Ivanhoe
Ivanhoe | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ivanhoe | |
auteur | sir Walter Scott | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | histoaryske roman | |
1e publikaasje | 1820, Edinburch | |
oarspr. útjwr. | Constable & Co. |
- Dizze side giet oer histoaryske roman fan sir Walter Scott. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ivanhoe (betsjuttingsside).
Ivanhoe is in histoaryske roman fan 'e grutte Britske skriuwer, toanielskriuwer en dichter sir Walter Scott (1771-1832). It ferhaal fertelt fan 'e barrens yn it Midsiuwske Ingelân fan 1194, doe't nei it mislearjen fan 'e Tredde Krústocht in protte krúsfarders noch ûnderweis nei hûs wiene. Ivanhoe, dat foar it earst publisearre waard yn 1820, is ien fan Scott syn bekendste romans, dat yn 'e dagen fan 'e Romantyk tige by tige bydroech oan 'e belangstelling foar de skiednis yn it algemien en foar de Midsiuwen yn it bysûnder. It is withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, tekenfilms, stripferhalen, toaniel en opera's. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in auteur waans iere (histoaryske) wurken priizge waarden om harren histoaryske akkuratens, sloech Scott by it skriuwen fan Ivanhoe mar frijwat los mei de wierheid om (wat er sels ek tajoech). Mar Ivanhoe moat dan ek yn it foarste plak sjoen wurde as in roman, en folle minder as in histoarysk ferslach; it is net bedoeld om te ûnderwizen, mar inkeld om te fermeitsjen. Scott is fral bekritisearre troch de fûleindige hate dy't der yn it boek 128 jier nei de Slach by Hastings en de Normandyske Ynfaazje noch yn Ingelân bestiet tusken de Normandyske oerhearskers en de ûnderdrukte Angelsaksyske befolking, in maatskiplike twadieling dy't net ûnderstipe wurdt troch doetiidske boarnen. Scott, dy't fan berte en komôf in Skot wie (en dêr grutsk op wie), liket lykwols in ferbân lizze te wollen tusken de sitewaasje yn Midsiuwsk Ingelân en de gefoelens dy't der yn Skotlân 113 jier nei de uny mei Ingelân (yn 1707) noch libben oangeande de Britske ienwurding.
In oar kontemporên tema dat Scott yn Ivanhoe ferwurke, wie de striid foar de emansipaasje fan 'e joaden, dy't yn Grut-Brittanje krekt om 1820 hinne geande wie. Yn it boek spylje de joadske jildliener Isaac fan York en dy syn dochter Rebecca wichtige rollen en wurdt tusken de regels troch gauris wiisd op it ûnrjocht dat de Joaden inkeld fanwegen harren leauwe oandien wurdt.
De legindaryske rôverhaadman Robin Hood ferfollet yn Ivanhoe in byrol. It karakter dat Scott him taparte, droech yn hege mjitte by ta it moderne byld fan Robin Hood as in fleurige en nommele dief mei in hert fan goud dy't inkeld lju tenei kaam dy't net better fertsjinnen. Fierders ûntstie der troch Ivanhoe in nije Ingelske namme: Cedric. De oarspronklike, al lang foartiid yn ûnbrûk rekke Angelsaksyske namme wie nammentlik eins "Cerdic", mar Scott misstavere it en withoefolle Ingelsen namen syn flater letter sûnder euvelmoed oer. It is in foarbyld fan metateze, it omwikseljen fan 'e wurdlidden fan in wurd.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wilfred fan Ivanhoe is in Ingelsk ridder fan Angelsaksysk komôf, dy't fanwegen syn stipe oan 'e Normandyske kening Richard Liuwehert ûnturven is troch syn heit, de grutske Cedric fan Rotherwood, in telch út ien fan 'e lêste Angelsaksyske aadlike geslachten yn Ingelân. In bykommende reden fan 'e fersteurde relaasjes tusken heit en soan is dat Ivanhoe fereale wurden is op 'e frouwe Rowena, dy't ûnder syn heite fâdij stiet. Cedric is fan doel en hylkje har út oan 'e machtige hear Aethelstane fan Coningsburgh, in ôfstammeling fan Harold II Godwins, de lêste Angelsaksyske kening fan Ingelân. Mar ynstee fan om syn heite sizzen te jaan, is Ivanhoe mei Richard Liuwehert op krústocht gien nei it Hillige Lân.
