[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ien

Ut Wikipedy
Haadstrjitte fan Ien
Swartendyksterskâns

Ien[1] (Nederlânsk en offisjeel: Een) is in doarp yn de gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte. Yn 2007 fierde it doarp syn 675-jierrige bestean. It doarp bestiet út trije kearnen dy't yn de 20e iuw oan elkoar groeid binne en mei elkoar wat mear as 800 ynwenners telle (829 per 1 jannewaris 2004). De namme Een is in Drintsk dialektyske ferbastering fan Eden, wat nei alle gedachten turf betsjutte. In oare ferklearring fan de namme is dat it in ôflieding fan de persoansnamme Edo is.

De grutste fan dizze kearnen, Zuideinde neamd, leit oan de dyk fan Haulerwyk nei Noarch. Noardlik hjirfan, oan de wei nei Steenbergen, leine noch twa kearnen. Ungefear in kilometer nei it noarden leit de Middenbuert of Middelboer. Fan hjirút rint in dyk nei Ien-West. Wer in kilometer noardliker leit de kearn Noordeinde of Noorderboer. Beëasten Ien leit it Eenerdiep, dat ek wol it Groote diep neamd wurdt. Dit is de boppeloop fan it Peizerdjip. Oer it djip leit de Eenerbrêge.

De Swartendyksterskâns is in út de 16e iuw datearjend ferdigeningsbolwurk tsjin de Biskop fan Munster. Dizze wei hjit de Skânswei, mar stie eartiids bekend as de Swartendyk en wie de wichtichste ferbining fan Fryslân mei Drinte. As beskerming fan dizze wei is hjir yn de sechtjinde iuw in skâns boud. In oare skâns mei de namme Portugal lei east fan Ien.

Oan it begjin fan de jierren fyftich wie Ien in oantal jierren wrâldferneamd omdat hjir destiids in kapper siet, de fan oarsprong Haachske Marienus van Rooyen, dy't in remeedzje foar kealheid útfûn hawwe soe.[2][3] Keale of kealjende besikers kamen sels út Noard-Amerika en it Fiere Easten. It hiergroeimiddel bliek úteinlik net it winske resultaat op te leverjen. De kapper ferdwûn, nei't sein waard skatryk, nei ûnbekende oarden.[4]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  2. Trouw, 8 febrewaris 1949: Bedevaartplaats der kaalhoofdigen. EEN, waar de wonderkapper met smeersels en hoogtezon werkt : Elken dag duizend brieven van overal. Rieplachte op 28 juny 2020.
  3. Trouw, 16 maaie 1949: Haargroeimiddel uit Een, ook bij een Londense kapper : Studie onder vergrootglas. Rieplachte op 28 juny 2020.
  4. De Vrije Pers, 16 oktober 1951: Kapper van Een ging heen : Voldeed fameuze haargroeimiddel niet? Rieplachte op 28 juny 2020.
Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje