[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hunnen

Ut Wikipedy

De Hunnen wie in federaasje fan nomadefolken, dy't oarspronklik út Sintraal-Aazje kamen en yn de 5e iuw troch Jeropa lutsen. Sy binne foaral bekend wurden fanwege de grutte ferwoastings dy sy oanrjochten hawwe en harren grutte wredens.

Ridende Hunnen, troch Johann Nepomuk Geiger

De Hunnen waarden fanâlds sjoen as it folk dat iuwen foardat sy yn Jeropa ferskynden troch de Sinezen de Xiongnu (yn âlde transkripsjes Hsiung-nu) neamd waarden en dy't it Sineeske Ryk bedrige hawwe.

Wierskynlik foarmen de Hunnen yn it begjin gjin homogene groep, mar wie in groep fan ferskate folken dy't allegearre deselde hearser hienen. De nammen fan in oantal hearskers binne bekend fan likernôch 300 f.Kr. ôf en neffens de Sineeske skriften al sûnt 1800 f.Kr.

De Swarte Hunnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 352 waarden sy troch de Hua ferdreaun en kaam in part fan de Hunnen de kant fan Jeropa út. Dizze Hunnen dy't de Swarte Hunnen neamd waarden, foelen Ruslân yn, wylst in oare groep, de saneamde Wite Hunnen it Perzyske Ryk en Noard-Ynje ynfoel wêr't sy koart in ryk stifte hawwe. Doe't de Wite Hunnen ferslein waarden, lutsen sy yn de 6e iuw ek nei Jeropa ta en waarden doe bekend as de Avaren.

Yn 376 ferneatigen de Swarte Hunnen it Ryk fan de Ostrogoaten yn de Oekraïne, wêrtroch't sy de macht yn hannen krigen oer de steppen fan East-Jeropa. Oare folken waarden troch harren ûnderwurpen of op de flecht dreaun. Dizze ferfarre folken oefenen in swiere druk út op de grinzen fan it Romeinske Ryk dy't hjirtroch ferswakken. Under druk fan de Hunnen besochten de Fisigoaten tastimming te krijen om harren yn it Romeinske ryk te fêstigjen.

Oermachtich yn Jeropa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Ryk fan de Hunnen ûnder kening Attila om 450

Under kening Attila waarden de Hunnen in skoftlang it machtigste folk fan Jeropa. Attila wreide syn leger út mei ferskate ûnderwurpen folken en stifte in ryk yn Midden-Jeropa, mei as machtssintrum de Romeinske provinsje Pannoanje (no Hongarije). Syn ryk rûn fan de Kaukasus oant de Ryn. Attila stjoerde syn leger troch hiel Jeropa op rôftocht, faak yn it Romeinske Ryk en feroarsake oeral panyk. Yn 451 waard Attila lykwols yn in grutte slach ferslein troch in leger besteande út Romeinen, Franken en Fisigoaten ûnder lieding fan de Romeinske generaal Flavius Aetius. De slach wie yn Galje en wurdt de Slach op de Katalaunyske fjilden neamd. De Hunnen waarden net ferneatige en foelen út wraak Rome oan, mar wierskynlik fanwege in sykte yn syn leger moast Atilla ôfheakje .

Ein fan de Hunnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Attila rûn de macht fan de Hunnen hurd werom. Yn de Slach oan de Nadao waarden de Hunnen ferslein troch in alliânsje fan Gepiden en Ostrogoatyske stammen. Dêrnei swalken de Hunnen troch Jeropa. Guon lutsen harren werom nei Aziatyske steppen, mar it meastepart bleau yn Jeropa hingjen, paste har oan en gie op yn de Jeropeeske befolking.

Literatuerferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hermann Schreiber, De Hunnen, Het volk van Attila, de gesel Gods, Amsterdam/Brussel-1976.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]