It boek iepenet as op in ûnlijige jûn in espel Normandyske ridders en prelaten oanspraak makket op 'e gastfrijens fan Cedric. Hja binne nei Rotherwood ta laat troch in pylger dy't koartby weromkeard is út it Hillige Lân. Dyseldichste nacht siket ek de joadske jildliener Isaac fan York syn taflecht yn Rotherwood. Nei it jimmet heart de pylger hoe't ien fan 'e Normandyske ridders, de Timpelier Brian de Bois-Guilbert, syn Saraseenske feinten opdracht jout om 'e jildliener de oare moarns te folgjen en finzen te nimmen om him dan oer te bringen nei Bois-Guilbert syn kastiel dêr't er yn alle rêst útrûpele wurde kin. De pylger warskôget dêrop Isaac en helpt him by neare nacht út Rotherwood te ûntkommen. De jildliener, dy't oan syn hâlden en dragen wol sjen kin dat er hjir mei in ridder fan dwaan hat, is him sa tankber dat er oanbiedt om him by wize fan beleanning in wapenris en in striidhynder te ferskaffen, sadat er meidwaan kin oan it toernoai dat mei koarten holden wurde sil te Ashby-de-la-Zouch. De pylger nimt dat oanbod oan.
It toernoai wurdt holden ûnder grutte publike belangstelling en ûnder tafersjoch fan prins Jan, de broer fan Richard Liuwehert, better bekend as Jan sûnder Lân. Dêrby komt in mysterieuze ridder opdaagjen dy't syn fizier omleech hâldt en himsels inkeld oantsjut as "Desdichado" (wat yn it boek omskreaun wurdt as Spaansk foar "Unturvene", mar wat eins "Ungelokkige" bestjut). Dy ridder wit by it stekspul in grut tal fan 'e bêste Normandyske hearen te ferslaan, mei dêrûnder Bois-Guilbert, Reginald Front-de-Bœuf en Philip de Malvoisin. Hoewol't er dêrnei wegeret en meitsje syn identiteit bekend oan prins Jan, wurdt er dochs ta oerwinner ferklearre, sadat er in keninginne fan it toernoai kieze mei. Hy kiest de frouwe Rowena út.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op 'e twadde dei fan it toernoai fynt der in mêlee, in groepsgefjocht, plak. Desdichado wurdt dêrby útkeazen om ien fan 'e beide partijen oan te fieren. Dêrop jouwe net inkeld alle foaroansteande Normandyske ridders, dy't noch altiten op wraak sinne foar harren nederlagen fan 'e foargeande dei, har by de tsjinpartij, mar ek Aethelstane fan Coningsburgh, dy't min te sprekken is oer it feit dat Desdichado syn ferseine oanwiisd hat as keninginne fan it toernoai. Mei safolle machtige tsjinstanners rekket Desdichado al rillegau yn 'e benearing, mar dan komt in oare ridder mei sletten fizier, dy't yn 't swart klaaid is en oant dan ta net oan 'e striid meidien hat en dêrom Le Noir Faineant ("De Swarte Loaikert") neamd wurdt, him te help. De Swarte Loaikert blykt in baas fjochter te wêzen en tegearre mei him wit Desdichado it tij te kearen. Desdichado syn partij behellet úteinlik de oerwinning, mar tsjin dy tiid is de Swarte Loaikert al wer fuortglûpt en nearne mear te finen. Prins Jan, dy't Desdichado ek net lije mei, wol de oerwinnerskrânse no oan 'e Swarte Loaikert takenne, mar as dy ûnfynber blykt, is er twongen om dochs op 'e nij Desdichado te huldigjen. Dyselde is dan, om't er dêrfoar syn helm ôfsette moat, twongen en meitsje himsels bekend: it docht bliken dat er nimmen oars as Wilfred fan Ivanhoe is, wêrfan't tocht waard dat er noch mei kening Richard yn it Hillige Lân wie. Dat liedt ta nochal wat konsternaasje yn it gefolch fan prins Jan, mei't der no freze wurdt dat de kening mei gauwens sels ek weromkeare sil. Om't er yn it mêlee slim ferwûne rekke is en om't syn heit noch altiten wegeret wat mei him fan dwaan te hawwen, nimt Isaac fan York syn tsjeppe dochter Rebecca, dy't kundich is yn 'e genêskeunst, de soarch foar Ivanhoe op har. Wylst it toernoai fierder giet mei in sjitwedstryd wêrby't in boer dy't himsels fan "Locksley" neamt (Robin Hood) seldsume staaltsjes bôgesjitkeunst sjen lit, nimme Isaac, Rebecca en harren tsjinners Ivanhoe mei nei York, om him dêr te ferpleegjen.
