[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hermann Burmeister

Ut Wikipedy
Hermann Burmeister
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karl Hermann Konrad Burmeister
nasjonaliteit Prusysk
Argentynsk
berne 15 jannewaris 1807
berteplak Stralsund (Prusen)
stoarn 2 maaie 1892
stjerplak Buenos Aires (Argentynje)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt biolooch
aktyf as botanikus, soölooch, ornitolooch,
entomolooch, herpetolooch,
publisist
jierren aktyf 18291892
bekendste
  wurk(en)
De Insectorum Sysemate Naturali
Handbuch der Entomologie

Hermann Burmeister (folút: Karl Hermann Konrad Burmeister; Stralsund, 15 jannewaris 1807 - Buenos Aires, 2 maaie 1892) wie in Prusysk ûntdekkingsreizger, natoerûndersiker, geograaf, entomolooch, ornitolooch, soölooch, herpetolooch, botanikus, paleöntolooch en meteorolooch. Hy ûndersocht de natoer fan Súd-Amearika en rjochte yn Argentynje in ynstitút foar natoerwittenskippen op dat ynternasjonaal ferneamd waard.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burmeister waard yn 1807 berne yn Stralsund (tsjintwurdich yn Meklenburch-Foarpommeren), dat doe ta Prusen hearde. Hy wie fan 1837 oant 1861 heechlearaar soölogy oan 'e Martin Luther Universiteit fan Halle-Wittenberch. Yn it Revolúsjejier 1848 waard er troch de stêd Halle as fertsjintwurdiger nei it Frankfurter Parlemint stjoerd. Neitiid siet er foar it stedsje Leibnitz yn 'e Prusyske Lândei.

Burmeister makke ferskate lange reizen nei Súd-Amearika, yn 1850-1852 nei Brazylje, en yn 1857-1860 nei Argentynje. Beide kearen kaam er werom yn Prusen mei grutte kolleksjes bisten dy't doe foar de wittenskip noch ûnbekend wiene. Yn 1861 fêstige er him permanint yn Súd-Amearika en naam er de Argentynske nasjonaliteit oan. Hy stifte it saneamde Ynstitút oan it Natoerwittenskiplik Museum Bernardino Rivadavia yn Buenos Aires. Dêrnjonken stied er yn Argentynje ek oan it haad fan 'e Wittenskiplike Akademy fan 'e Nasjonale Universiteit fan Córdoba.

Behalven as soölooch wie Burmeister ek aktyf op it mêd fan ornitology, entomology, paleöntology en botany, en as herpetolooch beskreau er in grut tal nije soarten amfibyen en reptilen. Syn standertauteursôfkoarting op it mêd fan botany is "Burmeist.", wêrmei't oanjûn wurdt dat hy de wittenskiplike beskriuwer wie. Los fan syn wurk as biolooch bejoech Burmeister him ek op it terrein fan 'e geografy en de meteorology. Yn 1892 kaam er yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires te ferstjerren.

Burmeister liet in mânsk oeuvre nei mei grut ferskaat oan ûnderwerpen. Syn opfolger as direkteur fan it Museo Argentino de Ciencias Naturales Bernardino Rivadavia yn Buenos Aires, Carlos Berg (1843-1902) komt yn syn biografy (1895) op teminsten 280 wurken. In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.