J.J. Cale
J.J. Cale | ||
sjonger en/of muzikant | ||
J.J. Cale, 2006 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Weldon Cale | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 desimber 1938 | |
berteplak | Oklahoma City | |
stoarn | 26 july 2013 | |
stjerplak | La Jolla | |
wurkpaad | ||
sjenre | Blues | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1958–2013 |
J.J. Cale (Oklahoma City, 5 desimber 1938 – La Jolla, 26 july 2013), wie in Amearikaansk gitarist, komponist en sjonger. Syn bekendste lieten binne 'After Midnight' en 'Cocaine' beide ta in hit makke troch Eric Clapton.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cale hat fan jong ôf oan mei muzyk de kost fertsjinne. Fan syn 15e ôf spile J.J. yn de klups fan Tulsa al in kombinaasje fan blues, rock, jazz en country. Letter foarme hy syn eigen groep, Johnny Cale and the Valentines. Neidat Cale yn 1959 ferhuze nei Nashville spile hy dêr in jier as sân yn the Grand Ole Opry, om dochs wer werom te gean nei syn âlde band yn Tulsa. Yn it midden fan de 60-er jierren makke Cale de reis nei Los Angeles om dêr oan in solokarriêre te wurkjen. Hy sette dêr 'After Midnight' op singel, mar dat soe pas in hit wurde yn de ferzje fan Eric Clapton. Hy soe fan Los Angeles út noch yn in pear bands spylje oant Cale yn 1966 wer nei Tulsa gie om serieus wurk fan syn solokarriêre te meitsjen.
It duorre oant 1972 eart op it Shelterlabel syn debút album ferskynde, mei de namme 'Naturally'. Syn namme wie al bekend fan syn Clapton-hit en mei it nûmer 'Crazy Mama' skoarde Cale yn Amearika no sels in hit. Al gau dêrnei kaam it twadde album fan Cale op 'e merk: 'Really'. Yn de rin fan de 70-er en 80-er jierren folgen der noch ferskate albums, mar de yntroverte artyst Cale soe nea echt bekend wurde by in grut publyk.
Syn muzyk waard dat wol. Njonken de nûmers dy't Clapton wrâldbekend makke, droegen ek Lynyrd Skynerd (Call Me the Breeze), Santana (The Sensitive Kind) en Deep Purple (Magnolia) by oan syn faam as komponist.
Op 8 juny 2004 ferskynde 8 jier nei de The Guitar Man wer in album mei nij wurk fan Cale, To Tulsa And Back, by syn nije platemaatskippij Sanctuary Records.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1972 - Naturally
- 1973 - Really
- 1974 - Okie
- 1976 - Troubadour
- 1979 - 5
- 1981 - Shades
- 1982 - Grasshopper
- 1983 - 8
- 1984 - Special Edition
- 1990 - Travel Log
- 1992 - Number 10
- 1994 - Closer To You
- 1996 - Guitar Man
- 1997 - Anyway The Wind Blows
- 1998 - The Very Best of J.J. Cale
- 2000 - Universal Masters Collection
- 2001 - Live
- 2004 - To Tulsa And Back
- 2007 - Rewind
- 2009 - Roll on