Underwilens is in ridder út it gefolch fan prins Jan, Maurice de Bracy, fereale wurden op frouwe Rowena, dy't er sadwaande beslút te ûntfieren. Yn 'e bosken tusken Ashby, yn Leicestershire, en York, komt it selskip fan Cedric fan Rotherwood, mei dêrûnder ek frouwe Rowena en Aethelstane fan Coningsburgh, Isaac en Rebecca mei de ferwûne Ivanhoe tsjin. Harren tsjinners binne útnaaid út eangst foar strûkrôvers. Rebecca smeket Cedric om harren fierder nei York ta te begelieden. Cedric, dy't net trochhat dat de ferwûne man dy't se ferfiere syn eigen soan is, stimt dêryn ta. Underweis nei York wurde se lykwols oerfallen troch Bracy en syn trewanten, dy't it hiele selskip finzen nimme en fêstsette op Torquilstone, it kastiel fan Reginald Front-de-Bœuf. Inkeld de bargehoeder Gurth, dy't ûnder it toernoai foar Ivanhoe syn skyldfeint spile hat, ûntkomt.
Gurth wit Robin Hood te berikken, dy't daliks al syn mannen byinoar bringt om te besykjen Cedric-en-dy te befrijen. Dêrta ropt er ek de klúzner fan Copmanhurst op (oftewol broer Tuck), dy't op dat stuit krekt besite hat fan 'e Swarte Loaikert. As dy ridder heart wat der geande is, biedt er daliks syn tsjinsten oan Robin Hood oan. Dêrop belegerje Robin Hood en de Swarte Loaikert Torquilstone mei de frijbûtsers fan Robin Hood en in ferskaat oan Angelsaksyske boeren út 'e omkriten dy't it bloed fan Front-de-Bœuf en syn buorman, Philip de Malvoisin, wol drinke kinne.
Underwilens makket yn it kastiel Bracy oan frouwe Rowena syn leafde foar har bekend, mar dy stegeret him sûnder mear ôf. En Bois-Guilbert, dy't himsels besiket op te kringen oan Rebecca, wurdt krektlyk ôfwiisd. Wilens besiket Front-de-Bœuf yn 'e tsjerkers in fikse lospriis út Isaac de jildliener los te krijen, mar dy't wegeret ek mar ien reade sint te beteljen oant Bois-Guilbert syn dochter gean litten hat. As de belegerders easkje dat de finzenen frijlitten wurde, krije se fan 'e Normandiërs it berjocht ta beskie dat se wol in preester stjoere meie om harren de lêste rjochten ta te tsjinjen. Dêrop stjoere Robin Hood en de Swarte Loaikert Cedric syn nar Wamba ferklaaid as preester nei binnen ta. Dy nimt Cedric syn plak yn wylst Cedric sels yn it preesterklaad wit te ûntsnappen. Hy bringt de belegerders weardefolle ynformaasje oer oangeande de grutte fan it garnizoen en de yndieling fan it kastiel.
Trochdat se no witte wat de sterke en swakke punten yn 'e ferdigening binne, slagget it de belegerders om Torquilstone mei in bestoarming yn te nimmen. Front-de-Bœuf komt dêrby om, wylst Bracy him oerjout oan 'e Swarte Loaikert, dy't no nimmen oars as Richard Liuwehert sels blykt te wêzen. Bois-Guilbert wit lykwols út te naaien mei Rebecca; dêrby rekket Aethelstane ferwûne as er de jonge joadinne, dy't er oansjocht foar frouwe Rowena, besiket te rêden. Underwilens wurdt Isaac troch de klúzner fan Copmanhurst út 'e tsjerkers befrijd. Frouwe Rowena wurdt rêden troch Cedric, wylst de ferwûne Ivanhoe it baarnende kastiel útdroegen wurdt troch de kening sels.
