spelen
  • 1948 - Zwanen pesten
  • 1948 - Gedichten
  • 1948 - Legkaart
  • 1950 - Het boek der vriendschap
  • 1950 - Grensgebied
  • 1955 - Marnix Gijsen (mei R. Goris)
  • 1956 - Volière
  • 1956-1958 - De laatste dingen
  • 1957 - Bric à brac
  • 1958 - Menagerie
  • 1958 - Nachtschade
  • 1958 - Pluis en niet pluis
  • 1964 - Wachten op Charon
  • 1967 - Verzamelde gedichten 1907-1967
  • 1968 - Wind wind
  • 1969 - Afscheid van Europa

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]