Nei de slach spilet Robin Hood gasthear foar kening Richard, wylst Bracy, dy't troch de kening sparre is, tynge docht fan 'e weromkear fan 'e kening oan prins Jan en dy syn gefolch. Underwilens flechtet Bois-Guilbert mei Rebecca nei de tichtstbye preseptorij fan 'e Timpeliers, dy't ûnder lieding stiet fan syn freon Albert de Malvoisin. Hy is fan doel en ûntflechtsje it lân, mar dêrby wol er Rebecca meislepe. Yn 'e preseptorij is lykwols ûnferwachts Lucas de Beaumanoir, de grutmaster fan 'e Oarder fan 'e Timpeliers, oanwêzich. Dyselde nimt oanstjit oan Bois-Guilbert syn sûndige hertstochten, dy't syn ûnthjitten as in timpelier geweld oan dogge. Beaumanoir sjocht daliks wol yn wêr't de stôk fêstsit: Rebecca is dúdlik in aaklike hekse, dy't de ûnskuldige ridder betsjoend hat. Dat hy lit it fanke berjochtsje en út it proses (dat in oanfluiting is) docht yndie bliken dat Rebecca in hekse is. Beaumanoir wol har no libben ferbaarne, mar Rebecca beropt har op it rjocht om om in godsoardiel te freegjen. Dêrta sille twa foarfjochters in duël útfjochtsje, en wa't dan wint, hat dúdlik de geunst fan God (en dus it gelyk oan syn kant). Bois-Guilbert hopet om har foarfjochter te wurden, mar ta syn ôfgriis oarderet Beaumanoir him krekt om tsjìn Rebecca te fjochtsjen. It fanke wurdt dan tastien om har heit te skriuwen, sadat dy in foechsum kampfjochter foar har sykje kin.
Underwilens is Aethelstane oan syn ferwûnings beswykt, dat Cedric beävensearret te Coningsburgh syn begraffenis. Wylst er dêrmei dwaande is, arrivearret kening Richard mei Ivanhoe. Cedric wol earst noch hieltyd neat fan syn soan witte, mar de kening praat krekt sa lang op him yn oant er Cedric en Ivanhoe mei-inoar fermoedsoene hat. Boppedat wit er Cedric safier te krijen dat dy ynstimt mei it houlik tusken Ivanhoe en frouwe Rowena. Koarte tiid letter komt Aethelstane ynienen foar 't ljocht; it docht bliken dat er noch net dea wie, mar troch deune mûntsen, dy't út wiene op it begraffenisjild, yn syn deakiste treaun is. Dy ûnderfining hat him wat minder grutsk makke en no bringt er, sûnder him te steuren oan it nije tsjinabbelearjen fan Cedric, hulde oan kening Richard en moediget er dêrnei Ivanhoe en Rowena oan om mei-inoar te trouwen. Uteinlik beseft Cedric dat er it pleit ferlern hat en leit er him by de gong fan saken del.
Koart nei syn fermoedsoening mei syn heit kriget Ivanhoe it berjocht fan Isaac fan York dat Rebecca in kampfjochter brek is. Ivanhoe set daliks ôf en komt krekt op 'e tiid oan om 'e hekseferbrâning foar te kommen. Yn it kampgefjocht twingt Ivanhoe Bois-Guilbert út it seal, mar hy deadet him net. De timpelier, lykwols, beswykt oan in hertstilstân, "it slachtoffer fan it geweld fan syn eigen tsjinstridige hertstochten" (sa't Scott it seit). Beaumanoir nimt dat oan as it fûnis fan God en it bewiis fan Rebecca har ûnskuld. Dan komt Richard Liuwehert fanwegen, dy't Ivanhoe efternei reizge is. Hy lit de Malvoisins oppakke om terjochtsteld te wurden foar heechferrie en ferballet de Timpeliers út Ingelân.
Neitiid kinne Ivanhoe en Rowena einlings en te'n lêsten trouwe. Rebecca en har heit geane om utens, om har yn it Moarske Granada nei wenjen te setten, mei't se yn Ingelân fierdere ferfolging eangje. Ear't se ôfsette, nimt Rebecca noch ôfskie fan Rowena. Ivanhoe en Rowena libje noch lang en lokkich, al wurdt fernijd dat Ivanhoe him nei de dea fan kening Richard út it iepenbiere libben weromlûkt.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1985 ferskynde der in Frysktalige foarm fan Ivanhoe by de Afûk. It wie in oersetting fan in flink ynkoarte Spaanske bewurking foar bern ûnder deselde titel, yn 'e foarm fan in byldferhaal mei tekenings fan Cosimo Musio. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma. It boekje heart ta in fjouwerdielige searje fan lyksoartige útjeften; de oare dielen binne: De Trije Musketiers, De Aventoeren fan Tom Sawyer en de De Lêste Mohikaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |